Wiltsje fan Peazens
Appearance
Wiltsje fan Peazens is in trio dat Frysktalige folkmuzyk spilet. De foaroanman fan it trio, Hylke Tromp, spilet fioele en fersoarget it grutste part fan de sang. Jan Willem Bleijswijk spilet gitaar en Joop de Jong akkordeon.
It trio jout geregeld kofjekonserten. De leden sjogge Wiltsje fan Peazens as leafhawwerij en wolle dêrom gjin muzyk op kompaktskiif útbringe, binne sunich mei publisiteit en sinnich yn it kiezen fan harren optredens. Ien fan harren fêste optredens is altiten op de boekemerk yn Drachten, de ôfsluting fan de jierlikse sutelaksje fan de stifting It Fryske Boek.
De namme "Wiltsje fan Peazens" komt fan in personaazje út it boek Siderius de Granaet fan Abe Brouwer.