Sake Roodbergen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Sake P. Roodbergen (Grou, 1945) is in Frysk learaar, natoerbeskermer en -publisist.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant april 2001 joech Roodbergen Ingelsk en biologyles oan de Mafû yn Akkrum. Hy wie ien fan de gearstallers fan de biologymetoade De Ogen van de Natuur. Fan 1972 - 1997 wie er bestjoerslid fan de Fûgelwacht Akkrum en deistich bestjoerslid fan it Bûn fan Fryske Fûgel(beskermings)wachten (BFVW) fan 1988 - 2001. Hy hie yn dy perioade it ljipaaisykjen yn syn portefúlje. Fan maart 1994 oant april 2008 wie Roodbergen ek de haadredakteur fan it BFVW-tydskrift Vanellus. Yn dy perioade waard de Europeeske Habitat- en Fûgelrjochtline (april 1979) ymplemintearre en kaam yn Nederlân de Flora- en Faunawet (april 2002) ta stân. Roodbergen siet foar it BFVW yn it provinsjaal greidefûgelplatfoarm en wie lid fan de Provinsjale Kommisje Behear Lânbougrûnen (PCBL) dêr't de grûnslach lein waard foar agrarysk natoerbehear.

Roodbergen skreau - soms mei oaren - inkele boeken oer ljipaaisykjen en de relaasje mei beskerming en edukaasje. Hy basearret syn fyzjes oangeande natoerbelibbing en it brûken fan de natoer op de útgongspunten fan de International Union for the Protection of Nature and Natural Resources (IUCN) yn Genève (1947). Yn 1992 skriuwt er as deistich bestjoerslid fan de BFVW in saneamde Fleksibilisearringsregeling foar it fêststellen fan de slutingsdatum fan it ljipaaisykjen. Dêrmei wurdt de slutingsdatum ôfhinklik fan de ûntwikkeling fan it foarjier; útgongspunt is de fyndatum fan it earste ljipaai yn de tsiende gemeente yn Fryslân. De regeling wurdt troch de Algemiene Ledegearkomste fan 1992 oannommen. Tegearre mei de Twintener Bennie J. Oolbekkink stelt er in list op fan de fynst fan it earste lanlike ljipaai fan 1900 ôf. Dy list wurdt brûkt as fûnemint yn in artikel yn it Ingelsktalige fûgeltydskrift Ardea. De skriuwers binne Christiaan Both, Theunis Piersma en Roodbergen. De titel wurdt Climatic change explains much of the 20th century advance in laying data of Northern Lapwing Vanellus vanellus in the Netherlands [1]. Roodbergen wurket mei oan it Frysk Basiswurdboek foar it basis- en fuortset ûnderwiis, dy't gearstald wurdt troch Geart Vledder en Tetty de Jager-de Boer. Roodbergen nimt 'de biology' foar syn rekken. Dizze Afûk-útjefte ferskynt yn 1998.

Yn 1999 ferskynt it troch him skreaune jubilieumboek B.F.V.W. in vogelvlucht en perspectief oer de histoarje fan goed fyftich jier BFVW. Tegearre mei Johan Dijkstra, foarsitter fan 'Vanellus vanellus, vereniging van weidevogelbeheerders' skriuwt Roodbergen it haadstik Kievitseieren zoeken; van 'ljipaaisykjen' naar weidevogelbeheer yn it boek Beter één vogel in de hand..., mei as ûndertitel ‘vogelvangst, valkerij en eieren zoeken in ambacht, cultuurhistorie en wetenschap’, dat, foarsjoen fan in wiidweidige literatuerlist, yn 2008 útkaam by de KNNV Utjouwerij yn Zeist. Yn 2009 ferskynt syn boek Ljippen, lân en leafde, dat de technyk fan it aaisykjen beljochtet en dêrnjonken yngiet op in tal wichtige maatskiplike aspekten fan dat ferskynsel.

Roodbergen ferliet yn 1997 it bestjoer fan de Akkrumer fûgelwacht en krige by it ôfskie de Sulveren Ljip. By syn ôfskied fan it haadbestjoer fan de BFVW yn 2001 waard him troch foarsitter Anne Osinga fan Gytsjerk de Gouden Ljip opspjelde, de heechste ûnderskieding binnen de BFVW. Yn april 2006 waard Roodbergen beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau fanwegen syn ynset foar it behâlden fan it ljipaaisykjen en de dêrby hearrende beskerming. Hy bleau oant april 2008 haadredakteur fan it BFVW-tydskrift Vanellus. Ien fan syn lêste dieden wie it -tegearre mei de Stichting Historic Future- gearstallen fan in DVD-Rom fan de ynhâld fan alle jiergongen fan it BFVW-tiidskrift Vanellus fanôf it begjin yn 1948 oant en mei it jier 2008. De DVD waard oanbean oan it haadbestjoer fan de BFVW by gelegenheid fan it sechstichjierrich bestean.

Syn ynteresse yn sawol de Fryske taal as de Fryske natoer meitsje dat Roodbergen meidocht yn de wurkgroepen dy't de Fryske nammen foar groepen fan organismen op 'e nij fêststelle. It giet om de nammen fan fûgels (2004), libellen (2007), wylde floara (2009), fisken (2012), in seleksje fan de nachtflinters (2015), en flearmûzen (2016). Nei syn ôfskied fan it haadbestjoer fan de BFVW begjint Roodbergen oan de produksje fan in tal Frysktalige natoergidsen, boekjes mei allegearre itselde formaat (18 X 10,5 cm) en itselde 'format'. Doelgroep fan de rige is benammen ek it basis- en fuortset ûnderwiis. Yn 2005 ferskynt Fûgels, yn 2013 folget Blommen, oer de wylde floara fan Fryslân. It binne oersettingen fan oarspronklik Dútsktalige determinearboekjes, mar beide wurde troch Roodbergen alhiel nei de Fryske sitewaasje bewurke en werskreaun. Beide wurde útjûn by Utjouwerij Bornmeer op De Gordyk. Op 30 maart 2015 komt Deiflinters en Libellen út, oer alle West-Europeeske soarten fan dy beide opfallende ynsektegroepen. Dizze natoergids komt út by Utjouwerij Wijdemeer yn Ljouwert. Yn maart 2016 ferskynt by deselde útjouwer de Frysktalige natoergids Nachtflinters oer in seleksje fan de grutte groep -yn Fryslân 678 soarten- fan de makro-nachtflinters. Fierwei de measte foto's wurde levere troch Jaap Schelvis fan Ljouwert. De gids wurdt op 19 maart yn Earnewâld presintearre. Op 23 septimber 2017, tafalligerwize de Europeeske Dei fan de Poddestoel, ferskynt Poddestuollen. Gosse Haga, foarsitter fan de Paddenstoelen Werkgroep Friesland ferlient help by it gearstallen fan de list fan de op te nimmen soarten en soarget, tegearre mei Marten en Immie Hunneman, Frans Ozinga en Jaap Veneboer, foar de foto's. Dizze fyfde Frysktalige natoergids wurdt presintearre foarôfgeande oan de ekskurzje fan de poddestuollewurkgroep yn de Reahelster Mieden by Bûtenpost. Dizze trije lêste dieltsjes binne gjin oersettingen, mar oarspronklike, Frysktalige útjeften. Foar 2018 wurdt sa'n natoergids oer de Kevers (Tuorren) op de rol. Peter Koomen, de konservator fan it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert, wurdt no haadbegelieder. De digitalisearre (!) listen mei oanbrochte kevers by it museum meitsje it opstellen fan de groslist fan op te nimmen soarten makliker. Foto's wurde levere troch in groep fan minsken. Theodoor Heijerman, keverspesjalist en wurksum oan de WUR yn Wageningen, Tim Faasen en Hans Jonkman soargje foar in soad plaatsjes, mar Petra Tenge fan Appelskea leveret de measte (sjoch har eigen webside: www.mijninsectenwereld.nl). Tuskentroch komt yn 2010 -ek wer yn it Frysk- in 'aventoereboek oer moetingen mei libellen' fan Roodbergen út, faak belibbe mei syn freon Rin Bouma út Twizel. De titel is Libellen yn Fryslân (Utjouwerij Bornmeer, De Gordyk). In selde type boek oer 'natoerbelibbing' komt út yn maart 2013. Dan is it ûnderwerp de 67 plevierachtigen (Charadriidae) op de wrâld. Mei in fiifentweintichtal auteurs út Roodbergen syn eardere BFVW/Vanellus-netwurk wurdt in boek gearstald mei foto's en teksten oer likernôch de helt fan dizze fûgelgroep. 'Amateurs', lykas hysels, Toon van Aert, Sytze Bottema, Rintsje Bouma, Harvey van Diek, Adriaan Dijksen, Frans Freijee, Nico de Haan, Harry Horn, Tom Jager, Joop Jukema, Franciscus Koopman, Lesley van Loo, Tjaart Martens, Boena van Noorden, Gerard Ouweneel, Otto Plantema, Jacques de Raad, Janny Werkhoven, Wim Wijering en Otte W.Zijlstra, ek de wittenskippers Albert Beintema, Theunis Piersma, Eddy Wymenga, Onno de Bruijn en de Ingelske RSPB-meiwurker Robert Sheldon (de Steppekievit) wurkje mei. Roodbergen nimt sels foar syn ferantwurding de beskriuwing fan syn moeting mei it Dûkelmantsje (Strandplevier) op Sardinië, de Maskerljip yn Austraalje, de Killdeerplevier fan Noard-Amearika en -fansels- de Ljip. Oeral yn dit boek wurdt rynsk gebrûk makke fan it kolossale, profesjonele foto-argyf fan Jan van de Kam, dy't sels ek in bydrage skriuwt. Oan de finansiering fan dit projekt en de ferkeap fan it boek wurdt ek meiwurke troch Vogelbescherming Nederland yn Zeist, de 'tsjinstander' fan de BFVW yn de somtiden fûle diskusje oer it ljipaaisykjen. De titel fan dit Nederlânsktalige boek is Kieviten & Plevieren; Ljippen & Wilsters. It ferskynt by Utjouwerij Wijdemeer yn Ljouwert en wurdt op 1 maart 2013 presintearre tidens de jierlikse Algemiene Ledegearkomste fan de BFVW yn It Wiid by Earnewâld. Op 28 augustus 2014 ferskynt in resinsje fan dit boek yn it trijemoanlikse fûgelblêd 'het Vogeljaar', skreaun troch redaksjelid Rob A. Kole (RAK).

Foarjier 2014 wurket Roodbergen mei oan it boek Oogst, van de veenlandschappen dat makke wurdt troch Hilde E.A. Huizenga. It is it tredde diel yn in rige fan fjouwer boeken ûnder it mienskiplike motto 'Cultuurhistorie en bijna vergeten beheertechnieken voor opbrengst van erf en terrein', dy't de skriuwster makket op fersyk fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn de rige ferskynden earder Oogst van de zandgronden (2011) en Oogst van Rivieren en Kusten (2013). Yn 2016 ferskynde Oogst van het Heuvelland.

Yn maaie fan it jier 2014 leveret Roodbergen syn earste bydrage ôf foar it tiidskrift Fryslân Markant. It is in nije útjefte fan Utjouwerij Penn yn Ljouwert. Redakteurs binne Klaas Jansma -yn Fryslân bekend om syn ferslachjouwing fan it jierlikse skûtsjesilen- en Milja Roosjen. Fan dizze maaiemoanne fan 2014 ôf soarget Roodbergen foar in ferhaal oer de natoer, of in natoergebiet yn Fryslân as bydrage foar dizze trije of fjouwer kear yn it jier ferskinende 'glossy'. Fan 2019 ôf wurdt de redaksje foarme troch Martsje de Jong, Gerhild van Rooij, Cindy Postma en Sake P. Roodbergen.

Yn novimber 2014 wurdt yn It Wiid yn Earnewâld de Frysktalige app 'Fauna yn Fryslân' presintearre. Resultaat fan in inisjatyf fan de Provinsje Fryslân, Utjouwerij Wijdemeer (Louw Dijkstra) út Ljouwert en it Taalburo Popkema (Anne Tjerk Popkema) fan Grins. Naturalis Biodiversity Center yn Leiden fersoarget de technyske produksje en jout wittenskiplike ûndersteuning. De ynfolling wurdt realisearre yn gearwurking mei It Fryske Gea. Roodbergen fersoarget de biologyske ynhâld, makket de groslist fan de twahûndert bistesoarten (in kar út alle tsien biste-haadgroepen), soarget foar de foto's, skriuwt teksten en sprekt de soartteksten yn. Der wurde al daliks plannen makke foar in ferfolch, mar dan oer de Fryske floara.

Op 22 april 2015 wurdt Roodbergen frege troch âld-direkteur Emile Brugman fan de Uitgeverij Atlas-Contact yn Amsterdam/Antwerpen om in monografy te skriuwen mei as titel De kievit. Dat boek kin beskôge wurde as de opfolger fan de monografy oer dy greidefûgel fan Rinke Tolman út 1969. It is it tolfde diel fan in fûgel-rige dy't de útjouwerij oan it gearstallen is en wêryn al earder monografyen ferskynden oer de Rotgoes, Toerswel, Noardske falk, Ka, Skries, Koekoek, Protter, Mosk, Goudfink, Klyster, Markol en Sulvermiuw. Nei De kievit ferskine De Raaf en De Tapuit. Myn projekt fan De kievit krijt it karakter fan in twatalige simultaan-útjefte as Louw Dijkstra fan Utjouwerij Wijdemeer oanjout dat hy graach de Frysktalige pendant útbringe wol. Dat idee krijt it kontraktueel fêstleine fiat fan Atlas-Contact. Op 23 maart 2018 wurdt de Ljip presintearre by boekhannel Van der Velde yn Snits. [2]Freark Smink hat as 'interviewer/presintator'' in haadrol yn dy presintaasje. Yn it Friesch Dagblad wurdt oandacht jûn oan it ferskinen fan De ljip.[3] Op 28 maaie ferskynt it boek De kievit by de Amsterdamske ütjouwerij Atlas-Contact, de tolfde monografy yn de rige, de twadde oer in greidefûgel, en de earste dy't skreaun is troch in Fryske auteur. BNN/VARA Vroege Vogels besteget op snein 10 juny oandacht oan it ferskinen fan De kievit. De Ljouwerter Krante jout op 20 juny oandacht oan it útkommen fan sawol 'de Ljip' as 'De kievit'; de skriuwer is Cor de Boer. Op 23/24 juny ferskynt yn NRC Handelsblad in resinsje oer De kievit dy't skreaun is troch Nienke Beintema. Yn it deiblêd Trouw stiet op 17 july in ferhaal oer De kievit (en De zilvermeeuw) fan de hân fan Joop Bouma. Yn it earste nûmer fan it jier 2019 fan it kwartaaltydskrift De Levende Natuur -de 120e jiergong, nûmer 1- skriuwt de Fryske biolooch Eddy Wymenga in resinsje oer 'De kievit'. Wymenga wie ien fan de meiwurkers oan it boek 'Kieviten en Plevieren; Ljippen en Wilsters', fan 2013; hy beskriuwt dêryn de Sporenkievit.

Yn de hjerst fan 2017 makket de ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin yn Drachten (dhr. Jelle Bangma) in flyer oer de fiif oant dan ta ferskynde Frysktalige natoergidsen fan Roodbergen. De flyer wurdt oan alle Fryske basisskoallen en oan de learkrêften biology fan it fuortset ûnderwiis tastjoerd.

Op 24 maaie 2019 wurdt de sechsde Frysktalige natoergids Kevers presintearre. It earste eksimplaar wurdt op it Provinsjehûs yn Ljouwert troch Roodbergen oanbean oan de demissionêre deputearre (foar û.o. de natoer) Johannes Kramer (FNP). It Friesch Dagblad (Ruurd Walinga, 11 maaie), Omrop Fryslân (24 maaie) en de Leeuwarder Courant (Cor de Boer, 31 maaie) besteegje rynske oandacht oan it útkommen fan Kevers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ardea 93: s. 79-88
  2. Boek in Fries en Nederlands over 'heraut van maityd', Frysk Deiblêd, 24 maart 2018, s.24
  3. Verschoppelingen van de schepping in de spotlight yn: Frysk Deiblêd, 11 maaie 2019