Springe nei ynhâld

Sulveren Ljip (fûgelwacht)

Ut Wikipedy

De Sulveren Ljip is in priis dy't útrikt wurdt troch it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (de BFVW) oan minsken dy't har tige fertsjinstlik makke hawwe foar de Fûgelwacht binnen in ôfdieling. De winners fan in Sulveren Ljip wurde meast ek earelid fan de bûnsôfdieling.

Oare Fûgelwachtprizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De priis foar it finen fan it earste ljipaai hjit ek de Sulveren Ljip (aaisykje).
  • De Gouden Ljip is in ûnderskieding foar útsûnderlike fertsjinsten foar de BFVW. Gouden Ljip-dragers binne de eareleden fan it Bûn.