Goudfink
| goudfink | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pyrrhula pyrrhula | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De goudfink (wittenskiplike namme Pyrrhula pyrrhula) is in sjongfûgel út de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mantsjes binne maklik te werkennen oan 'e felle kleuren. It boarst en de búk binne rôze-read oant helderread. Hy hat in pikswarte mûtse dy't oant ûnder de eagen rint. De rêch is blau-griis, de stút is wyt en de sturt is swart. Syn wjukken binne swart mei in brede ljochtgrize bân, dy't goed te sjen is as de fûgel fljocht.
Wyfkes falle minder op en it boarst en de búk binne yn stee fan read bêzjebrún oant griisbrún mei in rôze gloed. Hja hat ek in swarte mûtse mar de rêch is mear brúngriis as dy fan it mantsje. Lykas it mantsje hat hja ek in wytgrize bân oer de wjuk en de opfallende wite stút.

Juvenilen lykje it measte op it wyfke, mar se ha noch gjin swarte mûtse en de kop is hielendal brúngriis. It hiele fearrekleed is doffer en minder skerp ôftekene as by folwoeksen fûgels. De ljochte bân op 'e wjukken is oanwêzich, mar bêzje. Nei de earste ferfearring krije se de swarte mûtse en krije mantsjes it reade boarst.
De goudvink feroaret net sa bot fan kleur tusken de seizoenen as guon oare fûgelsoarten. Yn 'e maitiid lykje de kleuren faak wat intensiver en frisser. It read fan it mantsje liket dan noch feller om in partner oan te lûken.Winterdeis binne de kleuren wat minder fel troch de tsjokkere dûnslaach dy't se waarm hâldt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudfink komt yn hiel Jeropa en yn West-, Midden-en East-Aazje foar. Der binne 9 of 10 ûndersoarten:
- Pyrrhula pyrrhula pileata: Britske Eilannen
- Pyrrhula pyrrhula pyrrhula: ('Noardske goudfink'), Noard-, East-, Súdeast-Jeropa, Sibearje
- Pyrrhula pyrrhula europaea: West-Jeropa, ek yn Nederlân
- Pyrrhula pyrrhula iberiae: Súdwest-Frankryk, Noard-Spanje, Noard-Portegal
- Pyrrhula pyrrhula rossikowi: Kaukasus, Noardeast-Turkije
- Pyrrhula pyrrhula caspica: Azerbeidzjan, Noarwest-Iran
- Pyrrhula pyrrhula cineracea: ('grize goudfink'), ek wol as soarte beskôge, Sibearje, Noardeast-Sina
- Pyrrhula pyrrhula cassini: East-Sibearje
- Pyrrhula pyrrhula griseiventris: Japan, Koerilen
- Pyrrhula pyrrhula rosacea: Sachalin
Yn Nederlân brieden sa'n 10.000 pearen (2018-2020) (fan de ûndersoarte europaea), de measte op de Feluwe, yn Drinte en de Sudeasthoek fan Fryslân. Ek komme der sa'n 20.000 wintergasten, meast fan 'e ûndersoarte pyrrhula. De populaasjes yn Nederlân skommelje regionaal, mar oer it generaal bliuwt de populaasje stabyl of nimme de oantallen ta.[1]
Goudfinken hâlde fan boskrânen mei strewellen, parken en grutte âlde tunen. In tichte ûndergroei mei strûken is wichtich foar it bouwen fan nêsten en as skûlplak. Se hawwe in foarkar foar mingd bosk mei sawol leafbeammen as nullebeammen (fral jonge spjirrebeammen). Om se yn tunen te krijen binne strûken mei beien of sied lykas de jeneverbei, hulsebeammen en krystbeammen geskikt.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De briedtiid rint fan ein april oant yn july. In pearke hat meastentiids twa, en somtiden trije lechsels yn 't jier. It wyfke bout it nêst, dat faak op sa'n 1 oant 2 meter hichte yn in tichte strûk of nullebeam ferside sit. It is makke fan fine tûkjes en moas. It wyfke leit 4 oant 5 ljochtblauwe oant bleekblauwe aaien mei lytse donkerbrune stipkes oan 'e tsjokke kant en briedt de aaien ek út. Dat duorret likernôch 12 oant 14 dagen. Wylst it wyfke briedt, bringt it mantsje har iten. Sadree't de jongen út it aai binne, fuorje beide âlden de jongen mei ynsekten en sied. De jongen bliuwe sa'n 12 oant 18 dagen op it nêst foardat se útfleane. Dêrnei wurde se noch 2 oant 3 wiken troch de âlden fersoarge foardat se hielendal selsstannich binne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudfink wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De totale populaasje wurdt op sa'n 35 oant 70 miljoen folwoeksen fûgels rûsd, mar der wurdt tocht dat de oantallen tebekrinne. Yn Nederlân stiet de fûgel net op de Nederlânske Reade List fan briedfûgels. De oantallen yn Nederlân wurde as stabyl oant licht tanimmend beöardiele. As lânseigen fûgel is de goudfink yn Nederlân folslein beskerme ûnder de Omjouwingswet. It fangen fan wylde goudfinken is strang ferbean.
De wichtichste bedrigingen foar de fûgel binne de ferneatiging fan houtsingels, hagen en tichte strûken, it omfoarmjen fan mingd bosk nei produksjebosk, it weiheljen fan tichte ûndergroei, predaasje troch katten en lange perioades fan drûchte wêrtrocht't de siedfoarming net goed op gong komt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goudfink
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan

