Geert Vledder
Appearance
Geart Hendriks Vledder (Eagmaryp, 1926 - Grou, 2014) wie direkteur fan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy sûnt 1965. Dêrfoar wie er ûnderwizer yn Nijhoarne en Grou (1950-1965, sûnt 1956 as skoalhaad). Hy skreau mei syn frou Janny van der Knoop, dy't ek selsstannich berneboeken yn de Fryske proefstavering skreau, Fryske learboeken foar it leger ûnderwiis. Syn krewearjen foar in oare Fryske stavering, de saneamde proefstavering, brocht him in soad krityk, mar yn ûnderwiisfermniddens ek in protte wurdearring. Fan 1966-1974 wied er riedslid en sûnt 1967 wethâlder (oant 1974).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|