Toerswel
toerswel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
sittend fleanend | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apus apus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De toerswel (Apus apus; yn 't Frysk ek: gierswel, gûlswel, piipswel, piperswel, tongerswel) is in fûgel út de famylje fan de toerswelfûgels. De 16,5 sm grutte fûgel is hast hielendal swart. By syn kiel hat er wat wite fearren mar dat is faak net te sjen. De fûgels briede yn hiel Jeropa en oerwinterje yn it suden fan Afrika. Hoewol de toerswel in protte op de swellen liket stiet er der taksanomysk in hiel ein fanôf.
Yn de loft
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toerswellen sjogge jo hast allinnich yn de loft at se rûnfleane, se binne te werkennen oan harren silhûet mei de smelle lange wjukken en de foarkefoarmige sturt. Toerswellen hawwe hiele lytse poatsjes dy't net brûkber binne om te rinnen. It latynske Apus betsjut dan ek sûnder poaten. In toerswel dy't op de grûn bedarret kin út himsels hast net wer op de wjukken komme. De poatsjes fan de toerswel kin er wol brûke om him oan muorren en rotsen fest te hâlden.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toerswel is in echte ynsekteniter. Syn iten fynt er wylst er troch de loft jachtet. Syn bek kin foar dat doel in hiel ein iepen. Ôfhinklik fan it waar en it plak dêr't de fûgels it bêste ynsekten fine kinne, fleane se soms wol hûnderten kilometers fan harren koloanje om iten te sykjen. Foar harren jongen sammelje se wol in grut tal lytse ynsekten dy't se as in bal nei harren nêst bringe.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toerswel komt begjin maaie yn Fryslân. Se sykje dan harren nêst op, meast ûnder de pannen fan it dak fan âldere huzen. De 2-3 aaien wurde yn 18-20 dagen útbret. De jongen bliuwe dan noch sa'n 6 wiken op it nêst. De âlden soargje derfoar dat der iten komt. At de jongen útfleane kinne se harren selsstannich rêde en de hiele dei yn de loft bliuwe.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferwizing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Toersweleftige
- Toerswelfûgel
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda