Gertjan Verbeek

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Gertjan Verbeek
Basis ynformaasje
Namme Gertjan Verbeek
Berne 1 augustus 1962
Berteplak Dimter
Ploech AZ

Gertjan Verbeek (Dimter, 1 augustus 1962) is in Nederlânske fuotbaltrainer, fuotbalanalist en earder fuotballer. Hy wennet yn Jobbegea.

Wurkpaad as spiler[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas de measte fuotbaltrainers is Verbeek begûn as fuotballer. Yn syn aktive karriêre as fuotballer wie er ferdigener en spile hy by de amateurs foar Zuid Eshmarke, ATC '65 en Achilles '12. Dêrnei spile er fan 1984 oant 1994 foar Sportklup It Hearrenfean, útsein dat er yn it seizoen 1986/1987 ferhierd waard oan Herakles Almelo.

Verbeek hat by It Hearrenfean ûnder oare de earste en twadde promoasje nei de Earedifyzje mei makke, hy hat ien jier yn dy kompetysje spile (yn it seizoen 1990/1991). Yn 1993 behellet Verbeek mei SK It Hearrenfean de finale fan de KNFB-beker. Dizze wurdt mei 6-2 ferlearn fan Ajax.

Statistiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Perioade Klup Lân Kompetysje
1984-1986 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Difyzje
1986-1987 Herakles Almelo Nederlân Earste Difyzje
1987-1990 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Difyzje
1990-1991 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje
1991-1993 SK It Hearrenfean Nederlân Earste Difyzje
1993-1994 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje

Prestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Winner Neikompetysje: 1990, 1993 (SK It Hearrenfean)
  • Finalist KNFB-beker: 1993 (SK It Hearrenfean.

Wurkpaad as trainer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al sûnt 1986 wie Verbeek jeugdtrainer by It Hearrenfean. Nei't er ophâlden wie mei fuotbaljen waard er assistint-trainer fan Foppe de Haan. Fan 2002 oant 2004 wie er haadtrainer by Herakles. Under syn lieding kaam de klup beide seizoenen yn de neikompetysje, mar promovearre net nei de Earedifyzje.

Sûnt 1 juny 2004 is Gertjan Verbeek haadtrainer by Sportklup It Hearrenfean, dat nei it earste jier ûnder syn lieding meispile om de UEFA-kup. By It Hearrenfean hellet Verbeek alle jierren dat hy trainer is Jeropeesk fuotbal.

Yn desimber 2007 krijt Verbeek te hearren dat syn kontrakt net ferlinge wurd. Sadwaande moat hy oan 'e ein fan it seizoen 2007/2008 in nije wurkjouwer sykje. Op 7 april 2008 wurdt Verbeek presintearre as de nije trainer fan Feijenoord. Hy folget hjir Bert van Marwijk op dy't bûnstrainer fan it Nederlânske alvetal wurdt.

Al nei in heal jier, op 14 jannewaris 2009 wurdt Verbeek ûntslein by Feijenoord. Hy moat fuort neidat de spilersgroep oanjout net mear efter syn belied te stean. Ek syn assistint Wim Jansen en de technsysk direkteur fan de klup, Peter Bosz, gean fuort. Nettsjinsteande de minne resultaten is Verbeek tige populêr by it publyk fan Feijenoord.

Sûnt de simmer fan 2009 is Verbeek haadtrainer fan Herakles Almelo. De klup, dêr't er ek yn de perioade 2002-2004 haadtrainer wie. Op 22 april 2010 lei er syn wurk as haadtrainer by Herakles Almelo del en tekene er in kontrakt foar trije jier by AZ.

Statistiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Perioade Klup Lân Kompetysje Funksje
1994-2001 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje Assistint-trainer
2002-2004 Herakles Almelo Nederlân Earste Difyzje Haadtrainer
2004-2008 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje Haadtrainer
2008- jannewaris 2009 Feijenoord Nederlân Earedifyzje Haadtrainer
2009- 2010 Herakles Almelo Nederlân Earedifyzje Haadtrainer
2010- no AZ Nederlân Earedifyzje Haadtrainer

Prestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Finalist KNFB-beker: 1997 (SK It Hearrenfean; as assistint-trainer fan Foppe de Haan)
  • Neikompetysje: 2003, 2004 (Herakles Almelo)
  • Pleatsing UEFA Kup: 2005, 2006, 2007, 2008 (SK It Hearrenfean)