Arjen Terpstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Arjen Terpstra (Weidum, 27 july 1948) is in Frysk skriuwer en stjoerman op de grutte feart út Ferwert. Arjen Terpstra is de soan fan Anneke de Vries en skriuwer/sjoernalist Piter Terpstra (1919-2006)

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hikke en tein yn Weidum mar gie op syn tolfde nei in ynternaat yn Delfsyl. Mei de oplieding op de seafeartskoalle fan Skylge helle er it diploma 3e stjoermanen letter oan de Hegere Seefeartskoalle op Skylge ek de papieren foar stjoerman op de Grutte Feart. Doe't er 29 jier wie, begûn er oan de Universiteit fan Grins mei in stúdzje filosofy. Mei skriuwer/sjoernalist Klaas Jansma begûn er in parseburo. Fiif jier letter ûntwurp er in syljacht. De ûndernimming waard in súkses, dêrtroch krige er gau minder tiid foar syn stúdzje. Doe't nei fiif jier it buro útgroeid wie ta in ynternasjonaal parse- en reklameburo ûntwurp er in syljacht Wie ek direkteur fan in filmmaatskippij en in cd-bedriuw. Terpstra is aktyf op ûnderskate mêden fan publisiteitsmedia, fan syn Foreign Media Group, waard Terpstra presidint-kommisaris.

Yn 2008 ferskynde syn debútroman, De hearen fan Fryslân, by de Friese Pers Boekerij. It boek waard in bestseller en belibbe yn 2010 in in tredde printinge. Yn 2010 waard it boek bekroand mei de Rink van der Veldepriis. Yn 2010 ferskynde syn twadde boek, It Eagleton Segel. In boek fan sa'n 450 siden dat him yn Ierlân ôfspilet. Beide boeken waarden ek yn it Nederlânsk oerset.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008 - De hearen fan Fryslân (3e pr. 2010)
  • 2009 - De heren van Friesland (oersetting fan De hearen fan Fryslân)
  • 2010 - It Eagleton Segel
  • 2010 - Het Eagleton Zegel (oersetting fan It Eagleton Segel)

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1973 - In deserteur
  • 1980 - Ik bin de rjochter

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: