Springe nei ynhâld

Cor Jousma

Ut Wikipedy
Cor Jousma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cor Jousma
nasjonaliteit Nederlânsk
etnisiteit Frysk
wurkpaad
aktyf as Frysk beweger
reden
  bekendheid
brûken fan Fryske plaknammen
prizen Fear yn 'e Broek

Cor Jousma is in Fryske beweger út Feanwâlden.

Jousma kaam faak yn it nijs as wurdfierder en aksjefierder fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân. De Topografyske Wurkgroep is ûnderdiel fan de Jongfryske Mienskip.[1]

As lid fan de Fryske Beweging krewearre er yn de njoggentiger jierren mei súkses om by de PTT en de NS de offisjele Fryske plaknammen te brûken.[2] Yn 2001 begûn er in kettingaksje tsjin Nuon-wetter. Hy fûn as partikulier en gewoan ôfnimmer fan liedingwetter dat it haadkantoar net fan Ljouwert nei Apeldoorn ferhúzje moast, ek net yn ruil foar in kennissintrum. [3] Yn 2003 frege er as treinreigzer by it Antidiscriminatiebureau Fryslân NoordNed om maatregels tsjin de masjinisten te nimmen. [4] Guon masinisten wegeren om de Fryske stasjonsnammen om te roppen.

Yn 2010 socht er foar it Frysk Sintrum foar Doven en minhearrenden (FCDS) út hokker stappen dien binne om it Frysk erkend te krijen as twadde rykstaal yn Nederlân. It late ta it rapport Van warme woorden en gave gebaren of 'Fan waarme wurden en geve gebearten’'. Yn it ljocht dêrfan binne de mooglikheden yn kaart brocht om ek de Nederlânske gebeartetaal (NGT) erkend te krijen as offisjele minderheidstaal yn Nederlân. [5]

Yn 2018 wie Jousma yn Dokkum ynsprekker by in aksje fan boargergroep Sis Tsiis. Sis Tsiis is in aksjegroep dy't kampanje fiert foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal. De Dokkumer gearkomst wie bedoeld om mear omtinken foar Frysktalige berneboeken te krijen. Dêrby waarden struibrieven útdiele by steatekommitee besprekking taalsurvey: 'Taal yn Fryslân de folgjende generaasje'.[6]

Yn 1997 krige Jousma foar syn striid foar Fryske plaknammen de Fear yn 'e Broek

Yn 2015 rikte de Feriening Frysk Underwiis (FFU) him in eare-oarkonde út foar syn fertsjinsten yn de Topografyske Wurkgroep Fryslân as strider foar offisjeel Frysktalige toponimen. De FFU fûn dat dy striid it ûnderwiis yn de Fryske taal, kultuer en skiednis rekke. Troch it krewearjen foar Frysktalige doarps-, steds- en gemeentenammen kamen dy nammen net allinnich offisjeel op de kombuorden, op paadwizers en yn de oerheidsadministraasje telâne, mar likegoed op kaarten, yn atlassen, ensyklopedyen, wurdboeken, skoalboeken, digitale learmiddels en oare digitale media en yn kranten en tydskriften. Troch it offisjeel fêststellen fan Frysktalige toponimen bliuwe dy ek foar de takomst bewarre. Jousma levere sadwaande in tige belangrike bydrage oan it oerdragen fan in wichtich stik Frysk kultuergoed oan hjoeddeistige en takomstige generaasjes. At der somtiden in gong nei de rjochter foar nedich wie, lykas by de gemeente Súdwest-Fryslân. Dan stie Jousma altiten oan de basis fan de stikken dy’t dêrfoar opmakke en/of ynbrocht wurde moasten. De oarkonde waard útrikt op de jubileumgearkomste fan de Jongfryske Mienskip op it Hearrenfean. Der wie dy dei ek in oarkonde foar Bertus Jans Postma. [7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hollânsk boppe, Frysk derûnder, www.eblt, Europeesk Bureau Lytse Talen, 3 maaie 2013
  2. Fryske Beweging
  3. Kettingaksje tsjin Nuon-wetter, Omrop Fryslân 18 oktober 2001
  4. Masjinisten wegerje 'Hurdegaryp', Omrop Fryslân, 24 jannewaris 2003
  5. Themamiddag Meertaligheid en Gebarentaal, Doof. 12 maart 2010
  6. Webside Sis Tsiis
  7. Laudatio foar Cor Jousma, lofprizing foar syn striid foar offisjeel Frysktalige toponimen, útsprutsen op 20 novimber 2015 troch Tom Dykstra, foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis