Springe nei ynhâld

Frivius

Ut Wikipedy

Frivius wie in Frysk enerzjybedriuw dat tusken 2004 en 2012 bestie.

Sûnt it frijjaan fan de enerzjymerk kamen der in soad nije oanbieders fan enerzjy. De fergunninghâlder fan Frivius om enerzjy leverje te meien wie Eneco Retail B.V. Eneco Retail hie it haadkantoar yn Ljouwert en rjochte him op Fryske konsuminten. Enerzjybedriuw Eneco starte yn 2004 de dochterûndernimming ‘Frivius Energie’. Frivius Energie wurke fanút Dokkum en rjochte him op de Fryske stroommerk. Frivius levere sawol gas as elektrisiteit. Eneco bleau eigener fan it bedriuw en kocht de stroom yn foar de Frivius-klanten. Eneco hope sa klanten ôf te snobjen fan Nuon en Essent.

Feitlik wie der sprake fan in imagotrúk. It bedriuw moast in Frysk imago krije troch ûnder oare in pompeblêd yn it logo fan it bedriuw. Klanten moasten in goed gefoel krije troch lytsskaligens en Frysk pratende meiwurkers om sa de taal fan de klanten te sprekken. De klanteservice spruts dêrom ek Frysk. [1]

Yn de earste reklamekampanje spilen skûtsjesilen en fierljeppen in grutte rol. Frivius levere stroom fan 9 augustus 2004 ôf oan. [2] Amper fjouwer wiken nei de start waard de 250ste klant wolkom hjitten. Dat wie yn oerienstimming mei de lanlike trend dat lytsere enerzjybedriuwen mear yn trek wiene by de konsuminten as de grutten. [3] Nei 1 july 2007 levere Frivius oan alle klanten griene stroom dy ’t eins dus levere waard troch Eneco Retail.

Yn 2007 waard Frivius Enerzjy ûnderskaat mei de Fear yn 'e Broek foar it brûken fan Frysk.

Sûnt 1 maart 2012 bestiet de merknamme Frivius net mear, alle klanten binne oerset nei Eneco.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marketing voor ondernemers (8): spreek de taal van je klant!, Adformatie, 24 maart 2010
  2. Fries stroombedrijf gaat concurrentie aan met Nuon en Essent RTV_NOF, freed 23 july 2004
  3. Al 1250 klanten foar Frivius, Omrop Fryslân, 23 septimber 2004