Empire of the Sun (film)

Ut Wikipedy
Empire of the Sun
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Spielberg
produsint Steven Spielberg
Kathleen Kennedy
Frank Marshall
útfierend
   produsint
Robert Shapiro
senario Tom Stoppard
basearre op de roman fan J.G. Ballard
kamerarezjy Allen Daviau
muzyk John Williams
filmstudio Amblin Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Christian Bale
John Malkovich
byrollen Miranda Richardson
Nigel Havers
Joe Pantoliano
Leslie Phillips
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 desimber 1987
foarm langspylfilm
sjenre oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Japansk en Sineesk)
spyltiid 154 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $66,7 miljoen
prizen 3 × BAFTA

Empire of the Sun is in Amerikaanske coming-of-age- en oarlochsfilm út 1987 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen in tige jonge Christian Bale en John Malkovich. De film is basearre op 'e semy-autobiografyske roman mei deselde namme fan J.G. Ballard. De titel betsjut "Ryk fan 'e Sinne", in ferwizing nei Japan, dat wol it "Lân fan 'e Rizende Sinne" neamd wurdt. It ferhaal folget Jamie (letter Jim) Graham, in Britske jonge fan tolve jier dy't mei syn rike âldelju yn Sjanghai wennet as de Twadde Wrâldoarloch útbrekt. Ferskate jierren liket de oarloch gjin fet op harren bestean te krijen, oant it Feriene Keninkryk nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor mei Japan yn oarloch rekket. By de dêrtroch ûntsteande gaos rekket Jamie skaat fan syn âlden. Hy is dêrnei op himsels oanwiisd om te oerlibjen en bedarret lang om let yn in jappekamp. Neffens Spielberg giet de film benammen oer it ferlies fan ûnskuld. Empire of the Sun krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar flopte yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film wûn trije BAFTA's en waard nominearre foar seis Oscars, twa Golden Globes (wêrûnder de priis foar bêste dramafilm) en ien Grammy Award.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1941 wennet de tolvejierrige Jamie Graham mei syn rike Britske âlden John en Mary yn 'e Ynternasjonale Delsetting fan Sjanghai. Jamie is in bedoarn jonkje sûnder respekt foar it (Sineeske) tsjinstfolk en sûnder begryp fan wat wol en net talitber is. Hy is sljocht nei fleantugen en syn oan obsesje grinzgjende fassinaasje foar sokke masinen bringt him ferskate kearen yn 'e swierrichheden. Wylst om harren hinne de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch hiel Sina yn ûntstjoer bringt en oan 'e oare kant fan 'e wrâld, yn Jeropa, harren heitelân yn 'e earste jierren fan 'e Twadde Wrâldoarloch foar syn fuortbestean fjochtet tsjin nazy-Dútslân, liket de oarloch alhiel by de Britske mienskip yn Sjanghai lâns te gean. Tsientûzenen flechtlingen fan it Sineeske plattelân sykje yn 'e stêd in feilich hinnekommen, mar de Britten ride yn ferklaaide tastân yn har limûsines mei sjauffeur tusken de kloften folk troch om nei in kostumearre feest ta.

It wurdt pas mienen as de Japanners op 7 desimber 1941 harren oanfal op Pearl Harbor útfiere en dêrtroch yn oarloch reitsje mei de Feriene Steaten. Neitiid ferklearret ek it Feriene Keninkryk de oarloch oan Japan, wat de ein betsjut fan it kalme bestean yn 'e Ynternasjonale Delsetting fan Sjanghai. Jamie sjocht noch altyd de earnst fan 'e sitewaasje net yn, mar syn âlden besykje mei him nei de haven te ûntkommen yn 'e hope dat se dêr in boat nei Hongkong fine kinne. It is lykwols gaos yn 'e stêd en as se twongen binne om 'e auto efter te litten, rekket Jamie syn heit yn it gedrang by Jamie en syn mem wei. Syn mem hjit him noch sa har hân net los te litten, mar as Jamie by fersin in boartersguodfleantúchke falle lit, docht er dat dochs om it ding wer opsykje te kinnen. Syn mem wurdt troch de minskemassa meifierd en Jamie bliuwt allinnich efter.

Neitiid siket Jamie it paad werom nei de filla fan syn âlden yn 'e Ynternasjonale Delsetting, dêr't al in oansizzing op 'e foardoar plakt is wêryn't melding makke wurdt fan 'e ynbeslachname fan 'e wente troch de Keizerlike Oerheid fan Japan. It hûs blykt al plondere te wêzen, en wylst Jamie der ferbliuwt, komme leden fan it tsjinstfolk del om in diel fan 'e húsrie te stellen. As Jamie dêr wat fan seit en ferwachtet dat se dwaan sille wat er harren hjit, mei't er nettsjinsteande alles dat er belibbe hat noch altyd net foar it ferstân hat dat de ferhâldings duorjend feroare binne, kriget er ynstee in klap yn it gesicht. Hy bliuwt allinne yn it lege hûs efter, dêr't er himsels yn libben hâldt mei it bytsje iten dat noch foarhâns is. Wannear't dat op is en de honger begjint te stekken, pakt er syn fyts en giet er de stêd yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jamie kriget foar it ferstân dat de oare Westerlingen yn Sjanghai troch de Japanners oppakt en nei in ynternearringskamp brocht binne. Hoe't de behanneling dêr is, kin him neat skele; it wichtichste is dat de lju dêr iten krije. Dat, Jamie besiket him oan 'e Japanners oer te jaan. Mar om't er mar sa'n jonkje is dat dúdlik gjin inkele bedriging foar de Japanske oerhearsking fan Sjanghai ynhâldt, hawwe de Japanners folle wichtiger soargen. Hy wurdt dêrom kear op kear straal negearre. As er him foar de safolste kear besiket oer te jaan, wurdt syn fyts stellen. Neitiid wurdt er efterfolge troch in Sineeske strjitjonge, dy't, as er him op 't langelêst te pakken kriget, Jamie syn skuon stelt. Ear't de jonge him slimmer tenei komme kin, flechtet Jamie blynseach in strjitte oer, dêr't er op in hier nei oanriden wurdt troch Basie en Frank, in pear Amerikaanske ritselders. Basie jeit de Sineeske jonge fuort en feroaret Jamie syn namme yn Jim ("in nije namme foar in nij bestean").

Basie jout Jim in waarm miel en in bêd, mar de oare deis besiket er him te ferkeapjen. As dat net slagget, is er fan doel en lit Jim efter op 'e dyk, mar Jim biedt oan om him en Frank nei de Ynternasjonale Delsetting te lieden om 'e leechsteande filla's dêre te plonderjen. As se by de filla fan Jim syn âlden arrivearje, baarne dêre alle ljochten. Jim giet der fuortendaliks fan út dat syn âldelju wer thúskommen binne en draaft al roppend nei de foardoar, dy't lykwols iependien wurdt troch in Japanner. It docht bliken dat it hûs no bewenne wurdt troch Japanske troepen, en Jim wurdt yn 'e mande mei Basie en Frank finzen nommen nei't de beide mannen troch de Japanners flink mishannele binne. Se bedarje yn it Boargerlik Gearkomstesintrum Lunghua, dêr't se dagenlang yn primitive omstannichheden finzen bliuwe, foar't se úteinlik trochstjoerd wurde nei it jappekamp yn Suzhou. Dêr wurde de finzenen ynset foar twangarbeid om in lâningsbaan oan te lizzen foar in nij Japansk militêr fleanfjild.

Op dat punt makket de film in sprong fan trije en in heal jier foarút. Hy giet fierder yn 'e simmer fan 1945, as de Twadde Wrâldoarloch yn Aazje en Oseaanje op syn ein rint. Jim hat him tsjin dy tiid alhiel oanpast oan it libben yn it jappekamp, dêr't er, dúdlik ûnder ynfloed fan Basie, in súksesfol klandestyn ruilhannelsnetwurk opset hat. Dêr binne net inkeld de finzenen by belutsen, mar ek de Japanske kampkommandant, sersjant Nagata, foar wa't Jim soarget dat de skuon poetst wurde yn ruil foar in stikje sjippe. Nettsjinsteande de terreur fan 'e Japanske kampbewekkers en de minne libbensomstannichheden yn it kamp identifisearret Jim him foar in part mei de Japanners fanwegen harren moed en de prachtige Japanske fleanmasinen op it njonken it kamp leine fleanfjild. Troch de ôffreding fan stikeltrie hinne slút er freonskip mei in Japanske jonge fan syn jierren, dy't de soan fan ien fan 'e piloaten is.

Rawlins, in Britske dokter dy't de klinyk fan it kamp runt, is in soarte fan surrogaatheit foar Jim wurden, dy't him û.o. les yn it Latyn jout. Frou Victor, dy't mei har man yn deselde barak sliept as hy, is foar him op betiizjende wize oan 'e iene kant in surrogaatmem en oan 'e oare kant in lustobjekt. Jim bringt ek in protte tiid troch by Basie, dy't mei Frank en in groep Amerikaanske kriichsfinzenen yn in aparte barak libbet. Dêr hearsket in hiel oare kultuer as yn 'e Britske barakken, dy't Jim folle mear oansprekt. Underwilens tinkt Jim goed om 'e oare finzenen. As it mei de sûnens fan frou Victor yn it neigean rekket, soarget hy derfoar dat se net foarbyparte wurdt mei iten. Op in jûn nei in bombardemint fan 'e Amerikaanske Loftmacht op it fleanfjild jout sersjant Nagata opdracht om by wize fan represaille alle ruten fan 'e finzenebarakken yn te slaan. Dokter Rawlins besiket foar te kommen dat soks ek by de klinyk dien wurdt en grypt dêrby de katana fan Nagata beet. Dêrfoar kriget er fan Nagata in bêst wan bruien, mar Jim, dy't Japansk leard hat te sprekken, slacht sels in pear ruten fan 'e klinyk yn en praat op 'e sersjant yn oant er him kriget safier kriget dat er de dokter fierder gewurde lit.

Jim wol graach syn yntrek nimme yn 'e Amerikaanske barak. Basie, dy't dêr foar master opslacht, seit dat er dat tastean sil as Jim oare kant it stikeltrie in pear strûpen set foar fazanten. Wat er Jim net fertelt, is dat der mank de Amerikanen ûnienichheid bestiet oer de fraach oft de Japanners by it stikeltrie lâns lânminen lein hawwe. Basie tinkt fan net en wol Jim syn libben dêr wol foar op it spul sette. Aldergeloks blykt Basie gelyk te hawwen. Jim wurdt lykwols op in hier nei trappearre troch in Japanske kampbewekker, en ûntkomt inkeld trochdat syn maat, de Japanske jonge, dy't sjocht wat der geande is, de bewekker op in krúsjaal momint ôfliedt. Neitiid lûkt Jim by de Amerikanen yn. Letter trochsykje de Japanners de Amerikaanske barak en treffe se sjippe, dy't foar de bewekkers bedoeld is, oan yn it besit fan Basie. Dêrom wurdt Basie wer flink mishannele, sadat er in skoft yn 'e klinyk leit te opbetterjen. Hy jout Jim opdracht en tink om syn eigendommen. De oare Amerikanen binne lykwols grutter en sterker as Jim, dat al Basie syn guod giet ferlern. Omreden fan dat falen ferstjit Basie nei syn weromkear Jim út 'e Amerikaanske barak.

Jim sliept dy nachts bûtendoar, en by moarnsdage is er troch it stikeltrie tsjûge fan 'e rituele risselwaasje fan trije Japanske kamikazepiloaten. Hy is dêr sa fan ûnder de yndruk dat er harren tasjongt en foar harren saluëarret. By it opstiigjen fan 'e trije fleantugen wurdt de lêste lykwols daliks delsketten as it fleanfjild bombardearre wurdt troch in squadron Amerikaanske P-51 Mustangs. Fan identifikaasje mei de Japanners ferfalt Jim dan fuort yn it oare uterste fan identifikaasje mei de Amerikanen. Hy beklimt de ruïne fan in pagoade dy't binnen de ôffredings fan it kamp stiet, en jûchheit de Amerikaanske fleantugen dêrwei ta. As dokter Rawlins him gewaar wurdt, klimt er Jim efternei om 'e alhiel oerstjoere jonge yn feilichheid te bringen. Wannear't de dokter him meiskuort en oankrûpt, stoart Jim ynienen emosjoneel yn en fertelt er gûlend dat er him net mear tebinnenbringe kin hoe't syn heit en mem der útsjogge.

As resultaat fan it bombardemint, dat alle fasiliteiten by it fleanfjild ferrinnewearre hat, beslute de Japanners it kamp te evakuëarjen. Yn alle betizing ûntsnapt Basie tegearre mei in Amerikaanske kriichsfinzene, Dainty. It rekket Jim raar dat Basie him efterlitten hat. Hy hat lykwols net folle tiid om dêrom te treurjen, want de finzenen krije mar trije oeren om har op 'e ôfreis út it kamp ta te rieden. Wylst se geandefoets fierder it binnenlân yn sette, risselwearret Jim syn Japanske freon om syn libben foar syn heitelân op te offerjen. Hoewol't er noch mar in opslûpen jonge is en frijwol gjin ûnderfining hat as piloat, wurdt er yn dizze einfaze fan 'e oarloch ynset as kamikaze. Hy trochrint it ritueel fan ôfskie en klimt dan yn 'e lêste fleanmasine fan 'e basis. As de motor lykwols stûket en útgiet en it fleantúch dêrnei net mear starte wol, is de jonge der stikken fan.

De dochs al ferswakte finzenen marsjearje sûnder iten of drinken troch de wyldernis, en in protte fan harren beswike oan 'e ûntbearings. Frou Victor, de oare siken en de lytse bern ride efterop in iepen frachtwein, mar ûnderweis reitsje se menear Victor kwyt. Uteinlik arrivearje se yn in fuotbalstadion yn 'e neite fan Nantao, dêr't de Japanners op it sportfjild yn 'e iepen loft yn 't wylde wei in diel fan 'e bút út 'e filla's yn 'e Ynternasjonale Delsetting fan Sjanghai delsetten hawwe. Tusken de bylden, piano's en kristallene kroanluchters yn Jim ken de Packard-limûsine fan syn âlden werom. Hy en frou Victor geane dêr deunby op in bank sitten. Yn it stadion is lykwols gjin iten of drinken, dat nei in pear oeren rêst moatte se tsjin 'e jûn wer fierder fan 'e Japanners. Menear Maxton, in goekunde fan Jim syn âlden, komt by him en trunet him oan mei te gean en frou Victor efter te litten, mei't hja net mear fierder kin. Jim wegeret lykwols. Ynstee beare hy en frou Victor, op Jim syn ynstigaasje, dat se dea binne, sadat se troch de Japanners efterlitten wurde. Se bringe de nacht op 'e grûn yn it stadium troch, dêr't frou Victor dy nachts wier komt te ferstjerren. De oare moarns ier sjocht Jim in flits troch de loft gean. Hy ornearret dat it de siel fan frou Victor is dy't opfart nei de himel, mar letter docht bliken dat er tsjûge west hat fan it atoombombardemint op Nagasaki, hûnderten kilometers fierderop.

Nei't er it stoflik omskot fan frou Victor efterlitten hat, folget de fan honger en toarst ferrêde Jim it paad werom nei it jappekamp by Suzhou. Underweis heart er it nijs fan 'e Kapitulaasje fan Japan. Syn libben wurdt rêden troch de itensdroppings troch de Amerikaanske Loftmacht. Werom yn it kamp wurdt er weriene mei de Japanske jonge, dy't dêr noch altyd by it stikkene fleantúch omstipt. De jonge biedt him in mango oan, en as Jim de frucht net iepen krije kin, biedt er oan him te helpen mei syn guntō of koarte swurd. Krekt op dat stuit falle Basie en Dainty mei in kloft bewapene Amerikaanske eardere kriichsfinzenen it kamp binnen om 'e itensdroppings dy't dêr dien binne te plonderjen. As Dainty de Japanske jonge mei syn swurd by Jim sjocht, mient er dat Jim yn libbensgefaar ferkeart en sjit er de Japanner dea.

Neitiid biedt Basie oan om Jim te helpen en fyn syn âldelju, mar Jim is lulk oer de dea fan syn freon en boppedat noch altyd kwetst dat Basie him yn it kamp efterlitten hat wylst er sels ûntsnapte. Hy sjocht no einlings yn hoe'n ûnbetrouber figuer oft Basie eins is, dat hy stegeret it oanbod ôf. Jim bliuwt allinne efter yn it lege kamp, dêr't er in soarte fan déjà-vu belibbet mei syn ferbliuw yn 'e lege fillawyk oan it begjin fan 'e oarloch. Lang om let arrivearret der in ôfdieling Amerikaanske soldaten om it jappekamp te befrijen, mar se treffe der inkeld Jim oan. Hy biedt de befelfierend ofsier in blikje pasteurisearre molke oan en seit: "Ik jou my oer." De ofsier nimt in slokje en antwurdet: "Oerjefte oanfurde." Jim belânet yn in weeshûs foar Westerske bern, dêr't nei ferrin fan tiid in kloft âldelju delkomt om harren bern ôf te heljen. Jim syn âldelju binne dêr ek by, mar hy ken harren net mear werom, en sy him earst ek net. It is syn mem dy't him úteinlik weromfynt, en dan sjocht Jim dat sy it is oan har lippen en har hier.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Christian Bale (yn 1988).
John Malkovich (yn 1994).
Miranda Richardson (yn 2010).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jamie/Jim Graham Christian Bale
Basie John Malkovich


byrollen
personaazje                akteur/aktrise
frou Victor Miranda Richardson
dokter Rawlins Nigel Havers
Frank Demarest Joe Pantoliano
menear Maxton Leslie Phillips
sersjant Nagata Masatō Ibu
Mary Graham Emily Richard
John Graham Rupert Frazer
menear Victor Peter Gale
Japanske jonge Takatarō Kataoka
Dainty Ben Stiller
menear Lockwood Robert Stephens
sersjant Uchida Guts Ishimatsu
menear Chen Burt Kwouk
luitenant Price Paul McGann
Mathieu Marc de Jonge
Sineeske strjitjonge Kong Guojun
gast op feest J.G. Ballard (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film is basearre op 'e roman Empire of the Sun, fan 'e Ingelske skriuwer J.G. Ballard, út 1984. Filmstudio Warner Bros. kocht al rillegau nei de publikaasje de filmrjochten op dat boek oan. Yn 't earstoan wie it de bedoeling dat Harold Becker de film regissearje soe, wylst Robert Shapiro as filmprodusint fungearje soe. Becker betanke lykwols foar de ear, wêrnei't Warner Bros. David Lean as regisseur hawwe woe, mei Steven Spielberg as produsint. Lean sei dêroer letter: "Ik wurke der likernôch in jier oan en úteinlik joech ik it oer om't ik fûn dat it tefolle op in deiboek liek. It wie goed skreaun en ynteressant, mar ik joech it troch oan Steve." Spielberg bekende letter dat er de film, "fan it momint ôf dat ik de roman fan J.G. Ballard lies, sels regissearje woe."

Sa waard Empire of the Sun úteinlik waard regissearre troch Steven Spielberg nei in senario fan Tom Stoppard, dêr't ek Menno Meyjes oan bydroegen hie sûnder dat er dêrfoar in fermelding op 'e ôftiteling krige. Foar Spielberg wie The Bridge on the River Kwai (1957), in oare film oer in jappekamp, fan grutte ynfloed by it ferfilmjen fan 'e roman fan Ballard. As produsinten wiene Spielberg sels, Kathleen Kennedy en Frank Marshall by it projekt belutsen foar Spielberg syn eigen filmstudio Amblin Entertainment. Robert Shapiro hie as útfierend produsint tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Allen Daviau, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de rol fan 'e haadpersoan, Jamie/Jim Graham, diene mear as 4.000 jonges audysje. Aktrise Amy Irving, dy't doedestiden mei Steven Spielberg troud wie, rikkemandearre lykwols by har man de doe tolvejierrige Christian Bale oan, mei wa't se gearwurke hie yn 'e tillefyzjefilm Anastasia: The Mystery of Anna.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Empire of the Sun setten útein op 1 maart 1987 en duorren sechstjin wiken. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Elstree Studios yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Der waarden sênes filme op lokaasje yn Trebujena yn Andalûsje, Knutsford yn Cheshire en Sunningdale yn Berkshire.

Nei ûnderhannelings dy't al yn 1985 begûn wiene, krige de produksje fan it regear fan 'e Folksrepublyk Sina tastimming om trije wiken lang te filmjen yn Sjanghai. Empire of the Sun wie de earste Amerikaanske film sûnt de 1940-er jierren dy't dêr opnommen waard. Foar de opnamen dêre moasten alle buorden mei tekst yn ferienfâldige Sineeske karakters feroare wurde yn teksten skreaun yn (histoarysk korrekte) tradisjonele Sineeske karakters. Der waarden 5.000 Sjanghainezen ynset as figuranten en alle soldaten fan it Keizerlike Japanske Leger waarden spile troch soldaten fan it Sineeske Folksbefrijingsleger.

Foar de fleanmasinen yn 'e film waarden fjouwer North American T-6 Texans yn Frankryk lichtsjes oanpast om op Mitsubishi A6M Zero's te lykjen. Dêrnjonken waarden twa replika's fan Zero's ynset dy't eins net fleane koene. Foar it bombardemint op it Japanske fleanfjild troch de Amerikaanske Loftmacht waarden trije restaurearre P-51 Mustangs brûkt.

Regisseur Steven Spielberg.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Empire of the Sun waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 11 desimber 1987 yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Empire of the Sun oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Richard Corliss yn it tydskrift Time dat regisseur Steven Spielberg "elts frame [fan 'e film] enerzjy jûn hat mei in flechtige sinsbegûcheling en in yntelliginte tichtens fan bylden en emoasjes." Yn The New York Times skreau Janet Maslin dat Spielberg der "in fisuele pracht" oan skonken hie, "in heldhaftich aventoerisme […] dat [de film] ûnferjitlik makket." En Julie Salamon fan The Wall Street Journal kwalifisearre Empire of the Sun as "in bûtengewoane film".

De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times hie lykwols mingde gefoelens oer Empire of the Sun. Yn syn filmrubryk op 'e Amerikaanske tillefyzje mei syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune seid er dat de film "yn prinsipe in goed idee is, dat mar net los komme wol fan 'e grûn." Siskel, dy't it mei him iens wie, heakke dêroan ta: "Ik wit net iens wêr't de film no eins oer giet. It is sa folslein betize en pakt dielen fan ferskillende dingen. Oan 'e iene kant, as it wat sizze wol oer it perspektyf fan in bern op 'e oarloch, dan hast in film fan John Boorman, dy't Hope and Glory hjit, dy't krekt útkommen is en dy't folle better is en folle dryster yn it toanen fan 'e healwizens dy't bern út oarloch opmeitsje. Oan 'e oare kant wol dizze film net alles op ien kaart sette, en dêrom makket er it ta in aventoerefilm, sadatst dan Indiana Jones of sokssawat hast, mei it personaazje fan John Malkovich dy't it jonkje troch alle wille fan 'e oarloch hinne helpt. Ik wit net wat Spielberg der no eins mei woe."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Empire of the Sun in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 57 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Empire of the Sun, ien fan Steven Spielberg syn meast ambisjeuze produksjes út 'e 1980-er jierren, is noch altyd in ûnderwurdearre juwieltsje yn 'e foaroansteande filmografy fan dizze regisseur." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Empire of the Sun in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 22 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Empire of the Sun brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $22,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $44,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $66,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $41,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Hoewol't dat net bepaald in ferlies wie, beskôget Steven Spielberg Empire of the Sun noch altyd as in flop om't de film it net better die yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Empire of the Sun waard yn 1988 by de Oscars nominearre foar de prizen foar bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste lûdsmixing, bêste kostúmûnwerp en bêste artdirection. It slagge de film lykwols net om ien fan dy nominaasjes om te setten yn in takenning. By de Golden Globes waard Empire of the Sun nominearre foar de prizen foar bêste dramafilm en bêste filmmuzyk. De filmmuzyk fan John Williams waard ek nominearre foar in Grammy Award.

Empire of the Sun waard by de BAFTA's, de wichtichste Britske prizen op it mêd fan film, nominearre yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste adaptearre senario, bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de BAFTA's foar bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk en bêste lûd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.