Springe nei ynhâld

Earnewâld

Ut Wikipedy
Earnewâld
Skûtsjesilen by Earnewâld
Skûtsjesilen by Earnewâld
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 410 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,46 km², wêrfan:
- lân: 6,12 km²
- wetter: 1,34 km²
Befolkingsticht. 67 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 07' N 5° 56' E
Doarpsgebiet Earnewâld (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet Earnewâld (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
earnewald.nl
FB-side
Kaart
Earnewâld (Fryslân)
Earnewâld

Earnewâld is in doarp yn in súdwestlike punt fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp leit tusken Ljouwert en Drachten, oan de râne fan it natoer- en wettersportgebiet it Nasjonaal Park De Alde Feanen.

Earnewâld hat 410 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners en wurdt gekjeijend ek wol Luzegea neamd

Agnestsjerke

De earste bewenners fan dit gebiet wennen op terpen, letter op de sânhichte dy't it lettere Earnewâld waard. Hja libben fan de natoer, hienen wat fee en de ôfstutsen turf wie foar eigen gebrûk.

Healwei de 18e iuw waard der grutskalich turf stutsen en it gebiet waard folle kealer. Der ûntstienen in soad petgatten, dy't by stoarm geregeld mei inoar ferbûn rekken as de smelle ribben weislein waarden. Ein 19e iuw waard it op guon plakken mooglik om te buorkjen. Yn de 20e iuw waard troch ûntwettering, oanlis fan elektrisiteit en ruilferkaveling it buorkjen makliker en ûntstienen gruttere pleatsen. It Fryske Gea kocht in diel fan it Princehof fan in rike planter op Java, wat it begjin wie fan it lettere Nasjonaal Park De Alde Feanen.

De Dingstien waard yn 1966 opgroeven by de oanlis fan it rioel. Op in dingstien waard rjocht sprutsen en dêrom lei de dingstien op 'e grins fan it tsjerkhôf en de strjitte, de grins fan twa wrâlden: de tsjerklike en de wrâldske macht.

Sicht op de haven fan Earnewâld

Earnewâld is simmerdeis in echt wettersportplak. Massale drokte lykas yn plakken oan de Fryske marren is hjir lykwols net.

Tsjin it ein fan de jierren 1980 is tichtby it doarp in grut fakânsjepark ("Bûtenpleats It Wiid") oanlein. Troch de geografyske lizzing oan 'e oare kant fan it wetter hat dit net ta folle fergrutting fan de toeristyske druk op it doarp laat. Dat jildt ek foar de fergrutting fan kemping "It Wiid" krektas 'oan de oarekant fan it wetter'.

Toeristyske druk fan minsken dy't ferspraat yn it wetterrike 'Alde Feanen' gebiet yn in simmerhùske (faak sûnder nutsfoarsjenning) wenje is der eins net. Wol is der in trend dat wenten yn it doarp oan de gewoane wenningfoarrie ûntlutsen wurde en as rekreaasjewente brûkt wurde.

It Kokelhûs fan Jan en Sjut

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Kokelhûs fan Jan en Sjut

It museum It Kokelhûs fan Jan en Sjut stiet midden yn it doarp. It hûs is yn 1777 boud troch in feanbaas en oant 1955 bewenne troch Jan en Sjut van der Berg. Sûnt 1957 is it in Aldheidkeamer. Jan en Sjut makken Earnewâldster kokelmatten. Sa'n matte leit no noch oer de flier fan de foarkeamer fan it museum.

Wêst fan Earnewâld stiet de Princehofmûne, in spinnekopmûne. Yn de buert fan it doarp steane ek fjouwer Amerikaanske wynmotors, dy't op de Wikipedy te finen binne ûnder de nammen Wynmotor Earnewâld 1, 2, 3 en 4.

By Earnewâld wurdt op de earste tiisdeis fan it skûtsjesilen syld troch skûtsjes fan de SKS. Yn de nauten dy't troch de feanterij ûntstien binne is faak net folle romte en soks jout by hurde wyn altyd in soad spektakel.

It begjin fan it nije wettersportseizoen wurdt tradisjoneel op Keninginnedei fierd mei in sylwedstryd tusken ferskeidene lokale skûtsjes. Nei de wedstryd wurdt in nije Feankeninginne keazen dy't út it doarp komt. De Feankeninginne is yn it kommende toeristyske seizoen de ambassadrise fan it doarp.

Yn de lêste wike fan de boufakfakânsje wurdt der in bradery holden en is it 'Nasjonale Kampioenskip Parapluhingjen'. It toeristyske seizoen wurdt ein septimber ôfsluten mei in wedstryd tusken sylboaten fan it type falk dy't in sirkwy ôflizze ('Om 'e Noard').

Der is in gearwurkingsskoalle "Master Frankeskoalle" en in pjutteboartersplak "De Springplank". De doarpskrante hjit De Luzefeier. De tradisjonele skelnamme foar Earnewâldsters is luzeknippers of luzefeiers.[3]

Eben Haëzer

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2013 2015 2020
Ynwenners 398 369 370 343 271 400 390 390

Earrebarredoarp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1980 waard It Eibertshiem iepene, dat it doel hie de earrebarre wer yn Fryslân te yntrodusearjen. De earste jierren bleaune de earrebarren by Earnewâld omhingjen. Nei 2000 is it byfuorjen opholden en moasten de fûgels harren sels rêde. Yn 1997 besocht foar it earst in pearke yn Beetstersweach te brieden. No sitte dêr mear as 50 nêsten. Ek yn Earnewâld sitte der likernôch 25 nêsten (2019). Tsjintwurdich is de earrebarre in fûgel dy't wer faak sjoen wurdt. Njonken konsintraasjes fan earrebarren yn Earnewâld, Beetstersweach, Tytsjerk/Ryptsjerk, Eagmaryp en Spangea binne der al hiel wat doarpen, dêr't earrebarren briede.

  • Douwe Franke skreau fjouwer boekjes oer de geakunde fan Earnewâld
It Wikelslân
Tsjerkepaed mei herfoarme konsistoarje
  • Alle Om Slachte -
  • De Reidfûgel'-
  • De Stripe - in stripe is in lang en smel stik lân
  • Ds. Offerhauswei - nei dûmny George Johan Arnold Offerhaus
  • Ds. van der Veenwei -
  • Eilânsgrien -
  • Feantersdyk -
  • It Fliet - wetternamme It Fliet. Ferbynt it Krúspaed mei de Wiidswei.
  • Koaidyk -
  • Krúspaad -
  • Manjepetswei -
  • Mindertsfean -
  • Piet Miedemawei - Piet Miedema wie eigener fan Hotel Princehof en fersetsman.
  • Smidspaad -
  • Tsjerkepaad -
  • Wiidswei - wei rjochting wetter en bûtenpleats It Wiid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Alde AFUK-list fan skelnammen mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy fan P.H. Breuker.
  4. My Heritage

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
· · Berjocht bewurkje