Princehofmûne
Appearance
De Princehofmûne is in eardere poldermûne en hjoeddeisk ryksmonumint by Earnewâld yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
De spinnekopmole stie earder by Fâtum, in buorskip besuden Tsjom. Wannear't de mûne oarspronklik boud waard is net bekend. Yn 1958 waard hy opkocht troch in bedriuw en werpleatst op syn hjoeddeiske lokaasje, sa'n twa kilometer ten westen fan Earnewâld. Hy stiet dêr op in dykje tusken de Folkertssleat en it natoergebiet De Koaipleats, dat diel útmakket fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen. De Princehofmûne, dy't wyls partikulier eigendom is, hat dêr gjin funksje, mar is yn begjinsel noch wol mealree. Hy kin net besichtige wurde.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |