Folkertssleat (Earnewâld)

Ut Wikipedy

De Folkertssleat is in feart yn de gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel. De feart rint fan it Prinses Margrietkanaal by de Rengerspôle troch de De Alde Feanen nei it easten en komt dan út yn de Sânemar by Earnewâld.

De namme Folkertssleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Folkertssloot.