Wynmotor Earnewâld 4

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Wynmotor Earnewâld yn 2010

De Wynmotor Earnewâld 4 is in poldermole by it doarp Earnewâld yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De mole, wêrfan it boujier ûnbekend is, is in middelgrutte Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 18 blêden en in diameter fan 5 meter. Hy waard boud troch de firma Adema út Wurdum. De wynmotor stiet ûngefear 2,5 km ten noardwesten fan Earnewâld by it Prinses Margrietkanaal yn de Saiter Petten, in natoergebiet dat ûnderdiel is fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen. Hy is allinnich oer wetter te berikken en net te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: