Agnestsjerke (Earnewâld)
Agnestsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Earnewâld | |
adres | Dûmny Offerhauswei 1 | |
koördinaten | 53° 07' N 5° 56' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Agnes fan Rome | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1794 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35643 | |
Webside | ||
PKN Earnewâld | ||
Kaart | ||
De Agnestsjerke is de tsjerke fan de herfoarme gemeente yn Earnewâld. Yn de tsjerke wurde allinnich Frysktalige tsjinsten holden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trijesidich sletten sealtsjerke waard yn 1794 boud op it plak fan in midsiuwsk gebou. Ut de fynst fan dowestien en oare soarten bakstien op it hôf kin opmakke wurde dat der al om 1100 hinne in tsjerke op it plak stien hat.
Yn de tsjerke is in preekstoel te sjen mei ryk fykwurk en in klankboerd út 1699. Yn de toer hinget in klok fan Geart fan Wou, dy't yn 1500 getten waard.
Op snein 31 maaie 2015 waard de tsjerke nei in yngreven restauraasje wer iepene. It ynterieur krige mei dy restauraasje de âlde kleuren werom. Njonken de toer waard in grêflid opsteld út 1100, dy't jierrenlang by in hûs foar de doar lei. Ek krige de tsjerke in ikoan fan de oarspronklike patroanhillige fan de tsjerke.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2016 folge de foltôging fan de restauraasje fan it oargel. It ynstrumint waard yn 1874 mei it brûken fan âlder materjaal troch de firma L. van Dam út Ljouwert boud. Bakker & Timmenga fersoarge de restauraasje fan it ynstrumint. [1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|