Springe nei ynhâld

Dokkumersk

Ut Wikipedy
Dokkumersk
algemien
eigen namme Dòkkumers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ±2.000 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Dokkumersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Dokkumersk (Dokkumersk: Dòkkumers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Dokkum, it haadplak fan 'e gemeente Noardeast-Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Dokkumersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Frysktalich of Nederlânsktalich grutbringe.

It Dokkumersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradisjonele teory binne it Dokkumersk en de oare Stedske dialekten ûntstien doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Dokkumersk oerlevere binne.

De lokaasje fan it Dokkumersk yn 'e provinsje Fryslân.

Oant djip yn 'e njoggentjinde iuw wie it Dokkumersk yn Dokkum de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it Standertnederlânsk. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it Nederlânsk. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Dokkum ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn eardere tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Dokkumersk te praten.

Yn 2019 waard it Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk (Genoatskap foar ut Gebrúk fan ut Dòkkumers) oprjochte, in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Dokkumersk.[1] Yn novimber 2022 brocht it Genoatskip de oersetting nei it Dokkumersk út fan it jongesboek Siderius, de Granaet, fan Abe Brouwer. It boek wie fertaald troch Warner B. Banga, ien fan 'e foaroanlju fan it Genoatskip. Behalven dat mei de útjefte besocht waard it Dokkumersk libben te hâlden en/of ûnder de oandacht te bringen by de Dokkumer bern, spile de oersetting ek in wichtige rol by it standerdisearjen fan 'e stavering fan it Dokkumersk troch de leden fan it Genoatskip.[2]

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Dokkumersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare Stedske dialekten. Wol is der in sterkere ynfloed fan it Frysk yn te bespeuren, en dêrmei liket it sterk op it Kollumersk, út it doarp Kollum, dat ek in sterke Fryske ynfloed ûndergien hat. In foarbyld fan sokke Fryske ynfloeden is bygelyks dat yn it Dokkumersk as iennichste Stedske dialekt it taalkundige ferskynsel brekking foarkomt (al is dat mar sporadysk). By telwurden tusken tolve en tweintich mei yn it Dokkumersk njonken de foarm op -tien, lykas yn 'e oare Stedske dialekten, ek de (Fryske) foarm op -tjin brûkt wurde. Ek komt ûnder de âldere generaasje de meartalsfoarm stjinnen foar stien ("stien") foar, dy't kwa útspraak oerienkomt mei it Fryske "stiennen".

Fierders is in wurd as sòp ("sop") yn it Dokkumersk krekt as yn it Frysk ûnsidich: ut sòp ("it sop"; Ned.: de soep). En de enklityske foarm fan it manlik persoanlik foarnamwurd yn 'e trêde persoan inkeltal is yn it Dokkumersk krekt as yn it Frysk er, wylst de oare Stedske dialekten dêrfoar y hawwe, fan it Nederlânske ie. Foarbyld: Het er wel wat teugen jou seid? ("Hat er wol wat tsjin dy sein?"; Ned.: Heeft-ie wel iets tegen jou gezegd?).

It stedhûs yn Dokkum.

Oangeande it sprekkerstal fan it Dokkumersk binne gjin sekuere sifers bekend, mar dochs is it wol mooglik om ta in rûge skatting te kommen. De Bosatlas van Fryslân (2009) jout nammentlik oan dat yn 'e gemeente Dongeradiel troch 6% fan 'e befolking Stedsk sprutsen wurdt.[3] Mei in gemeentlike befolking fan (neffens deselde boarne) 24.694 minsken, komt dat út op in oantal fan 1.482 Stedsktaligen yn Dongeradiel. Om't Dokkum it iennichste Stedsktalige plak yn 'e gemeente en de hiele Noardhoeke is, soe men derfan útgean kinne dat it dêrby foar de oergrutte mearderheid om Dokkumersksprekkers giet.

Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat Dokkum hielendal oan 'e súdlike râne fan Dongeradiel leit, tsjin 'e grins fan Dantumadiel oan. Dus as der stedsjers út Dokkum oer it plattelân fan Dongeradiel ferspraat libje, dan sil dat mei Dantumadiel grif net oars wêze. Neffens De Bosatlas van Fryslân telt Dantumadiel 582 Stedsksprekkers.[4] As men derfan útgiet dat sprekkers fan oare Stedske dialekten dy't har yn 'e Noardhoeke nei wenjen set hawwe en Dokkumersksprekkers dy't oer oare dielen fan 'e provinsje útflein binne, inoar min ofte mear yn lykwicht hâlde, dan liket in totaal oantal Dokkumersksprekkers fan om 'e 2.000 hinne in net ûnwierskynlike skatting te wêzen. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it benammen om âldere stedsjers giet, mei't it meastepart fan 'e jongerein de eigen taal net folle mear brûkt. It sprekkerstal fan it Dokkumersk nimt sadwaande stadichoan ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Fierant, Tim, Reddingsplan voor ut Dokkumers, yn: de Ljouwerter Krante, 12 maaie 2020, s. 27.
  2. Fierant, Tim, Een standaardwerk in Dokkumers, yn: de Ljouwerter Krante, 4 novimber 2022, s. 21.
  3. De Bosatlas van Fryslân, s. 238.
  4. De Bosatlas van Fryslân, s. 236.

boarnen:

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)