Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk
Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk Genoatskap foar ut Gebrúk fan ut Dòkkumers | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | behâld fan it Dokkumersk | |
fêstige yn | Dokkum (Fryslân) | |
oprjochte | 2019 | |
offisjele webside | ||
www.dokkumers.nl |
It Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk (Dokkumersk en offisjeel: Genoatskap foar ut Gebrúk fan ut Dòkkumers) is in feriening yn 'e Fryske stêd Dokkum dy't him ynset foar it behâld fan in Dokkumersk, dat in dialekt fan it Stedsk is.[1] It idee foar sa'n organisaasje ûntstie doe't yn 2018 de Dei fan it Stedsk holden waard, in sympoasium dêr't sprekkers fan 'e ûnderskate Stedske dialekten inoar metten. It Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk waard yn 2019 oprjochte nei it foarbyld fan it Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk, dat al langer aktyf is yn Frjentsjer.[1]
Yn maaie 2020 sette it Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk útein mei in eigen webside, dy't mooglik makke waard mei stipe fan 'e gemeente Noardeast-Fryslân. It wie de bedoeling dat de webside in soarte fan ensyklopedy wurde soe oer it Dokkumersk en alles dat dêrmei te krijen hie. De inisjatyfnimmers setten fierders yn op mear sichtberens foar it Dokkumersk yn 'e iepenbiere romte. Ek rôpen se de gemeente Noardeast-Fryslân op om út en troch ris mei de ynwenners yn it Stedske dialekt te kommunisearjen.[1]
Yn novimber 2022 brocht it Genoatskip de oersetting nei it Dokkumersk út fan it jongesboek Siderius, de Granaet, fan Abe Brouwer. It boek wie fertaald troch Warner B. Banga, ien fan 'e foaroanlju fan it Genoatskip. Behalven dat mei de útjefte besocht waard it Dokkumersk libben te hâlden en/of ûnder de oandacht te bringen by de Dokkumer bern, spile de oersetting ek in wichtige rol by it standerdisearjen fan 'e stavering fan it Dokkumersk troch de leden fan it Genoatskip.[2]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|