Dangerous Liaisons (film út 1988)
Dangerous Liaisons | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Stephen Frears | |
produsint | Norma Heyman Hank Moonjean | |
senario | Christopher Hampton | |
basearre op | ● it toanielstik fan Christopher Hampton ● de roman fan Choderlos de Laclos | |
kamerarezjy | Philippe Rousselot | |
muzyk | George Fenton | |
filmstudio | Lorimar Film Entertainment NFH Limited | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | John Malkovich Glenn Close | |
byrollen | Michelle Pfeiffer Uma Thurman Swoosie Kurtz Keanu Reeves | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 desimber 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantysk kostúmdrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $14 miljoen | |
opbringst | $34,7 miljoen (Noard-Amearika) | |
prizen | 3 × Oscar 2 × BAFTA 1 × César du Cinéma |
Dangerous Liaisons is in Amerikaansk romantysk kostúmdrama út 1988 ûnder rezjy fan Stephen Frears. De haadrollen waarden spile troch John Malkovich en Glenn Close, mei Michelle Pfeiffer en Uma Thurman en Keanu Reeves as hiel jonge akteurs yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Gefaarlike Ferhâldings". De film is in adaptaasje it toanielstik Les Liaisons dangereuses fan Christopher Hampton, dat sels wer basearre wie op 'e Frânske briefroman mei deselde namme fan Choderlos de Laclos út 1782. It ferhaal folget twa rike aristokraten yn 'e tiid fan it Ancien Régime yn Frankryk, dy't har fermeitsje mei wrede spultsjes fan wraak en ferlieding. Se jouwe neat om 'e gefolgen foar harren slachtoffers, oant se op 't lêst troch eigen tadwaan sels meisleept wurde nei de ûndergong. Dangerous Liaisons krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar û.o. de Oscar foar Bêste Film, en wûn trije oare Oscars, twa BAFTA's en in César du Cinéma. Dangerous Liaisons moat net betize wurde mei Valmont, in film dy't krektlyk basearre is op 'e roman fan De Laclos en dy't in jier letter útkaam, yn 1989.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Parys ûnder it Ancien Régime fan it Keninkryk Frankryk, dus foarôfgeande oan 'e Frânske Revolúsje fan 1789, is de markizinne Isabelle de Merteuil út op wraak op har eardere minner, de greve fan Bastide, dy't har koartby falle litten hat foar in nije mêtresse. Om har kwetste ego te hieljen, wol se Bastide yn it iepenbier foar gek sette. De greve siket foar in houlik nei in breid mei in folslein ûnbesmodzge fammesteat, en hy tinkt sa'nent fûn te hawwen yn Cécile de Volanges, de jonge dochter fan madame de Volanges, in nicht en freondinne fan 'e markizinne de Merteuil. It famke is noch mar koartby foarsteld oan 'e sosjale fermiddens fan 'e Frânske adel, nei't hja suver har hiele jonkheid ûnder de beskerming fan 'e nonnen yn in kleaster stien hat.
De markizinne nûget in oare eardere minner, de boarchgreve de Valmont, te harres út en besiket dyselde foar har karke te spannen. Hja wol dat hy de jonge Cécile ferliedt en har dêrmei foar Bastide bedjert. Valmont betanket lykwols foar dat putsje, net om't er it ymmoreel fynt, mar om't er it syn oandacht net wurdich achtet. Valmont sjocht himsels nammentlik as in wiere Casanova, dy't eltse frou krije kin dy't er hawwe wol. In opslûpen fanke as Cécile te ferlieden is foar him sa maklik dat it syn weardichheid tenei is. Ynstee hat er in oare dame yn it fizier, Marie de Tourvel, in hiel plichtsgetrouwe, tige kekene en keine, from kristlike troude frou, fan wa't de man, in parlemintslid, noch moannen foar syn wurk yn Boergonje wêze moat. Underwilens is madame de Tourvel as selskipsdame ynlutsen by madame de Rosemonde, in muoike op jierren fan Valmont. De markizinne de Merteuil fynt de heechmoed fan Valmont fermaaklik en stelt him in weddenskip foar: as it Valmont slagget om madame de Tourvel te ferlieden en dêr't skriftlik bewiis foar oan te leverjen, sil sysels ek seksuele omgong mei him hawwe. Valmont giet de útdaging oan.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dat, de boarchgreve giet by syn muoike op har kastiel op it plattelân útfanhûs en besiket it oan te lizzen mei madame de Tourvel. Dyselde is lykwols fia har briefkerij mei in freondinne yn Parys warskôge foar syn reputaasje as ûnferbetterlike rokkejager, dat se stegeret al syn besykjen ta neieroankommen ôf. Valmont wol witte wa't dy freondinne is dy't him sa dwerseide hat. No wol it tafal dat syn tsjinstfeint Azolan ûnderwilens in romantyske relaasje begûn is mei Julie, de keamerfaam fan madame de Tourvel. Dat Valmont jout Azolan opdracht om har te freegjen him de brieven fan har masteresse ta te spyljen. As Julie dat wegeret, beävensearret Valmont dat er har mei Azolan op bêd trappearret, wêrnei't er har foar de kar stelt om him de brieven te besoargjen, of oars sil er har nachtlike eskapades buorkundich meitsje. It docht bliken dat de freondinne dy't Valmont syn namme swart makke hat, madame de Volanges is, de mem fan 'e jonge Cécile.
Underwilens hat de markizinne de Merteuil yn Parys it fertrouwen fan 'e jonge Cécile witten te winnen troch oan har de plannen fan har mem te ferklappen om har út te hylkjen oan 'e folle âldere greve de Bastide. De markizinne bringt it fanke ek yn 'e kunde mei in jonge ealman fan har eigen jierren, de sjarmante en knappe ridder Raphael Danceny, dy't lykwols sa earm is dat er himsels ûnderhâlde moat troch te wurkjen as muzykpedagooch. Dêrom sil er nea yn oanmerking komme om mei Cécile te trouwen. It is in idee fan 'e markizinne dat Danceny de learaar fan Cécile wurdt, mei as doel om 'e beide jongelingen oaninoar te keppeljen. Dat slagget, mei't Cécile en Danceny fereale opinoar reitsje. Mar dêr stûket it slûchslimme plantsje fan 'e markizinne, om't de jongelingen allebeide sa ûnbeleard en skruten binne, dat se inoar inkeld suchtsjend fan ûnfersêde leafde út 'e fierte wei bewûnderje.
Valmont makket de flater om madame de Tourvel te freegjen wat se wol dat er docht, mei't er alles wol foar har dwaan wol. Sy antwurdet dat se wol dat er fuortgiet. Yn syn eigen wurden beflapt, keart er werom nei Parys, dêr't er by de markizinne de Merteuil te rie giet. Hy nimt him foar om wraak op madame de Volanges te nimmen, dy't syn spultsje bedoarn hat, troch har dochter Cécile te ferlieden. Dat komt foar de markizinne as wie it roppen, want mei Danceny komt se datoangeande gjin stek fierder. Se ferriedt it sideplak dêr't Cécile de leafdesbrieven fan Danceny bewarret oan madame de Volanges. Dyselde is ûntsteld en wol har dochter safier mooglik by Danceny wei hâlde. Op oantrúnjen fan 'e markizinne reizget madame de Volanges mei har dochter ôf nei it plattelân, dêr't se as gast fan madame de Rosemonde har troch Valmont yn betizing brocht freondinne, madame de Tourvel, bystean kin.
Valmont keart werom nei syn muoike, ta alteraasje fan madame de Tourvel, oan wa't er fyntsjes útleit dat er dien hat wat se woe troch fuort te gean, mar dat der neat wie dat him belette om werom te kommen. Troch him foar te dwaan as de troch de markizinne de Merteuil stjoerde tuskenpersoan dy't de fuortsetting fan har kommunikaasje mei Danceny mooglik meitsje sil, wit Valmont oan Cécile de kaai fan har sliepkeamersdoar te ûntfytmanjen. Ynstee dat er har brieven fan Danceny bringt, krûpt er lykwols nachts by har op bêd, wêrnei't er har sjantearret om seksuele omgong mei him te hawwen. Oars kin er ommers sûnder ligen oan har mem fertelle dat sy him de kaai fan har sliepkeamersdoar jûn hat. De deis nei wat eins in ferkrêfting is, slút Cécile har op yn har sliepkeamer. Se wegeret dêrwei te kommen of te sizzen wat der mei har is. Har rie te'n ein lit har mem de markizinne de Merteuil alhiel út Parys komme om mei it fanke te praten. Cécile, dy't noch altyd ûnder it misferstân ferkeart dat de markizinne har freondinne is dy't it bêste mei har foar hat, fertelt har alles dat bard is. De markizinne hjit har lykwols om 'e avânses fan Valmont te ferwolkomjen, mei't in jonge frou lykas Cécile mei eltse minner har foardiel dwaan moat yn in maatskippij dy't sa ûnderdrukkend en minachtsjend foar froulju oer stiet. Cécile docht wat har sein is, wêrnei't der him in ferwrongen mentorskipsrelaasje ûntjout tusken harsels en Valmont, dy't eltse nacht delkomt om har in nije "les" te jaan. Werom yn Parys ûntfermet de markizinne de Merteuil har oer de yn oerstjoerens efterbleaune Danceny, dy't se as har eigen minner nimt.
Wylst er allegeduerigen mei de jonge Cécile omslacht, jout Valmont dochs ek syn jacht op madame de Tourvel noch net op. Lang om let wit er har foar him te winnen troch it iene bedroch op 'e oare leagen te steapeljen. As se beseft hoefolle oft se fan him hâldt, besiket madame de Tourvel op oanrikkemandearring fan madame de Rosemonde te flechtsjen, mar ek thús litte de gedachten oan Valmont har net gewurde. Boppedat reizget hy har efternei, wêrnei't er mei de help fan in pastoar, dy't er mei list en bedroch foar syn karke spand hat, yn har fertrekken trochkringt. Dêr jout madame de Tourvel har ferset einlings en te'n lêsten op en hawwe sy en Valmont seksuele omgong. Neitiid stelt Valmont foar in briefkerij te begjinnen, mei as doel om har safier te krijen dat se dêryn ferwiist nei harren bedriuwen fan 'e leafde, sadat er it skriftlik bewiis hawwe sil dat de markizinne de Merteuil fan him easke om harren weddenskip te winnen. Earne ûnderweis yn syn hofmakkerij fan madame de Tourvel is der lykwols wat misgien en is der wat bard dat noch nea earder foarkommen is: Valmont is fereale wurden op syn slachtoffer.
Wannear't de markizinne de Merteuil dat foar it ferstân kriget, docht bliken dat se ûnder in fernislaach fan kjeld en spotternij noch altyd fan Valmont hâldt, want se wurdt jaloersk. As de boarchgreve har in brief fan madame de Tourvel jout wêryn't sy oer harren relaasje skriuwt, by wize fan it skriftlike bewiis dat de markizinne fan him easke hie, jout se Valmont te ferstean dat dy syn relaasje mei madame de Tourvel beëinigje moat foar't er hoopje kin de priis fan 'e weddenskip (seksuele omgong mei de markizinne sels) te ûntfangen. Dat, Valmont bejout him nei madame de Tourvel ta en set har oan 'e dyk troch op eltse fraach fan har te antwurdzjen: "Ik kin der neat oan dwaan." Oerweldige troch sawol leafdesfertriet as skamte siket madame de Tourvel beskûl yn in kleaster, dêr't se rillegau slim siik rekket.
Valmont komt werom by de markizinne de Merteuil mei it boadskip dat er dien hat wat sy fan him frege. No wol er syn priis hawwe, of oars wurdt it oarloch tusken harren. De markizinne jout him ien wurd ta beskie: "Oarloch." Se ljochtet Danceny yn oer de seksuele relaasje dy't Valmont moannenlang mei Cécile ûnderholden hat. Dêrop daget Danceny Valmont út ta in duël. Under it gefjocht beslút Valmont op in stuit om moedwillich syn eigen dea as wapen tsjin 'e markizinne fan Merteuil te brûken; hy lit syn eigen degen falle en smyt him op it wapen fan Danceny, dat it syn hert trochboarret. Wylst er yn it stjerren leit, langet er Danceny in steapel brieven oer dy't er ûnder de klean bewarre. It binne brieven fan 'e markizinne de Merteuil oan himsels, dêr't alle ûnfoege spultsjes út bliken dogge dy't hja mei Danceny en Cécile spile hat. Valmont rikkemandearret de jonge ridder oan om 'e ynhâld iepenbier te meitsjen. Mei syn lêste siken freget er Danceny om nei it kleaster te gean dêr't madame de Tourvel ferpleegd wurdt en har te fertellen dat er wier fan har hold en hoe't it him spyt hoe't er har behannele hat.
As de dea fan Valmont bekend wurdt, is de markizinne de Merteuil útsinnich fan lulkens en fertriet. Danceny reizget nei it kleaster, dêr't er oan madame de Tourvel de lêste wurden fan har minner oerbringt. Koarte tiid letter komt sy ek te ferstjerren. Danceny publisearret de ynhâld fan 'e brieven fan 'e markizinne, sadat hiel Parys alles fan har efterbakse yntriizjes en wrede plantsjes komt te witten. As se neitiid sûnder euvelmoed nei de opera giet, kriget se dêr fan 'e oare besikers lulke blikken, dy't oergeane yn in algemien boegerop. Fernedere flechtet se nei hûs yn 'e wittenskip dat se har no nearne mear fertoane kin. Har libben is sa goed as oer.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
boarchgreve Sébastien de Valmont | John Malkovich |
markizinne Isabelle de Merteuil | Glenn Close |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Marie de Tourvel | Michelle Pfeiffer |
Cécile de Volanges | Uma Thurman |
madame de Volanges | Swoosie Kurtz |
ridder Raphael Danceny | Keanu Reeves |
madame de Rosemonde | Mildred Natwick |
Azolan, tsjinstfeint fan Valmont | Peter Capaldi |
Julie, keamerfaam fan madame de Tourvel | Valerie Gogan |
Émilie, in koertisane | Laura Benson |
Georges, lakei fan madame de Rosemonde | Joe Sheridan |
Adèle, keamerfaam fan madame de Rosemonde | Joanna Pavlis |
Armand, de sike doarpeling | Harry Jones |
Belleroche, frijer fan 'e markizinne de Merteuil | François Montagut |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dangerous Liaisons waard regissearre troch Stephen Frears nei in senario fan Christopher Hampton. Dyselde hie dat basearre op syn eigen bekroande toanielstik Les Liaisons dangereuses út 1985, dat opfierd wie troch de Britske Royal Shakespeare Company ûnder rezjy fan Howard Davies mei yn 'e haadrollen Lindsay Duncan, Alan Rickman en Juliet Stevenson. It stik wie wer in adaptaasje fan 'e briefroman Les Liaisons dangereuses fan Choderlos de Laclos, út 1782.
As produsinten wiene Norma Heyman en Hank Moonjean by it projekt belutsen foar de filmstudio's Lorimar Film Entertainment en NFH Limited. Foar de film wie in budget beskikber fan $14 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Rousselot, en de filmmuzyk waard fersoarge troch George Fenton.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dangerous Liaisons wie de lêste film dêr't de foar in Oscar en in Tony nominearre aktrise Mildred Natwick yn spile (as madame de Rosemonde). Drew Barrymore die audysje foar de rol fan Cécile, en Sarah Jessica Parker sloech dyselde rol ôf foar't de kar op Uma Thurman foel, dy't mei har fertolking fan 'e rol fan Cécile trochbriek. Annette Bening die ferskate kearen audysje foar it lytse roltsje fan 'e koertisane Émilie, dy't úteinlik nei Laura Benson gie. Bening soe in jier letter de haadrol fan 'e markizinne de Merteuil spylje yn Valmont, de adaptaasje fan Les Liaisons dangereuses fan regisseur Miloš Forman.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Dangerous Liaisons fûnen yn har gehiel plak op lokaasje yn 'e Frânske regio Île-de-France, om Parys hinne. Lokaasjes dêr't filme waard, wiene û.o. it Kastiel fan Vincennes yn it departemint Val-de-Marne, it Kastiel fan Champs-sur-Marne en it Kastiel fan Guermantes yn it departemint Seine-et-Marne, it Kastiel fan Saussay yn Essonne en it Théâtre Montansier yn Versailles. Under de opnamen fan Dangerous Liaisons krige haadrolspiler John Malkovich in bûtenechtlike relaasje mei syn tsjinspylster Michelle Pfeiffer. Syn seisjierrige houlik mei aktrise Glenne Headly einige koarte tiid letter.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Dangerous Liaisons waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 16 desimber 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Dangerous Liaisons oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Pauline Kael de film yn it tydskrift The New Yorker as "himelsk – libben op in manear dat films mar komselden binne." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times beoardiele de film as "meislepend en ferliedlik […], mar net oangripend". Yn The New York Times neamde Vincent Canby Dangerous Liaisons "in soarte fan deadlike sitkeamerkomeedzje." Hy hie in protte lof foar Glenn Close yn 'e rol fan 'e markizinne de Merteuil. Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle wie it dêrmei iens; hy skreau: "[as hja] úteinlings har selsbehearsking farre lit, is Close om bang fan te wurden." Ek Michelle Pfeiffer waard rûnom priizge foar har fertolking fan 'e rol fan madame de Tourvel, dat neffens Hal Hinson fan The Washington Post de minst opfallende en dreechste rol" fan 'e film wie.
It casten fan John Malkovich yn 'e haadrol fan 'e boarchgreve de Valmont ferdielde de kritisy. Canby fan The New York Times joech ta dat it in "skok [wie] om him yn bepoeiere pruken te sjen", mar konkludearre dat er "ûnferwachte treflik" wie yn syn rol. Ebert fan 'e Chicago Sun-Times fûn dat beide haadrollen "perfekt" fertolke waarden troch Close en Malkovich. It tydskrift Variety fûn lykwols dat hoewol't de "slûchslimme akteur it njirre-eftige, yn 't foar beraamde don-juanisme fan it personaazje oerbringt, […] hy de duvelske sjarme en ferliedlikens mist dêr't Valmont, nei't men oanfielt, ferlet fan hawwe soe om al syn feroverings mei súkses te folbringen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Dangerous Liaisons in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 30 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Dangerous Liaisons in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 17 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dangerous Liaisons brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $34,7 miljoen op. It is ûnbekend wat de opbringst yn oare lannen en territoaria wie. As men de Noardamerikaanske opbringst ôfset tsjin it budget fan $14 miljoen betsjut dat lykwols al in winst fan $20,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1989 waard Dangerous Liaisons by de Oscars nominearre foar prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste aktrise (Glenn Close), bêste byrol fan in aktrise (Michelle Pfeiffer) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn 3 Oscars, foar bêste adaptearre senario (Christopher Hampton), bêste kostúmûntwerp (James Acheson) en bêste artdirection (Stuart Craig en Gérard James).
By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Dangerous Liaisons nominearre yn 10 kategoryen, wêrûnder bêste rezjy, bêste aktrise (Glenn Close), bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn 2 BAFTA's: foar bêste byrol fan in aktrise (Michelle Pfeiffer) en bêste adaptearre senario.
Hampton wûn ek de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario. Dangerous Liaisons wûn fierders de César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, yn 'e kategory bêste bûtenlânske film. Ek waard de film nominearre foar de David di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, yn 'e kategory bêste bûtenlânske akteur (John Malkovich).
Besibbe film- en tillefyzje-adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dangerous Liaisons wie de earste Ingelsktalige ferfilming fan 'e roman Les Liaisons dangereuses fan Choderlos de Laclos. It boek wie earder yn 1959 yn it Frânsk ferfilme ûnder de oarspronklike titel. In jier nei Dangerous Liaisons kaam der fan regisseur Miloš Forman in oare Ingelsktalige ferfilming fan itselde wurk út, ûnder de titel Valmont, mei Colin Firth as de boarchgreve de Valmont, Annette Bening as de markizinne de Merteuil, Meg Tilly as madame de Tourvel en Fairuza Balk as Cécile de Volanges. In trêde ferneamde Ingelsktalige filmadaptaasje, wêryn't it ferhaal yn 'e moderne tiid yn 'e Feriene Steaten spilet, is Cruel Intentions, út 1999, mei yn 'e haadrollen Ryan Philippe, Sarah Michelle Gellar, Reese Witherspoon en Selma Blair. Yn Frankryk waard yn 2003 ek de minysearje Les Liaisons dangereuses makke, mei yn 'e haadrollen Catherine Deneuve, Rupert Everett, Nastassja Kinski en Leelee Sobieski.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske histoaryske film
- Amerikaanske romantyske dramafilm
- Amerikaanske kostúmdramafilm
- Histoaryske romantyske film
- Ingelsktalige film
- Film fan Warner Bros.
- Film fan Stephen Frears
- Film út 1988
- Film oer ferskil yn maatskiplike klasse
- Film oer in aristokraat
- Film oer oerhoer
- Film oer fammesteat
- Film oer ferkrêfting
- Film oer in duël
- Film oer de Pruketiid
- Film basearre op in toanielstik
- Film basearre op in literêr wurk