Annette Bening

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Annette Bening

Annette Bening (Topeka (Kansas), 29 maaie 1958) is in Amerikaansk aktrise. Benning ferfarde al as bern nei Kalifornje. Nei de middelbere skoalle studearre hja Drama en debutearre yn it teater mei Coastal Disturbances yn New York.

Har earste film wie de televyzjefilm Manhunt for Claude Dallas yn 1986. Se ferskynde foar it earst op it wite doek yn 1988 yn de film The Great Outdoors. Har karriêre naam doe de guit en hja krige Oscar nominaasjes foar har rol yn The Grifters, 1990 en American Beauty yn 1999. Yn 2005 wûn se de Golden Globe foar bêste aktrise yn de komeedzje Being Julia.

Bening moete akteur Warren Beatty op de set fan Bugsy (1991), en hja boasken yn 1992. It pear hat fjouwer bern.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

  • 1986 - Manhunt for Claude Dallas (TV)
  • 1988 - The Great Outdoors
  • 1989 - Valmont
  • 1990 - Postcards from the Edge
  • 1990 - The Grifters
  • 1991 - Regarding Henry
  • 1991 - Bugsy
  • 1994 - Love Affair
  • 1995 - The American President
  • 1995 - Richard III
  • 1996 - Mars Attacks!
  • 1999 - American Beauty
  • 2003 - Open Range
  • 2004 - Being Julia
  • 2006 - Running with Scissors
  • 2008 - The Women
  • 2009 - Mother and Child
  • 2010 - The Kids Are All Right
  • 2012 - Ruby Sparks – (Ruby Sparks)
  • 2012 - Ginger & Rosa
  • 2012 - There Is No Place Like Home