Springe nei ynhâld

C. Hart Merriam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Clinton Hart Merriam)
C. Hart Merriam
persoanlike bysûnderheden
echte namme Clinton Hart Merriam
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 desimber 1855
berteplak New York (New York)
stoarn 19 maart 1942
stjerplak Berkeley (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt soölooch, etnograaf,
antropolooch, taalkundige
aktyf as publisist
jierren aktyf 18721942

C. Hart Merriam (folút: Clinton Hart Merriam; New York, 5 desimber 1855Berkeley, 19 maart 1942) wie in foaroansteand Amerikaansk mammalooch, ornitolooch, entomolooch, ekolooch, etnograaf, antropolooch, taalkundige, geograaf en dokter. Hy kaam út in begoedige maatskiplik fermidden en rekke al op sechstjinjierrige leeftyd belutsen by fjildûndersyk op it mêd fan 'e soölogy. Merriam late in opmerklik libben, mei't er eins trije folslein ferskillende karriêres efterinoar hie.

Earst wied er in súksesfol hûsdokter dy't ferskate medyske ynstruminten útfûn. Doe ûntjoech er him ta biolooch. Yn dat ferbân wurdt Merriam sjoen as de grûnlizzer fan 'e tûke fan 'e soölogy dy't him konsintrearret op 'e sûchdieren en stiet er yn syn heitelân sadwaande bekend as de "Heit fan 'e Mammalogy". Dêrnjonken died er ek ûndersyk nei fûgels, ynsekten en de natoer as gehiel. En doe't er al op jierren begûn te reitsjen, liet er frij hommels syn wurk as biolooch folslein farre om him ynstee ta te lizzen op it bestudearjen en fêstlizzen fan 'e ferdwinende Yndiaanske kultueren en talen fan Kalifornje. Ek hjoed de dei noch wurdt Merriam beskôge as in swiergewicht op al syn stúdzjeterreinen. Ferskate bisten binne nei him ferneamd.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clinton Hart Merriam waard yn 1855 berne yn 'e stêd New York, as de soan fan 'e politikus Clinton Levi Merriam, in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en dy syn frou Caroline Hart, de dochter fan in rjochter en in ôfstudearre studinte fan it Rutgers Ynstitút. De foarnamme 'Clinton', dy't sawol heit as soan droegen, wie in earbetoan oan DeWitt Clinton, de gûverneur fan 'e steat New York, mei wa't de Merriam-famylje befreone wie. Om betizing foar te kommen, waard Merriam jr. by de insjaal fan syn foarnamme en syn folsleine middelnamme neamd (dy't de famkesnamme fan syn mem wie): C. Hart Merriam.

Hoewol't Merriam yn 'e stêd New York berne waard, dêr't syn âldelju it foar de moade hiene om 'e winter troch te bringen, wenne de famylje eins yn Locust Grove ("Sprinkhoannebosk"), in lânhûs op it plattelân fan Lewis County yn it noarden fan 'e steat New York. Dêre, yn 'e neite fan 'e wyldernis fan it Adirondackberchtme, krige Merriam al ier in grutte belangstelling foar de natoer. Dêrta oanfitere troch syn heit, dy't him in âld foarladend jachtgewear joech en opslachromte om syn jachttrofeeën yn te bewarjen, begûn Merriam as bern al in kolleksje dierlike spesimina oan te lizzen. Dêrfoar learde er de keunst fan it opsetten fan bisten fan in pinsjonearre legerdokter dêr't er kunde oan hie.

Doe't er fyftjin jier wie, waard Merriam troch syn heit meinommen nei it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. Professor Spencer F. Baird, in biolooch ferbûn oan dat natoerhistoarysk museum, wie ûnder de yndruk fan 'e kolleksje dy't de jonge oanlein hie. Dy moeting mei professor Baird soe in bliuwende ynfloed op Merriam hawwe en in kearpunt yn syn libben wêze. Baird ûnderstipe Merriam by syn yntree yn 'e wrâld fan 'e wittenskip. Sa beävensearre er dat de jonge fierdere lessen yn 'e keunst fan it opsetten folgje koe by taksidermist John Wallace, en rikkemandearre er Merriam oan by de Lânmjittingsekspedysje fan Hayden.

Merriam yn 1871.

Lânmjittingsekspedysje fan Hayden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lânmjittingsekspedysje fan Hayden út 1871 hie bydroegen ta de oprjochting fan it Nasjonaal Park Yellowstone, mar de leden hiene harren wurk troch it ynfallen fan 'e winter net ôfmeitsje kinne. Yn juny 1872 makke it Amerikaanske Kongres dêrom $20.000 frij foar in twadde lânmjittingsekspedysje, dêr't de sechstjinjierrige Merriam him troch tadwaan fan professor Baird by jaan mocht. De ekspedysje, ûnder lieding fan geolooch Ferdinand Vandeveer Hayden, sette ôf út Ogden yn Utah en reizge dêrwei troch it Wasatchberchtme, de Tetondobbe en sa almar fierder noardoan, om fia Idaho, Wyoming en Montana op 't lêst te einigjen yn it nije Nasjonaal Park Yellowstone.

Merriam kaam fan dy ekspedysje thús mei 313 op te setten fûgels en 67 nêsten mei aaien. Syn ferslach publisearre er, mei help fan professor Baird, yn 'e Sixth Annual Report of the U.S. Geological Survey of the Territories ("Sechsde Jierlikse Ferslach fan 'e Amerikaanske Lânmjitting fan 'e Terriroaria"). It wie syn earste bydrage fan namme oan 'e soölogyske literatuer. Neitiid besocht luitenant George Wheeler, in rivaal fan Hayden by de ferkenning fan it Amerikaanske Westen, de jonge Merriam by Hayden wei te lokjen sadat er lid fan 'e Wheeler-ekspedysjes wurde koe. Dêrtroch rekke Merriam yn in lestige sitewaasje as ynset fan in al jierren duorjende fete tusken de beide ûntdekkingsreizgers. Op 'e nij holp professor Baird him út 'e brân, troch oan te rikkemandearjen dat Merriam earst mar wer ris nei skoalle gean soe om him op syn stúdzje ta te rieden.

Merriam folge de goerie fan Baird op en rette him yn 1872 en 1873 foar op syn universitêre stúdzje troch lessen te folgjen oan 'e Pingry Militêre Skoalle yn Elizabeth (Nij-Jersey) en oan it Williston Seminarium yn Easthampton (Massachusetts). Yn 1874 sette er útein mei in stúdzje natoerhistoarje en anatomy oan 'e Universiteit fan Yale yn New Haven. Dêr krige er les fan sokke foaroansteande heechlearaars as Alpheus Hyatt Verrill en Daniel Cady Eaton. Yn dyselde snuorje publisearre Merriam ferskate wittenskiplike ferslaggen: Ornithological Notes from the South ("Ornitologyske Oantekenings út it Suden"), nei in reiske nei Floarida mei syn heit, en A Review of the Birds of Connecticut ("In Koart Oersjoch fan 'e Fûgels fan Konettikut"). Dat lêste wurk wie opmerklik om't Merriam dêryn as earste it idee oppenearre dat de lokaasje fan it briedgebiet fan fûgels wolris bepaald wurde kinne soe troch it klimaat.

De lessen dy't Merriam folge, wiene net inkeld teoretysk, mar ek praktysk; sa moasten hy en syn klasgenoaten minsklike stoflike omskotten ûntleedzje dy't de Universiteit fan Yale krigen hie fan in mortuarium yn New York. Soks ynteressearre him sà, dat er yn 1877, nei it foltôgjen fan syn stúdzje te Yale, úteinsette mei in nije stúdzje medisinen oan 'e Columbia Universiteit yn New York. Yn 'e tiid dat er dêr studearre, wie Merriam ien fan 'e oprjochters fan it Linnaeusgenoatskip fan New York, dêr't er de earste foarsitter fan waard. Teffens wied er in ier lid fan 'e Ornitologyske Klub fan Nuttall en ien fan 'e earste bydragers oan it nijsbrief fan dy feriening. Yn 1879 studearre Merriam ôf as folleard dokter en kearde er werom nei Locust Grove om in praktyk te begjinnen.

C. Hart Merriam (yn wite jas) yn 1914, mei njonken him syn goede freon, âld-presidint fan 'e Feriene Steaten Theodore Roosevelt.

Dokter mei in leafhawwerij foar soölogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1879 oant 1885 wurke Merriam as hûsdokter, in karriêre dêr't er tige súksesfol yn wie. Yn dy snuorje fûn er ferskate nije medyske ynstruminten út. Teffens skreau er in medysk traktaat, dat likernôch spitigernôch ûnderweis nei de drukkerij weirekke. Njonken syn wurk sette Merriam syn niget oan 'e natoer fuort as leafhawwerij. Hy ûnderhold in briefkerij mei ferskate biologen, wêrby't er in oanwaaksende belangstelling foar sûchdieren blike liet. Ek rekke er befreone mei ferskate pioniers op it mêd fan 'e natoerbeskerming yn 'e Feriene Steaten, ûnder wa de lettere presidint Theodore Roosevelt.

Yn 1881 publisearre Merriam syn Preliminary List of the Birds of the Adirondacks ("Foarriedige List fan 'e Fûgels fan it Adirondackberchtme"), yn 1884 folge troch it sa folslein mooglike Mammals of the Adirondacks ("Sûchdieren fan it Adirondackberchtme"). Dat lêste wurk fêstige in nije mjitstêf foar pleatslike faunastúdzjes, yn 't bysûnder foar wat de mammalogy oangie, in wittenskip dy't doedestiden noch yn 'e berneskuon stie. Yn dyselde snuorje krige Merriam belangstelling foar de ûnderlizzende fraachstikken oangeande de fersprieding fan bistesoarten, dat hy naam in klerk oan om meteorologyske argiven troch te sykjen en temperatuergemiddelden foar eltse moanne gear te stallen. Om ta in biologyske ynventarisaasje te kommen dy't de hiele steat New York omfetsje soe, hie Merriam moetings mei ferskate promininte wittenskippers, lykas de ferneamde geolooch en paleöntolooch James Hall en Charles Doolittle Walcott fan it Amerikaansk Lânmjittingsburo (U.S. Geological Survey), om stipe foar syn idee te sykjen. It slagge him úteinlik lykwols net om it Steatskongres fan New York fan syn ideeën te oertsjûgjen.

Underwilens gie Merriam troch mei it útwreidzjen fan syn sammeling dierlike spesimina. Dat died er hieltyd minder troch sels bisten te sjitten of te fangen, en almar mear troch oankeapen fan taksidermisten en soms troch it útjaan fan opdrachten oan jagers foar it besetten fan in eksimplaar fan in beskate bistesoarte. Op dy manear krige er kunde oan Vernon Bailey, in boeresoan út Elk River yn Minnesota, dy't in yndrukwekkend fermogen hie om sels de seldsumste bistesoarten te fangen. De beide mannen krigen in wurkrelaasje dy't oant harren dea duorje soe. Merriam joech Bailey allegeduerigen opdrachten foar it fangen fan bisten, en op syn ekspedysjes wie Bailey ornaris syn fêste selskipsman. Yn 1889 troude Bailey sels mei Merriam syn jongere suster Florence, in frou dy't sels as ornitologe baanbrekkend wurk die yn Nij-Meksiko en it Westen. Tsjin 1884, it jier dat Merriam foar it earst in folslein nije bistesoarte beskreau, de Pasifyske wetterpipermûs (Sorex bendirii), telde syn sammeling fan sûchdieren mear as 7.000 spesimina, wêrmei't er eltse doetiidske museumkolleksje belykje koe.

Yn 1883 wie Merriam in oprjochtsjend lid fan 'e Amerikaanske Uny fan Ornitologen (AOU). Hoewol't dêr ek folle âldere en mear foaroansteande wittenskippers by belutsen wiene, waard Merriam keazen as de earste siktaris en skathâlder. Ek waard er oansteld as de foarsitter fan 'e kommisje oangeande fûgeltrek en de kommisje oangeande geografyske fersprieding en ekonomyske ornitology. Hy stelde sokke ambisjeuze plannen op, dat de nije organisaasje foar de útfiering al rillegau jild tekoart kaam. Professor Baird (dy't ek in oprjochtsjend lid fan 'e AOU wie) en Merriam syn polityk ynfloedrike heit krigen it yn 1885 foarinoar dat it Amerikaanske Kongres $10.000 reservearre foar de oanstelling fan in haadornitolooch fan in nij op te rjochtsjen ornitologysk buro binnen de Difyzje Entomology fan it Amerikaansk Ministearje fan Lânbou. De foarming fan dy nije politike funksje, dêr't Merriam yn oansteld waard, markearre de ein fan syn karriêre as dokter en it begjin fan in nij wurkpaad as profesjoneel biolooch.

Libbenssônes neffens Merriam (1898).

Soölooch en grûnlizzer fan 'e mammalogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1886 waard Merriam it earste haad fan 'e nije Difyzje Ekonomyske Ornitology en Mammalogy fan it Amerikaansk Ministearje fan Lânbou, in funksje dy't er 25 jier beklaaie soe. Ut dy oerheidsynstelling soe, nei inkele tuskenstappen, úteinlik de hjoeddeistige United States Fish and Wildlife Service fuortkomme. Yn syn nije funksje begûn Merriam mei de North American Fauna-searje, wêryn't er 71 nije soarten beskreau. Dêrby gie it û.m. om: de Kodiakbear (Ursus arctos middendorffi), de Guadalupeseebear (Arctocephalus townsendi), de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus), de Tres-Maríaswaskbear (Procyon lotor insularis), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis), de Pasifyske marter (Martes caurina), it westlike bûnte stjonkdier (Spilogale gracilis), de Alaskahazze (Lepus othus), de dwerchknyn (Brachylagus idahoensis), de Olympyske marmot (Marmota olympus), de wytsturtprêrjehûn (Cynomys leucurus), de Meksikaanske prêrjehûn (Cynomys mexicanus), de Idahogoffer (Thomomys idahoensis), de San-Juanflaktegoffer (Cratogeomys fulvescens), de flaktemûsgoffer (Perognathus flavescens), de stikelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus spinatus), de rotsmûsgoffer (Chaetodipus intermedius), de lytse woastynmûsgoffer (Chaetodipus arenarius), de Kalifornyske mûsgoffer (Chaetodipus californicus), it gewoane antilopegrûniikhoarntsje (Ammospermophilus leucurus), it beldinggrûniikhoarntsje (Urocitellus beldingi), it tropysk grûniikhoarntsje (Notocitellus adocetus), de Kalifornyske reade wrotmûs (Clethrionomys californicus) en de langsturtwrotmûs (Microtus longicaudus).

Yn dyselde tiid joech Merriam stal oan 'e stúdzje fan sûchdieren en dêrtroch kaam er yn 'e Feriene Steaten bekend te stean as de "Heit fan 'e Mammalogy". Net al syn ideeën doogden lykwols. Sa stiet er ek bekend as ien dy't tefolle opspjalte woe en dêrom allinnich al yn Noard-Amearika bgl. tsientallen ferskillende soarten brune bearen foarstelde, ferdield oer ferskate taksonomyske skaaien. De moderne mammalogy leart dat de brune bear (Ursus arctos) wrâldwiid mar ien soarte is, en dat de ferskillende soarten dy't Merriam foarstelde, eins ûndersoarten of geografyske populaasjes binnen ûndersoarten binne. Nettsjinsteande dat beholden syn detaillearre taksonomy en yngeande fjildwurk desennialang grutte ynfloed op lettere mammalogen.

Yn 1888 wie Merriam in oprjochtsjend lid fan it Nasjonaal Geografysk Genoatskip (National Geographical Society). Yn 1889 gied er op ekspedysje nei it Koloradoplato yn it Amerikaanske Súdwesten. Yn it ferslach fan dy reis died er yn 1890 ek syn idee út 'e doeken oer saneamde "libbenssônes" (life zones), ûnderskate geografyske regio's mei in spesifyk klimaat en in spesifike mienskip fan planten en bisten dy't bûn is oan dat klimaat. Tsjintwurdich wurdt soks in bioom neamd. Merriam klassifisearre yn syn wurk de biomen fan Noard-Amearika neffens folchoarder fan hichte boppe seenivo en neffens klimaatsône fan 'e evener nei de Noardpoal. Yn 1899 holp er de spoarweimagnaat E.H. Harriman om in ferkennende ekspedysje nei Alaska te organisearjen. Hy gie ek mei op dy ekspedysje, dy't twa moannen lang de kust folge, fan Seattle oant Sibearje. Yn 1902 waard er keazen ta foarsitter fan 'e Amerikaanske Uny fan Ornitologen.

Merriam yn 1903.

Etnograaf en taalkundige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar syn wurk as biolooch reizge Merriam in protte troch it westen fan 'e Feriene Steaten, dêr't er op ûnbekend terrein fier fan hûs ornaris fierhinne ôfhinklik wie fan pleatslike gidsen dy't thús wiene yn 'e wyldernis. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene dat yn 'e regel Yndianen, dy't faak gjin of mar breklik Ingelsk sprieken. Om dochs oan weardefolle ynformaasje oer de pleatslike fauna te kommen, wie Merriam twongen en lear ferskate Yndiaanske talen. Geandewei rekke er fassinearre troch de Yndiaanske kultueren, benammen dy fan 'e stammen fan Kalifornje. Troch it oernimmen fan harren lân troch blanke kolonisten en de twongen assimilaasje yn 'e Amerikaanske kultuer begûn it mei de Yndianen yn it neigean te reitsjen. Omtrint 1910 hie dat proses sokke foarmen oannommen, dat it Merriam dúdlik waard dat de Yndiaanske talen en kultueren oan it ferdwinen wiene.

Wisberet dat de kennis oer de kultueren en talen net ferlern gean mocht, skokte Merriam syn kollega's yn biologyske fermiddens oan 'e Amerikaanske eastkust troch frij hommels syn hiele karriêre as biolooch der oan te jaan en nei Kalifornje te ferfarren om in nij wurkpaad as folkekundige en taalkundige te begjinnen, mêden fan 'e wittenskip dêr't er hielendal net foar oplaat wie. Doe't Merriam syn freon Harriman ferstoar, bea dy syn widdo Mary Williamson Harriman Merriam in iepen wittenskiplike talage oan en fitere se him oan om te bestudearjen wat er mar woe. Op basis fan dy fêste finansjele grûnslach koed er him oerjaan oan it optekenjen fan Yndiaanske myten, it beskriuwen fan rituelen en it fêstlizzen fan wurdskatten. Teffens ûnderstipe er de lieders fan 'e stammen mei rie en die.

De bydragen fan Merriam oan 'e Yndiaanske folkekunde en taalkunde binne tige wichtich, fral wat de stammen fan sintraal Kalifornje oangiet. Hy wurdt noch altyd priizge om 'e ûnbidige hoemannichte ynformaasje dy't er fêstlei yn syn fjildnotysjes. Sels wurke er lang net alle ynformaasje út, mar foar oare folkekundigen wiene syn papierren in skatkiste. Merriam publisearre in hiele rige wittenskiplike ferhannelings oer syn stúdzje fan Yndiaanske folken en hy brûkte de konklúzjes dêr't er ta kaam om op te kommen foar de rjochten fan 'e Yndianen. Syn notysjes binne noch altyd foar it meastepart net publisearre. Se waarden oarspronklik bewarre yn it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C., mar binne letter oerdroegen oan it Antropologysk Museum fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley yn Berkeley by San Francisco.

Merriam om 1930 hinne.

Merriam troude op 15 oktober 1886 mei syn eigen sekretaresse Virginia Elizabeth Gosnell. Hoewol't er yn 't earstoan ompakte mei har minne behearsking fan 'e Ingelske grammatika en mei it feit dat er mei har ûnder syn stân trouwe soe, koed er úteinlings syn leafde en respekt foar har net ûntkenne. Nei harren trouwen trune er har oan om har troch ûnderwiis fierder te ûntwikkeljen, wat tige ûngewoan wie yn dy tiid. Hja waard syn libbenslange selskipsfrou, dy't gauris meigie op syn ekspedysjes (ek tige ûngewoan, doedestiden). Merriam en Virginia krigen twa dochters, Dorothy en Zenaida, fan wa't de lêste ek gauris mei har heit op en út wie oant se sels troude.

Merriam syn pakesizzer Lee Merriam Talbot (19302021) wie in geograaf en ekolooch fan namme. Hy wie lid fan it team fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) dat yn 1957 de útstoarn waande Mesopotamyske deim (Dama mesopotamica) werûntdiek. Fan 1980 oant 1983 tsjinne er as sekretaris-generaal fan 'e IUCN.

C. Hart Merriam ferstoar op 19 maart 1942 yn syn wenplak Berkeley, yn Kalifornje, yn 'e âlderdom fan 86 jier.

Ferskate bisten binne nei C. Hart Merriam ferneamd. Foarbylden binne merriamkleauhagedis (Sceloporus merriami), de merriamkalkoen (Meleagris gallopavo merriami, in ûndersoarte fan 'e wylde kalkoen), de merriamwapity (Cervus elaphus merriami, in no útstoarne ûndersoarte fan 'e wapity), de merriamgoffer (Cratogeomys merriami), de merriammûsgoffer (Perognathus merriami), it merriamwangpûdiikhoarntsje (Neotamias merriami) en it merriamgrûniikhoarntsje (Urocitellus canus).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.