Springe nei ynhâld

Ekology

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ekolooch)

Ecology as wittenskip is in ûnderdiel fan biology. De ekology bestudearret de dynamyk fan de wikselwurking tusken organismes, populaasjes of libbensmienskippen (de biotyske miljeufaktoaren) en de relaasjes tusken organismen, populaasjes, libbensmienskippen of lânskippen en de net-biologyske omjouwing (de abioatyske miljeufaktoaren). De stúdzje op it nivo fan de soarte hjit ek wol auto-ekology en op it nivo fan de libbensmienskip en ekosysteem hjit mienskipsekology of synekology.

It wurd ekology (oarspronklik Dútsk: Ökologie) waard yntrodusearre troch de Dútske biolooch Ernst Haeckel yn 1866, as gearlûking fan de Grykske wurden oikos (húshâlding) en logos (stúdzje, wittenskip).

Yn de Angelsaksyske wrâld waard dit ecology, dat dêr in wat oare, mear miljeukundige en minsk-rjochte, betsjutting krige. Yn Nederlân besteane it mear biologyske oekology en mear miljeukundige ekology neist elkoar, mar it ferskil ferdizenet.

It wurd ekology wurdt ek brûkt yn oare betsjuttings:

  • relatearre oan in better miljeu, banammen dat fan de minsk,
  • rjochte op in bepaalde libbensbeskôging (sjoch ekologisme)
  • mear praktysk, oangeande gedrach dat goed is foar minsk, miljeu en natoer (sjoch ekologyske lânbou en EKO-keurmerk).
  • Krebs (1980)
  • Odum Ecology
  • WORSTER, D. (1977) Nature’s Economy (Cambridge).