Springe nei ynhâld

Beldinggrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
beldinggrûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai langsturtgrûniikhoarntsjes
   (Urocitellus)
soarte
Urocitellus beldingi
Merriam, 1888
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It beldinggrûniikhoarntsje of Beldings grûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus beldingi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bistke is lânseigen yn it westen fan 'e Feriene Steaten. It is in deidier mei in fierhinne herbivoar dieet dat yn famyljegroepen libbet yn ûndergrûnske hoalen. It beldinggrûniikhoarntsje hâldt in lange wintersliep. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.

It ferspriedingsgebiet fan it beldinggrûniikhoarntsje leit yn it westlike part fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It beslacht rûchwei de eastlike helte fan Oregon, it súdeasten fan Idaho, it uterste noardwesten fan Utah, it noarden en de midden fan Nevada, it noardeasten fan Kalifornje, en de Sierra Nevada op 'e grins fan Kalifornje en Nevada.

In beldinggrûniikhoarntsje sjocht ris bûtendoar.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It beldinggrûniikhoarntsje hat in kop-romplingte fan 23–30 sm, mei in sturtlingte fan 4,4–7,6 sm en in gewicht fan trochinoar 290 gram. De earen binne lyts, de poaten koart en ek de sturt is, yn ferhâlding ta besibbe soarten grûniikhoarntsjes, oan 'e koarte kant. De sturt hat de foarm fan in ôfplatte plomsturt. Op 'e poaten groeit net folle hier. De wangpûden binne yn ferliking ta dy fan oare grûniikhoarntsjes net botte grut. De pels is grizich op 'e siden, en feroaret dêrwei nei ûnderen en nei boppen ta stadichoan fan kleur, oant er readbrún is op 'e rêch en bêzje op 'e bealch.

Beldinggrûniikhoarntsjes jouwe de foarkar oan heger leine biotopen, op in hichte fan 2.000–3.600 m boppe seenivo. De bistkes komme benammen foar op berchgreiden, mar ek op mei aalststrûken begroeide heechflakten, yn gebieten mei aalst en gers trochinoarhinne en op ikkers. It beldinggrûniikhoarntsje mijt wâlden, ticht strewelleguod, lang gers en rotsige berchskeanten, mei't er dêr gjin útsjoch hat om rôfdieren op 'e tiid gewaar te wurden. Mar de begroeiïng, sij it gers of aalst, moat ek wer net te koart wêze, om't er dan gjin beskûl hat foar rôfdieren.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It beldinggrûniikhoarntsje libbet yn famyljegroepen dy't besteane út besibbe wyfkes mei harren jongen. De mantsjes binne fierhinne solitêr. De bisten kenne inoar wer oan har rook. De mjitte fan gearwurking tusken yndividuën liket basearre te wêzen op hoe nau oft se mei-inoar besibbe binne. Beldinggrûniikhoarntsjes binne deidieren. Se libje yn in ûndergrûnske hoale, dy't se ferlitte as de sinne opgiet. It earste iikhoarntsje dat bûten komt, giet op wacht stean en sjocht om him hinne om rôfdieren gewaar te wurden. Dat eksimplaar bliuwt by de yngong fan 'e hoale stean oant alle oare leden fan 'e groep feilich bûtendoar kommen binne.

In beldinggrûniikhoarntsje sjocht wach om him hinne.

Beldinggrûniikhoarntsjes slane gjin iten op yn foarriedhoalen, mar lizze ûnderhûdske fetfoarrieden oan dy't har troch de winter helpe moatte. Se bringe wol 40% fan 'e simmer troch mei iten. Dat dogge se steand op 'e efterpoatsjes, wylst se it fretten yn 'e foarpoatsjes hâlde. Sa kinne se ûnderwilens om har hinne sjen oft der ek rôfdieren op 'e loer lizze. De aktiviteit fan beldinggrûniikhoarntsjes belunet as de temperatuer oprint. In grut diel fan 'e dei lizze se op rotsen te sinnebaaien. Fierders fiere se ek ûnderhâld út oan 'e hoale, boartsje se mei-inoar en fliejeie se by inoar. Likernôch midden op 'e middei lûke se har wer yn 'e hoale werom.

De wintersliep dy't it beldinggrûniikhoarntsje hâldt, is tige lang, mar fariëarret nei geslacht en âldens. Folwoeksen mantsjes geane heger yn 'e bergen ein july of begjin septimber al yn wintersliep. Folwoeksen wyfkes dogge dat ein septimber of in pear wiken letter, ôfhinklik fan 'e hichte. Healwoeksen mantsjes geane ek ein septimber yn wintersliep, mar healwoeksen wyfkes wachtsje oant ein oktober. Mei it iere begjin fan 'e wintersliep mije de bisten de hjitte, drûge simmersein. Wannear't se wer út har wintersliep wekker wurde, ferskilt ek nei hichte en oare faktoaren. Op legere hichten komme mantsjes yn febrewaris al foar 't ljocht, mar yn heger leine kontreien kin dat pas barre tsjin 'e ein fan april. De wyfkes komme wat dat oangiet oeral in pear wiken efterop.

De peartiid falt foar beldinggrûniikhoarntsjes koart nei de ein fan 'e wintersliep, tusken ein febrewaris en begjin juny. Sawol de mantsjes as de wyfkes pearje mei mear as ien partner. De wyfkes binne elts jier net mear as fiif oeren tyldriftich, dat wannear't soks bart, lûkt it gâns mantsjes oan, dy't fûleindich fjochtsje foar it rjocht om mei har te pearjen. Dat betsjut dat gruttere, âldere mantsjes mear kâns meitsje op it trochjaan fan harren genen. Ien wyfke kin yn har tyldriftige perioade wol mei fiif mantsjes efterinoar pearje. Dat fergruttet de kâns dat se drachtich rekket en ek it genetysk ferskaat fan 'e populaasje, mei't de jongen út ien smeet fan ferskillende heiten wêze kinne.

In pear jongen by de yngong fan in hoale.

Wyfkes fan it beldinggrûniikhoarntsje smite mar ien nêst jongen yn it jier. As se drachtich reitsje, grave se in aparte nêsthoale, dêr't se in nêst fan gers en plantewoartels yn oanlizze. De nêsthoale wurdt agressyf ferdigene tsjin soartgenoaten dy't net besibbe binne. De reden foar dat hâlden en dragen is dat ynfantiside en kannibalisme fan jongen by beldinggrûniikhoarntsjes soms foarkomt as in net besibbe yndividu in nêsthoale binnenkringt. De draachtiid duorret 23–31 dagen, wêrnei't yn maart oant begjin july 3–8 jongen smiten wurde. Dy wurde troch de wyfkes allinnich grutbrocht, mei't de mantsjes nei de pearing fierders neat mei de fuortplanting te krijen hawwe. De earste wiken bliuwe de jongen ûnder de grûn. Mei 27 dagen wurde se ôfwûn. Dêrnei nimt it wyfke se mei út 'e hoale, en ferliest se har agresje foar ûnbesibbe soartgenoaten oer. Yn 't earstoan bliuwe de jongen deunby de nêsthoale, mar op 'e trêde dei boppegrûnsk begjinne se de omkriten te ferkennen. De mantsjes geane gau dêrnei op 'e swalk, wylst de wyfkes har by de famyljegroep fan 'e mem jouwe.

Beldinggrûniikhoarntsjes hawwe in fierhinne herbivoar dieet, dat foar it meastepart bestiet út blommen fan krûden en sieden fan gerzen en oare planten. Dêrnjonken frette se ek wol nuten, woartels, bollen, poddestuollen en griene plantedielen. Ut en troch meitsje se lykwols ek ynsekten en oare lyts wrimelt, ies en lytse wringedieren lykas hagedissen lytsman. Soms jouwe se har oer oan kannibalisme troch soartgenoaten te beplúzjen.

In trio beldinggrûniikhoarntsjes.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan it beldinggrûniikhoarntsje binne de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis), de sulverdas (Taxidea taxus), de reade lynks (Lynx rufus), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans), de keningsearn (Aquila chrysaetos) en ferskate oare soarten earnen en haukfûgels. Beldinggrûniikhoarntsjes hawwe twa alaarmroppen om inoar foar sokke bisten te warskôgjen: in tsjirpend lûd en in fluitsjend lûd. De tsjirpende alaarmrop wurdt brûkt foar bedrigings dy't net fuortendaliks gefaar opsmite, oer it algemien fan grûnrôfdieren. De oare iikhoarntsjes reägearje derop troch op 'e efterpoaten stean te gean of op in rots te klimmen om it rôfdier better sjen te kinnen. De fluitsjende alaarmrop is foar bedrigings mei akút gefaar, almeast fan rôffûgels. As se dat lûd hearre, flechtsje alle iikhoarntsjes halje-trawalje de hoale yn.

It beldinggrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Der binne 3 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan it beldinggrûniikhoarntsje (Urocitellus beldingi):

  • U. b. beldingi (de Sierra Nevada en westlik Nevada)
  • U. b. creber (noardlik en sintraal Nevada, súdwestlik Idaho, súdeastlik Oregon en noardwestlik Utah)
  • U. b. oregonus (eastlik Oregon, noardwestlik Nevada en noardeastlik Kalifornje)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.