Springe nei ynhâld

Lytse woastynmûsgoffer

Ut Wikipedy
lytse woastynmûsgoffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûsgoffers (Heteromyidae)
skaai rûchhierrige mûsgoffers
   (Chaetodipus)
soarte
Chaetodipus arenarius
Merriam, 1894
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lytse woastynmûsgoffer (wittenskiplike namme: Chaetodipus arenarius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus), dat lânseigen is op it Kalifornysk Skiereilân. It is ien fan 'e lytsere mûsgoffers, dêr't noch net in protte oer bekend is. De IUCN klassifisearret de lytse woastynmûsgoffer as net bedrige.

Yn syn fersprieding is de lytse woastynmûsgoffer beheind ta it Kalifornysk Skiereilân, yn it noardwesten fan Meksiko. Dit bistke ûntbrekt dêre yn it uterste noardwesten, tsjin 'e grins mei de Amerikaanske steat Kalifornje oan, en teffens op 'e uterste súdpunt fan it skiereilân en by de eastkust lâns fan Punta de las Animas nei it suden ta. De lytse woastynmûsgoffer komt wól foar op 'e eilannen Magdalena, yn 'e Stille Oseaan, en Jacques Cousteau (foarhinne Cerralvo), oan 'e súdlike útein fan 'e Golf fan Kalifornje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse woastynmûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 6,8 sm, mei in sturtlingte fan 8,6 sm en in gewicht fan likernôch 11 g. De behierre sturt is langer as it lichem en hat oan 'e útein in lytse kwast. Dizze soarte fertoant in beskate foarm fan seksuele dimorfy, yn 'e sin dat de mantsjes justjes grutter en foarser binne as de wyfkes. De pels is sêft en mist de stikels dêr't besibbe soarten rûchhierrige mûsgoffers oer beskikke, hoewol't der op 'e bealch in stikmannich mear boarstelige hierkes sitte kinne.

De earkes binne lyts en dûnker, mei in lok wite hierkes oan 'e basis. De pelskleur fariëarret op 'e rêch, kop en de boppekant fan 'e sturt fan bleek griis of bêzje oant dûnkerbrún. De bealch, kiel, poaten en ûnderkant fan 'e sturt binne wyt of krêmkleurich. De beide kleurflakken kinne faninoar skaat wurde troch in bêzje streek oer de siden, mar yn 'e measte populaasjes is dy mar dizenich oanwêzich of mist er hielendal.

Lytse woastynmûsgoffers libje op it Kalifornysk Skiereilân yn 'e Sonoarawoastyn. It karakteristike biotoop fan 'e bistkes is flak gebiet mei mar kwealk fegetaasje en drûge, losse, sânige grûn. Se komme lykwols ek foar op berch- en heuvelskeanten en yn drûchfallen rivierbêden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan 'e lytse woastynmûsgoffer is mar in hiel lyts bytsje bekend. Dit bist libbet yn in hoale dy't er sels graaft, it leafst yn mul sân. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e lytse woastynmûsgoffer is de goudûle (Tyto alba). Oer de fuortplantingssyklus fan 'e lytse woastynmûsgoffer is alhielendal neat bekend, útsein dat in wyfke dat yn maart fongen waard, drachtich wie mei twa embryo's.

De lytse woastynmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige". Hoewol't de populaasjetrend net ûndersocht is, hawwe soölogen der fertrouwen yn dat dit bist gjin gefaar op útstjerren rint. Der liket gjin spesifike bedriging foar de lytse woastynmûsgoffer te bestean, en it bistke hat frijwol gjin direkt of yndirekt kontakt mei de minske.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.