Springe nei ynhâld

Rûchhierrige mûsgoffers

Ut Wikipedy
rûchhierrige mûsgoffers
In baileymûsgoffer (Chaetodipus baileyi).
In baileymûsgoffer (Chaetodipus baileyi).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: bevers en goffers
   (Castorimorpha)
tuskenskift: goffereftigen (Geomorpha)
boppefamylje: goffers en mûsgoffers
   (Geomyoidea)
famylje: mûsgoffers (Heteromyidae)
ûnderfamylje: skeintoskmûsgoffers
   (Perognathinae)
skaai: rûchhierrige mûsgoffers
   (Chaetodipus)
Merriam, 1889

De rûchhierrige mûsgoffers (wittenskiplike namme: Chaetodipus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en de ûnderfamylje fan 'e skeintoskmûsgoffers (Perognathinae). Yn guon taksonomyske yndielings wurde de rûchhierrige mûsgoffers yn it susterskaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus) pleatst.

Ta dit skaai hearre santjin soarten dy't foarkomme yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn it noardwesten fan Meksiko. Karakteristike skaaimerken binne in rûge pels en in lange sturt. Se libje oer it algemien yn drûge biotopen, lykas steppe en woastyn. Se brûke har klauwen om hoalen te graven en siedsjes op te dobjen. Dy siedsjes bewarje se yn 'e eksterne wangpûden oan 'e bûtenkant fan 'e kop oant se weromgeane nei har hoale.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.