Rotsmûsgoffer
rotsmûsgoffer | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chaetodipus intermedius | ||||||||||||
Merriam, 1889 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De rotsmûsgoffer (wittenskiplike namme: Chaetodipus intermedius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus). Dit bist komt foar yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noardwesten fan Meksiko. It is in middelgrutte mûsgoffer mei in libbenswize as nachtdier. De IUCN klassifisearret de rotsmûsgoffer as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e rotsmûsgoffer beslacht dielen fan 'e súdwestlike steaten fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder it suden en westen fan Arizona, it súdwesten en de midden fan Nij-Meksiko, West-Teksas, in stikje fan it midsuden fan Utah en de súdpunt fan Nevada. Yn Meksiko komt dit bist foar yn it noardwesten fan it lân, yn dielen fan 'e dielsteaten Sonoara en Chihuahua. It areaal fan 'e rotsmûsgoffer omfiemet guon fan 'e drûchste gebieten yn Noard-Amearika, behearrend ta de Sonoarawoastyn en de Chihuahuawoastyn.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsmûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan sa'n 8 sm, mei in sturtlingte fan 10 sm en in gewicht fan 12–18 g. Lykas by de measte mûsgoffers is de sturt langer as it lichem. De pels is bêzje oant griis-brún op 'e rêch en de kop, mar ljochtgriis oant wyt op 'e bealch, kiel en poaten.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rotsmûsgoffers libje yn tige drûge gebieten, foar it meastepart woastinen, dêr't se foarkomme op plakken dêr't rotsen bleatlizze. Se hâlde in protte ta yn 'e holten yn en spjalten tusken dy rotsen. Dêrfandinne ek de namme 'rotsmûsgoffer'.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rotsmûsgoffers binne nachtdieren, dy't har oerdeis weromlûke yn in hoale dy't se grave yn losse grûn fuort njonken of ûnder rotsen. Se binne herbivoaren, dy't fierhinne besteane op in dieet fan plantesieden. Sels steane se op it menu foar ferskate soarten ûlen. Om dy te ûntwiken, bejouwe se har mar komselden fier fan rotsen ôf, dêr't se beskûl sykje kinne yn holten en spjalten. De peartiid duorret foar de rotsmûsgoffere ferskate moannen en begjint yn febrewaris of maart. It wyfke smyt in nêst fan ornaris 3–6 jongen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk wiene rotsmûsgoffers wol yn tsien ûndersoarten opdield, basearre op geografyske fersprieding en fariaasjes yn 'e pelskleur. De measte rotsmûsgoffers hawwe in ljochte, bêzje-eftige kleur, mar guon dy't mank (dûnkerkleurde) basaltrotsen libje, hawwe in folle dûnkere kleur om't har skutkleur him troch evolúsje oan har wenstee oanpast hat. De rotsmûsgoffer wurdt dêrtroch beskôge as in perfekt foarbyld fan natuerlike seleksje. Mar it wurdt tsjintwurdich net wis achte oft sokke oanpassings wol in ferskil yn ûndersoarte oanjouwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|