Boarstelhierrige mûsgoffer
boarstelhierrige mûsgoffer | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chaetodipus hispidus | ||||||||||||
Baird, 1858 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De boarstelhierrige mûsgoffer (wittenskiplike namme: Chaetodipus hispidus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus). Dit bist is lânseigen op 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten en yn noardlik en sintraal Meksiko. De boarstelhierrige mûsgoffer is in herbivoar en ien fan 'e grutsten fan alle mûsgoffers. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boarstelhierrige mûsgoffer komt foar op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dêr't syn ferspriedingsgebiet yn 'e Feriene Steaten frijwol de hiele steat Teksas beslacht (útsein in part fan 'e Transpecos), mei dêropta it westen fan Louisiana, hiel Oklahoma útsein it noardeastlike hoekje, it westlike twatrêdepart fan Kansas, hiel Nebraska útsein it noardeasten, it westlike twatrêdepart fan Súd-Dakota, it suden en súdwesten fan Noard-Dakota, it uterste súdeasten fan Montana, it easten fan Wyoming, de eastlike helte fan Colorado, de súdeastlike helte fan Nij-Meksiko en it súdeastlike hoekje fan Arizona. It areaal fan 'e boarstelhierrige mûsgoffer wurdt yn it easten rûchwei begrinzge troch de rivier de Missouri en yn it westen troch de Rocky Mountains. Yn Meksiko komt dit bist foar yn it dielen fan it noarden en noardeasten fan it lân, en yn it noardlike diel fan it Heechlân fan Meksiko.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boarstelhierrige mûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 10–11,7 sm, mei in sturtlingte fan 9–111/2 sm en in gewicht fan 35–60 g. Dêrmei is dit bist ien fan 'e grutste mûsgoffers. De earkes binne lyts en mjitte 1,2–1,4 sm yn lingte, wylst de krêftige efterpoaten 2,3–3 sm lang binne. De pels, dy't tige rûch is (dêrfandinne de oantsjutting "boarstelhierrich"), hat op 'e rêch en de kop in griis-brune of bêzje kleur mei swarte hierren dertrochhinne. Oer de siden en de wangen rint in opfallende giel oant oranje streek, wylst de bealch en de kiel wyt binne.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarstelhierrige mûsgoffers bewenje in ferskaat oan drûge, heger leine biotopen, mar jouwe de foarkar oan gebieten mei sânige grûn en plakken dêr't de grûn net troch fegetaasje bedutsen wurdt. Kwa plantegroei hawwe se it leafst koart oant middelheech gers, mei wat strewelleguod en kaktussen. Se komme ek in protte foar yn kriten mei rotsige en/of liemige grûn. Yn prêrje mei rotsen sil men omdôch nei har sykje, en se lykje ek sândunen en rivierdellings te mijen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boarstelhierrige mûsgoffer is foar it meastepart in herbivoar, dy't libbet op in dieet dat fierhinne út sied fan gerzen en krûden liket te bestean. Dy wurde hiel selektyf gearfandele en yn 'e eksterne wangpûden, dy't oan 'e bûtenkant fan 'e wangen sitte, meinommen nei de hoale. Boarstelhierrige mûsgoffers frette dêrnjonken ek wol blêden en soms ynsekten.
De boarstelhierrige mûsgoffer libbet solitêr. Hoalen wurde altyd groeven yn broazele ûndergrûn en hawwe 2–3 yngongen dy't gauris tichtset wurde mei in klute. Oars as oare mûsgoffers lit dit bist gauris in opfallende bulte útgroeven ierde by syn hoale lizze, krekt sa't goffers dat dogge, mar dan in stik lytser.
Oer de fuortplantingssyklus fan 'e boarstelhierrige mûsgoffer is net folle bekend. Mantsjes mei fergrutte testikels binne dokumintearre fan maart oant en mei oktober, en drachtige wyfkes binne fongen yn july en augustus. De lingte fan 'e peartiid, dy't dêrtroch suggerearre wurdt, makket it oannimlik dat wyfkes twa of mear nêsten jongen yn 't jier smite kinne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boarstelhierrige mûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 4 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e boarstelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus hispidus):
- C. h. hispidus (eastlik, sintraal en súdlik Teksas, westlik Louisiana en noardeastlik Meksiko)
- C. h. paradoxus ( westlik Súd-Dakota, súdwestlik Noard-Dakota, súdeastlik Montana, eastlik Wyoming, westlik Nebraska, eastlik Colorado, westlik Kansas, westlik Oklahoma en de Panhandle fan Oklahoma, de Panhandle fan Teksas, West-Teksas, eastlik en súdlik Nij-Meksiko, súdeastlik Arizona en noardlik Meksiko)
- C. h. spilotus (sintraal Oklahoma, sintraal Kansas en súdeastlik Nebraska)
- C. h. zacatecae (Heechlân fan Meksiko)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|