Goffers

Ut Wikipedy
Goffers
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: bevers en goffers
   (Castorimorpha)
tuskenskift: goffereftigen (Geomorpha)
boppefamylje: goffers en mûsgoffers
   (Geomyoidea)
famylje: goffers (Geomyidae)
Bonaparte, 1845

De goffers (wittenskiplike namme: Geomyidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha) en de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea).

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan it wurd "goffer" (Ingelsk: gopher) is ûnwis. Der wurdt wol sein dat it in ferbastering is fan it Frânske gaufre, dat "wafel" betsjut, om't de troch goffers oanleine ûndergrûnske hoalestelsels wol wat hawwe fan 'e hunichskiifstruktuer fan in wafelkoek. In oare, en faaks wierskynlikere etymology fan it wurd is dat it in ûntliening is út ien fan 'e Yndiaanske Muskogeeske talen.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goffers binne middelgrutte kjifdieren, mei in kop-romplingte fan 15–20 sm mei dêropta in lyts sturtsje fan 21/2–5 sm. It gewicht fan 'e bisten bedraacht foar de measte soarten sa'n 200 g, hoewol't inkelen in gewicht fan 2 kg helje. By eltse soarte binne de mantsjes grutter as de wyfkes. Goffers hawwe eksterne wangpûden, d.w.s net yn 'e mûle mar oan 'e bûtenkant fan 'e wangen, mei de yngong nei foarren wizend, dêr't se iten yn sammelje en sa mei weromnimme nei har hoale. De wangpûden binne ek oan 'e binnenkant mei hier begroeid en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se te himmeljen.

Goffers libje sa'n 3 jier mei in absolút maksikum fan 5 jier. Se steane bekend as fûleindige gravers, dy't grutte ûndergrûnske hoalestelsels oanlizze en dêr it oergrutte part fan harren libben trochbringe. It binne foar it meastepart solitêre herbivoaren, dy't mar komselden boppe de grûn komme en besteane op in dieet fan plantewoartels oanfolle mei strewelleguod. Teffens frette se graach sophâldende grienten, lykas woartels, slaad en radiis. Sadwaande wurde se troch túnkers faak beskôge as in pleachdier.

Famylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1) guon mammalogen diele dit skaai yn as in ûnderskaai fan 'e bullergoffers (Pappogeomys)
2) guon mammalogen diele dit skaai yn as in ûnderskaai fan 'e reuzegoffers (Orthogeomys)
Guon boarnen neame ek in skaai mei de namme Hypogeomys, mar dy namme is ornaris reservearre foar de Malagassyske reuzerotten, in skaai fan in hiele oare famylje fan kjifdieren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.