Flaktemûsgoffer
flaktemûsgoffer | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Perognathus flavescens | ||||||||||||
Merriam, 1889 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De flaktemûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus flavescens), ek wol flaktewangpûdmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus). It is lânseigen yn dielen fan 'e midden en it súdwesten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, mei dêropta in lyts diel fan noardlik Meksiko. De flaktemûsgoffer is lyts, herbivoar nachtdierke dat in sêfte, side-eftige pels hat en iten sammelet yn syn mânske wangpûden om mei werom te nimmen nei syn hoale. De IUCN klassifisearret de flaktemûsgoffer as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It areaal fan 'e flaktemûsgoffer bestiet út twa grutte, net opinoar oanslutende gebieten, dy't faninoar skaat wurde troch de Rocky Mountains.
Eastlik fan dat berchtme komt de flaktemûsgoffer foar op in grut diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, besteande út noardlik Teksas, de eastlike râne fan Nij-Meksiko, de panhandle fan Oklahoma, westlik Oklahoma, it eastlike trêdepart fan Kolorado, it westlike trijefearn fan Kansas, de uterste súdeastlike punt fan Wyoming, frijwol hiel Nebraska, it eastlike twatrêdepart fan Súd-Dakota, it súdeasten fan Noard-Dakota, it suden fan Minnesota, it noardwestlike twatrêdepart fan Iowa en de uterste noardwestlike punt fan Missoery. De uterste eastlike grins fan 'e fersprieding fan 'e flaktemûsgoffer wurdt yn súdeastlik Minnesota en noardeastlik Iowa foarme troch de rivier de Mississippy.
Bewesten de Rocky Mountains komt de flaktemûsgoffer ek foar yn it grutste part fan westlik Nij-Meksiko, de uterste westpunt fan Teksas by El Paso, it súdeasten en noardeasten fan Arizona en dielen fan eastlik Utah en westlik Kolorado. Yn it suden rint it ferspriedingsgebiet troch oer de Meksikaanske grins troch noch in lyts hoekje fan noardlik Chihuahua mei te pakken.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flaktemûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 6,1–6,6 sm, mei in sturtlingte fan 4,9–8,9 sm en in gewicht fan 7–16 g. De pels is op 'e rêch dûnkerbêzje mei wat swarte hierren dertrochhinne en op 'e bealch is er ljochtbêzje oant wyt. Beide kleurflakken wurde faninoar skaat troch de bêzje kleurde siden, dy't ljochter binne as de rêch, mar folle dûnkerder as de bealch. De pels fielt tige sêft en side-eftich oan.
Ien fan 'e apartste anatomyske nuveraardichheden fan 'e flaktemûsgoffer (en alle oare mûsgoffers) binne har ekterne wangpûden. Dy sitte net yn 'e mûle, mar ynstee oan 'e bûtenkant fan 'e kop, oer de wangen hinne en sa fierder nei efteren rinnend oant de sydkanten fan 'e hals. De iepenings sitte oan 'e foarkant, deunby de bek. De wangpûden binne oan 'e binnenkant begroeid mei hier en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se skjin te hâlden.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flaktemûsgoffers libje op sânige grûn yn aride gebieten. Heuvels en leechberchtme male se net om, mar yn it heechberchtme komme se net foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flaktemûsgoffer hat in libbensdoer fan 1 oant 2 jier en ûnderhâldt in territoarium fan sa'n 400 m². De peartiid rint fan april oant septimber, mar falt foar it meastepart yn july en augustus. De draachtiid duorret 25–26 dagen. It wyfke smyt yn 'e regel 4–5 jongen, hoewol't nêsten fan 1–7 net ûngewoan binne. De jongen binne mei 10–17 wiken geslachtsryp. Flaktemûsgoffers kinne 2 oant 3 nêsten jongen yn 't jier fuortbringe.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flaktemûsgoffers binne herbivoaren, dy't benammen libje fan sied, hoewol't se ek wol oare dielen fan planten ite. Yn 'e wangpûden fan fongen eksimplaren is sied fan û.o. feargers (Stipa), lampepoetsersgers (Cenchrus) en sypergers (Cyperus) oantroffen. Sels eksimplaren dy't yn nôtfjilden fongen wurde, hawwe ornaris inkeld sied yn 'e wangpûden fan planten dy't bouboeren as ûnkrûd beskôgje soene. Yn 'e hoalen fan flaktemûsgoffers is fierders sied oantroffen fan twa soarten nuddelier (Setaria) en fan wylde boekweet (Fagopyrum esculentum).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flaktemûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|