Springe nei ynhâld

Gewoan antilopegrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
gewoan antilopegrûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai antilopegrûniikhoarntsjes
   (Ammospermophilus)
soarte
Ammospermophilus leucurus
Merriam, 1889
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It gewoane antilopegrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Ammospermophilus leucurus), ek wol it wytsturtantilopegrûniikhoarntsje of koartwei it antilopegrûniikhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e antilopegrûniikhoarntsjes (Ammospermophilus). Dit bist komt foar yn it súdwesten en westen fan 'e Feriene Steaten en op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. It gewoane antilopegrûniikhoarntsje libbet benammen yn woastinen en oare drûge biotopen en is oerdeis aktyf. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gewoane antilopegrûniikhoarntsje is lânseigen yn in oansjenlik diel fan 'e westlike en súdwestlike legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, konsintrearre om 'e Grutte Dobbe hinne. Ta it ferspriedingsgebiet hearre frijwol it hiele grûngebiet fan Nevada, It noarden fan Arizona, it noardwesten fan Nij-Meksiko, it westen fan Colorado, it easten, suden en westen fan Utah, it súdwesten fan Idaho, it súdeasten fan Oregon, de noardeastlike grinsstripe fan Kalifornje en it hiele súdeasten fan dy Amerikaanske steat, ynkl. de Sierra Nevada, de Mojavewoastyn en it Binnenlânske Ryk. Yn it oanbuorjende Meksiko komt it gewoane antilopegrûniikhoarntsje foar op it hiele Kalifornysk Skiereilân, mei útsûndering fan trije gebieten: it uterste noardwestlike hoekje tsjin 'e Amerikaanske grins oan, de Sierra San Pedro Mártir yn it noarden en it Vizcaínoskiereilân yn it westen.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gewoane antilopegrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 18,8–22,0 sm, mei in sturtlingte fan 4,2–7,1 sm en in gewicht fan 100–140 g. De pels is op 'e rêch en de boppekant fan 'e sturt dûnkerbrún mei swarte hierren dertrochhinne en hat op 'e siden in wite streek fan 'e skouders oant it efterst. Under dy streek is de pels brún, krekt as op 'e kop. De bealch, de kiel en de ûnderkant fan 'e sturt binne wyt.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gewoane antilopegrûniikhoarntsjes libje foar it meastepart yn drûgere biotopen, lykas woastinen en healwoastinen. Foarbylden binne de Sonoarawoastyn op it Kalifornysk Skiereilân, de Mojavewoastyn yn súdeastlik Kalifornje, noardwestlik Arizona en súdlik Nevada, en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn noardlik Nevada, súdlik Idaho en Utah.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gewoane antilopegrûniikhoarntsje hat in territoarium fan likernôch 6 ha, wêrfan't er sa'n 1,6 ha brûkt foar syn deistige aktiviteiten. It is in bist dat oerdeis aktyf is. Hoewol't er op it hjitst fan 'e dei ornaris eefkes siësta hâldt, hat er it opmerklike fermogen om oerferhjitting tsjin te gean, sadat er lichemstemperatueren fan boppe de 40 °C ferdrage kin. It tinken is dat dit in evolúsjonêre ûntjouwing is om 'e nacht te ûntrinnen, wannear't yn 'e woastyn de measte rôfdieren op 'e lapen komme.

Gewoane antilopegrûniikhoarntsjes binne omnivoaren, dy't dan wol foar it meastepart blêden en sied frette, mar dat dieet oanfolje oan mei it ferslinen fan lidpoatigen en, yn mindere mjitte, wringedierkes lykas hagedissen en lytsere kjifdieren. Sels steane gewoane antilopegrûniikhoarntsjes op it menu foar ferskate soarten rôffûgels en slangen, en ek foar de reade lynks (Lynx rufus) en foar hûneftigen, lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) en de grutearkitfoks (Vulpes macrotis).

De peartiid falt oan it begjin fan 'e maityd. It wyfke smyt mar yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet mar ien nêst jongen yn 't jier, mar yn it suden ferskate nêsten. Dat ferskil sjocht men werom yn it tal jongen: yn Oregon, yn it noarden, trochinoar 9,3 en op it Kalifornysk Skiereilân, yn it suden, yn trochsneed 5,9. De jongen binne mei in jier geslachtsryp. De populaasje fan dit bist fluktuëarret gâns, mei snuorjes fan hege populaasjetichtens dy't ôfwiksele wurde mei perioaden fan lege populaasjetichtens. De trochsneed populaasjetichtens fariëarret ek nei jiertiid, mei hjerstmis in hegere tichtens as by 't maityd.

In gewoan antilopegrûn-iikhoarntsje sjocht ris om him hinne.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gewoane antilopegrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 9 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan it gewoane antilopegrûniikhoarntsje (Ammospermophilus leucurus):

  • A. l. canfieldiae
  • A. l. cinamomeus
  • A. l. escalante
  • A. l. extimus
  • A. l. leucurus
  • A. l. notom
  • A. l. peninsulae
  • A. l. pennipes
  • A. l. tersus

Guon mammalogen sjogge ek it Espíritu Santo-antilopegrûniikhoarntsje (Ammospermophilus insularis), dat inkeld foarkomt op it eilantje Espíritu Santo, yn 'e Golf fan Kalifornje, as in ûndersoarte fan it gewoane antilopegrûniikhoarntsje. Ornaris wurdt dat bistke lykwols as in selsstannige soarte beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.