Springe nei ynhâld

Baywatch (telefyzjesearje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baywatch (tillefyzjesearje))
Baywatch (1989-1999)
Baywatch: Hawaii (1999-2001)
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
ûntwikkele troch Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
útfierend
   produsint
Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
David Hasselhoff
tillefyzjestudio GTG Entertainment ('89-'90)
Baywatch Company ('91-'01)
Tower 12 Prod. ('91-'01)
Tower 18 Prod. ('96-'01)
Pearson Television ('98-'01)
spilers
haadrollen David Hasselhoff
Pamela Anderson
Traci Bingham
Yasmine Bleeth
Nicole Eggert
Carmen Electra
Erika Eleniak
Donna D'Errico
Jeremy Jackson
Jason Momoa
Michael Newman
Alexandra Paul
Parker Stevenson
skaaimerken
sjenre drama- en aksjesearje
seizoenen 11
jierren 19891990
19912001
tal ôfl. 242
spyltiid (ôfl.) 45-48 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.baywatch.com
besibbe searjes Baywatch Nights

Baywatch wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't alve seizoenen rûn, fan 1989 oant 1990 en fan 1991 oant 2001. De titel betsjut: "Baaiwacht". It wie in drama- en aksjesearje oer it wol en wee fan strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, mei as gimmick it omrinnen fan moaie minsken, benammen froulju, yn strakke baaiklean. Baywatch wie tige populêr. Hoewol't de searje it imago hie fral op manlju rjochte te wêzen, bestie eins 65% fan it sjoggerspublyk út froulju. De searje, dy't yn withoefolle lannen en territoaria útstjoerd waard, kin beskôge wurde as in kultureel ikoan fan 'e 1990-er jierren.

De manlike stjer fan 'e searje wie de akteur David Hasselhoff, dy't ek ien fan 'e filmprodusinten wie. Ferskate aktrises makken harren karriêre mei rollen yn Baywatch. Yn it foarste plak gie it dêrby om Pamela Anderson, dy't suver synonym waard mei de searje, hoewol't se mar yn fiif fan 'e alve seizoenen te sjen wie. Ek Erika Eleniak, Yasmine Bleeth, Nicole Eggert, Traci Bingham en Donna D'Errico waarden bekend troch Baywatch, wylst Carmen Electra har karriêre mei in rol yn 'e searje in nije ympuls joech. Yn 1999 waard foar it tsiende seizoen fan setting en it meastepart fan 'e cast wiksele, doe't Baywatch ferpleatst waard fan Kalifornje nei Hawaï. De lêste beide seizoenen hiet de searje dêrom ek Baywatch: Hawaii.

Baywatch makke syn debút mei de pilotôflevering op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder NBC op 23 april 1989. It earste seizoen sette op 22 septimber fan dat jier útein op deselde stjoerder, mar de searje waard oan 'e ein fan dat tillefyzjeseizoen, yn maaie 1990, stopset fanwegen fan ôffallende sjochsifers. In bykommende reden wie dat de tillefyzjestudio dy't de searje produsearre, GTG Entertainment, opdoekt waard. Om't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten haadrolspiler David Hasselhoff en de betinkers anneks produsinten Michael Berk, Douglas Schwartz en Gregory J. Bonann út eigen middels The Baywatch Company op om 'e searje nij libben yn te blazen. Hasselhoff krige doe de titel fan útfierend produsint taparte.

Pamela Anderson yn har ikoanyske rol as C.J. Parker.

It twadde seizoen fan Baywatch kaam sadwaande yn septimber 1991 op 'e Amerikaanske tillefyzje, dêr't it yn syndikaasje útstjoerd waard. De searje bliek ûnbidige populêr te wêzen, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar fral ek yn it bûtenlân. Baywatch hie it imago fral op in manlik publyk rjochte te wêzen, om't de searje in heech 'wibelgehalte' hie mei al dy kreaze froulju mei faak grutte boarsten dy't yn lytse badpakjes omdraafden. Mar eins bestie 65% fan it sjoggerspublyk út froulju, benammen yn 'e leeftydskategory tusken 18 en 34 jier. Produsint Douglas Schwartz fertelde yn 2001 yn in fraachpetear dat de makkers fan 'e searje dêr ûndersyk nei dwaan litten hiene, en sa útfûn hiene dat de searje froulju fan dy jierren oanspriek "om't de measte froulike haadpersoanen sterke, ûnôfhinklike froulju wiene, dy't heldhaftich wiene, dy't libbens rêden, dy't gelyk wiene oan manlju."

Spin-offsearje en tillefyzjefilms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baywatch hie in spin-offsearje, Baywatch Nights, dy't twa seizoenen rûn, en fan 1995 oant 1997 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard. Fierders waarden der trije tillefyzjefilms fan Baywatch makke, dy't direkt-op-fideo útbrocht waarden. De earste, Baywatch: Forbidden Paradise, foarme eins diel 19 en 20 fan seizoen 6 (1995-1996), dy't oarspronklik op 22 en 29 april 1996 útstjoerd waarden. De twadde, Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, waard foarme troch diel 21 en 22 fan seizoen 8 (1997-1998), dy't oarspronklik op 11 en 18 maaie 1998 útstjoerd waarden. En de trêde, Baywatch: Hawaiian Wedding, wie in reünyfilm dy't yn 2003, twa jier nei de ein fan 'e searje, makke waard en foar it earst útstjoerd waard op 28 febrewaris fan dat jier.

Baywatch: Hawaii

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999, doe't de kosten fan it meitsjen fan 'e searje yn 'e omkriten fan Los Angeles hieltyd fierder oprûnen en de merk foar yn syndikaasje útbrochte tillefyzjeprogramma's kromp, besleaten de produsinten om 'e produksje te ferhúzjen nei in oare lokaasje. Yn 't earstoan wiene se fan doel om yn Austraalje op 'e nij te begjinnen, en se namen in pilotôflevering op mei de titel Baywatch: Down Under. Yn it plak dêr't dy searje opnommen wurde moast, Avalon, yn Nij-Súd-Wales, bestie der lykwols ûnder de pleatslike befolking sa'n wjerstân tsjin 'e komst fan Baywatch, dat de gemeenteried dêre it near op 'e plannen lei.

As alternatyf waard doe besletten en wyk út nei Hawaï, wêrfan't it regear de produsinten in subsydzje fan $870.000 tasei. As ûnderdiel fan dy oerienkomst moast foar de produksje in pleatslike crew oannommen wurde en foar in diel ek in pleatslike cast. Der moasten teminsten 44 ôfleverings makke wurde, dy't op Hawaï (en nearne oars) opnommen waarden. Fan 'e subsydzje moast teminsten 60% yn Hawaï útjûn wurde, sadat it jild foar in grut part weromfloeie soe nei de pleatslike ekonomy. En ta einbeslút moast de namme fan 'e steat yn 'e titel fan 'e searje komme. Baywatch kaam sadwaande Baywatch: Hawaii te hjitten. It tsiende en it alfde seizoen fan 'e searje (1999-2001) spile yn 'e neite fan Honolulu op it strân fan Oähû. Tsjin 'e tiid dat nei dy beide seizoenen de oerienkomst mei it regear fan Hawaï ôfrûn, wie Baywatch fier oer syn hichtepunt hinne. De sjochsifers giene omleech, en de produsinten besleaten de stekker derút te lûken.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baywatch draaide om in team fan strânwachten, harren libbensrêdende wurk yn see en op it lân en harren ynterpersoanlike relaasjes. Wat dat lêste ûnderdiel oangie, hie de searje frijwat reitsflakken mei in soapsearje. Yn 'e searje kaam ek de strânkultuer yn Kalifornje (en letter Hawaï) rom oan bod, mei ferskynsels as surfen, sinnebaaien, feesten en kreaze minsken yn net folle bedekkende baaiklean. Oer it algemien kin Baywatch lykwols omskreaun wurde as in aksjesearje, mei't de plots fan 'e ûnderskate ôfleverings har taleine op gefaren op it strân en yn 'e see, wêrby't dramatyske ûnderwerpen as ferdrinkings, ierdbevings, oanfallen fan minske-itende haaien en sels it taslaan fan searjemoardners net út 'e wei gien waarden.

haadrollen

(werjûn op folchoarder fan opname yn 'e fêste cast en ferskining yn 'e searje)

David Hasselhoff yn syn rol fan Mitch Buchannon.
Yasmine Bleeth yn har rol fan Caroline Holden.
Carmen Electra yn har rol fan Lani McKenzie.
personaazje akteur/aktrise fêste rol yn
Mitch Buchannon David Hasselhoff pilotôfl.; seizoen 1–10; F.P.; W.T.; H.W.
Craig Pomeroy Parker Stevenson pilotôfl.; seizoen 1; weromkearende rol yn seizoen 8–9
Jill Riley Shawn Weatherly pilotôfl.; seizoen 1
Eddie Kramer Billy Warlock pilotôfl.; seizoen 1–3; H.W.
Shauni McClain Erika Eleniak pilotôfl.; seizoen 1–3
Trevor Cole Peter Phelps pilotôfl.; seizoen 1
Hobie Buchannon Brandon Call
Jeremy Jackson
pilotôfl.; seizoen 1
seizoen 2–9; W.T.; H.W.
Don Thorpe Monte Markham pilotôfl.; seizoen 1–2
Gina Pomeroy Gina Hecht
Holly Gagnier
pilotôfl.
seizoen 1
plysje Garner Ellerbee Gregory Alan Williams seizoen 1 en 3–5; weromkearende rol yn seizoen 2 en 8
John D. Cort John Allen Nelson seizoen 1; weromkearende rol yn seizoen 2 en 4–5; H.W.
Harvey Miller Tom McTigue seizoen 2
Ben Edwards Richard Jaeckel seizoen 2; weromkearende rol yn seizoen 3–4
Summer Quinn Nicole Eggert seizoen 3–4; H.W.
Matt Brody David Charvet seizoen 3–5; weromkearende rol yn seizoen 6; F.P.
C.J. Parker Pamela Anderson seizoen 3–7; F.P.; H.W.
Jimmy Slade Kelly Slater seizoen 3; weromkearende rol yn seizoen 4
Stephanie Holden Alexandra Paul seizoen 3–6; weromkearende rol yn seizoen 7; F.P.; H.W.
Caroline Holden Yasmine Bleeth seizoen 5–7; weromkearende rol yn seizoen 4 en 8; F.P.; H.W.
Logan Fowler Jaason Simmons seizoen 5–6; weromkearende rol yn seizoen 7; F.P.
Cody Madison David Chokachi seizoen 6–9; W.T.
Neely Capshaw Heather Campbell
Gena Lee Nolin
Jennifer Campbell
seizoen 5
seizoen 6–8; W.T.; H.W.
weromkearende rol yn seizoen 9
Mike "Newmie" Newman Michael Newman seizoen 7–10; weromkearende rol yn seizoen 1–6 en 11; W.T.
Samantha Thomas Nancy Valen seizoen 7
Manny Gutierrez José Solano seizoen 7–8; weromkearende rol yn seizoen 9
Donna Marco Donna D'Errico seizoen 7–8; W.T.
Jordan Tate Traci Bingham seizoen 7–8
Jack "J.D." Darius Michael Bergin seizoen 8–11; W.T.; H.W.
Lani McKenzie Carmen Electra seizoen 8; W.T.; H.W.
April Giminski Kelly Packard seizoen 8–9; W.T.
Skylar Bergman Marliece Andrada seizoen 8
Taylor Walsh Angelica Bridges seizoen 8; H.W.
Jessie Owens Brooke Burns seizoen 9-10; weromkearende rol yn seizoen 11
Alex Ryker Mitzi Kapture seizoen 9
Sean Monroe Jason Brooks seizoen 10–11
Dawn Masterson Brandy Ledford seizoen 10
Allie Reese Simmone Jade Mackinnon seizoen 10
Jason Ioane Jason Momoa seizoen 10–11; H.W.
Kekoa Tanaka Stacy Kamano seizoen 10–11; H.W.
himsels Brian Keaulana seizoen 10–11; F.P.
Jenna Avid Krista Allen seizoen 11; weromkearende rol yn seizoen 10
Zack McEwan Charlie Brumbly seizoen 11
Leigh Dyer Brande Roderick seizoen 11; H.W.
Carrie Sharp Alicia Rickter seizoen 11
weromkearende byrollen

(ynsafier't se nea ûnderdiel útmakke hawwe fan 'e fêste cast)

personaazje akteur/aktrise weromkearende rol yn
Gayle Buchannon Wendie Malick pilotôfl.; seizoen 1–2 en 4–5
Jenny Drake Jandi Swanson seizoen 1
Amanda Keller Sherilyn Wolter seizoen 1
Kaye Morgan Pamela Bach seizoen 2–3 en 5–6
Jackie Quinn Susan Anton seizoen 3–5
Sheryl Whalen Ingrid Walters seizoen 8–9; W.T.
Kai Colburn Kala‘i Miller seizoen 10
Hideki Tanaka Pat Morita seizoen 11
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
pilotôflevering 23 april 1989 NBC
1 21 22 septimber 1989 6 april 1990
2 22 23 septimber 1991 18 maaie 1992 syndikaasje
3 22 14 septimber 1992 10 maaie 1993
4 22 20 septimber 1993 16 maaie 1994
5 22 26 septimber 1994 22 maaie 1995
6 221 25 septimber 1995 13 maaie 1996
7 22 23 septimber 1996 12 maaie 1997
8 222 22 septimber 1997 18 maaie 1998
9 22 21 septimber 1998 17 maaie 1999
103 22 20 septimber 1999 15 maaie 2000
113 22 2 oktober 2000 14 maaie 2001
reüny Baywatch: Hawaiian Wedding (tillefyzjefilm) 28 febrewaris 2003 Fox

1) ôfl. 19 en 20 fan seizoen 6, útstjoerd op 22 en 29 april 1996, foarmen de tillefyzjefilm Baywatch: Forbidden Paradise
2) ôfl. 21 en 22 fan seizoen 8, útstjoerd op 11 en 18 maaie 1998, foarmen de tillefyzjefilm Baywatch: White Thunder at Glacier Bay
3) ûnder de titel Baywatch: Hawaii

Op 'e searje Baywatch waard yn 2017 in film basearre, dy't ek Baywatch hiet. Sechstjin jier nei it ophâlden fan 'e searje waarden de haadrollen yn 'e film fertolke troch Dwayne Johnson as Mitch Buchannon; Zac Efron as Matt Brody; Ilfenesh Hadera as Stephanie Holden; Kelly Rohrbach as C.J. Parker; en Alexandra Daddario as Summer Quinn. De film waard regissearre troch Seth Gordon en produsearre troch Paramount Pictures. Nettsjinsteande it feit dat de filmkritisy der net folle yn seagen, wie it in kommersjeel súkses dat wrâldwiid krapoan $178 miljoen opbrocht.

It strân yn Malibu dêr't Baywatch jierrenlang opnommen waard.

Pacific Blue wie in Amerikaanske plysjesearje oer in team fan 'e plysje fan Santa Monica, wêrfan't de leden har op 'e fyts fuortbeweegden. De searje waard geregeldwei omskreaun as "Baywatch op 'e fyts", en rûn fiif seizoenen, fan 1996 oant 2000. Carmen Electra hie yn in ôflevering fan Pacific Blue in crossover yn har Baywatch-rol fan Lani McKenzie.

Ferskate oare Amerikaanske tillefyzjesearjes wiene op Baywatch basearre. Son of the Beach ("Soan fan it Strân"; in wurdboarterij op it Amerikaansk-Ingelske flok-/skelwurd son of a bitch) wie in komeedzjesearje en parody op Baywatch dy't fan 2000 oant 2002 útstjoerd waard. In oare parody op Baywatch wie it yn Floarida spyljende Beach Heat: Miami, dat rûn fan 2010 oant 2012, en dat in bytsje mear neakenens sjen liet. Yn 2019 sette Netflix útein mei de komeedzjesearje Malibu Rescue, dat ek in soarte fan parody op Baywatch is.

Babewatch is de namme fan in pornografyske parody op Baywatch dy't yn 1994 makke waard troch filmstudio Sin City, mei yn 'e haadrollen Rebecca Wild, Asia Carrera, Bianca Trump, Kylie Ireland, Jon Dough, Buck Adams, T.T. Boy en Tony Tedeschi. De film die it sa goed dat der noch fyftjin ferfolgen op makke waarden; diel 16 ferskynde yn 2002. In oare pornofilm dy't basearre wie op Baywatch, wie Boobwatch, út 1996, mei yn 'e haadrollen û.m. Rocki Roads, Vince Vouyer en Mike Horner. Dat wie in film fan it grutte-boarstesjenre, dy't ek troch Sin City produsearre waard.

Yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baywatch wie it ûnderwerp fan in weromkearende grap yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje Friends, dêr't freonen en hûsgenoaten Joey Tribbiani en Chandler Bing de searje suver op religieuze wize tegearre folgen. Ien kear diene se dat sels oer de tillefoan, doe't Joey tydlik yn in oar appartemint wenne. Chandler wie fereale op aktrise Yasmine Bleeth yn har rol fan Caroline Holden, en ferneamde op in stuit de hinnepyk dy't er as húsdier hold nei har, hoewol't it letter in hoanne bliek te wêzen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.