Baywatch (telefyzjesearje)
Baywatch (1989-1999) Baywatch: Hawaii (1999-2001) | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Michael Berk Douglas Schwartz Gregory J. Bonann | |
ûntwikkele troch | Michael Berk Douglas Schwartz Gregory J. Bonann | |
útfierend produsint |
Michael Berk Douglas Schwartz Gregory J. Bonann David Hasselhoff | |
tillefyzjestudio | GTG Entertainment ('89-'90) Baywatch Company ('91-'01) Tower 12 Prod. ('91-'01) Tower 18 Prod. ('96-'01) Pearson Television ('98-'01) | |
spilers | ||
haadrollen | David Hasselhoff Pamela Anderson Traci Bingham Yasmine Bleeth Nicole Eggert Carmen Electra Erika Eleniak Donna D'Errico Jeremy Jackson Jason Momoa Michael Newman Alexandra Paul Parker Stevenson | |
skaaimerken | ||
sjenre | drama- en aksjesearje | |
seizoenen | 11 | |
jierren | 1989 – 1990 1991 – 2001 | |
tal ôfl. | 242 | |
spyltiid (ôfl.) | 45-48 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.baywatch.com | |
besibbe searjes | Baywatch Nights |
Baywatch wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't alve seizoenen rûn, fan 1989 oant 1990 en fan 1991 oant 2001. De titel betsjut: "Baaiwacht". It wie in drama- en aksjesearje oer it wol en wee fan strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, mei as gimmick it omrinnen fan moaie minsken, benammen froulju, yn strakke baaiklean. Baywatch wie tige populêr. Hoewol't de searje it imago hie fral op manlju rjochte te wêzen, bestie eins 65% fan it sjoggerspublyk út froulju. De searje, dy't yn withoefolle lannen en territoaria útstjoerd waard, kin beskôge wurde as in kultureel ikoan fan 'e 1990-er jierren.
De manlike stjer fan 'e searje wie de akteur David Hasselhoff, dy't ek ien fan 'e filmprodusinten wie. Ferskate aktrises makken harren karriêre mei rollen yn Baywatch. Yn it foarste plak gie it dêrby om Pamela Anderson, dy't suver synonym waard mei de searje, hoewol't se mar yn fiif fan 'e alve seizoenen te sjen wie. Ek Erika Eleniak, Yasmine Bleeth, Nicole Eggert, Traci Bingham en Donna D'Errico waarden bekend troch Baywatch, wylst Carmen Electra har karriêre mei in rol yn 'e searje in nije ympuls joech. Yn 1999 waard foar it tsiende seizoen fan setting en it meastepart fan 'e cast wiksele, doe't Baywatch ferpleatst waard fan Kalifornje nei Hawaï. De lêste beide seizoenen hiet de searje dêrom ek Baywatch: Hawaii.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baywatch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baywatch makke syn debút mei de pilotôflevering op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder NBC op 23 april 1989. It earste seizoen sette op 22 septimber fan dat jier útein op deselde stjoerder, mar de searje waard oan 'e ein fan dat tillefyzjeseizoen, yn maaie 1990, stopset fanwegen fan ôffallende sjochsifers. In bykommende reden wie dat de tillefyzjestudio dy't de searje produsearre, GTG Entertainment, opdoekt waard. Om't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten haadrolspiler David Hasselhoff en de betinkers anneks produsinten Michael Berk, Douglas Schwartz en Gregory J. Bonann út eigen middels The Baywatch Company op om 'e searje nij libben yn te blazen. Hasselhoff krige doe de titel fan útfierend produsint taparte.
It twadde seizoen fan Baywatch kaam sadwaande yn septimber 1991 op 'e Amerikaanske tillefyzje, dêr't it yn syndikaasje útstjoerd waard. De searje bliek ûnbidige populêr te wêzen, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar fral ek yn it bûtenlân. Baywatch hie it imago fral op in manlik publyk rjochte te wêzen, om't de searje in heech 'wibelgehalte' hie mei al dy kreaze froulju mei faak grutte boarsten dy't yn lytse badpakjes omdraafden. Mar eins bestie 65% fan it sjoggerspublyk út froulju, benammen yn 'e leeftydskategory tusken 18 en 34 jier. Produsint Douglas Schwartz fertelde yn 2001 yn in fraachpetear dat de makkers fan 'e searje dêr ûndersyk nei dwaan litten hiene, en sa útfûn hiene dat de searje froulju fan dy jierren oanspriek "om't de measte froulike haadpersoanen sterke, ûnôfhinklike froulju wiene, dy't heldhaftich wiene, dy't libbens rêden, dy't gelyk wiene oan manlju."
Spin-offsearje en tillefyzjefilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baywatch hie in spin-offsearje, Baywatch Nights, dy't twa seizoenen rûn, en fan 1995 oant 1997 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard. Fierders waarden der trije tillefyzjefilms fan Baywatch makke, dy't direkt-op-fideo útbrocht waarden. De earste, Baywatch: Forbidden Paradise, foarme eins diel 19 en 20 fan seizoen 6 (1995-1996), dy't oarspronklik op 22 en 29 april 1996 útstjoerd waarden. De twadde, Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, waard foarme troch diel 21 en 22 fan seizoen 8 (1997-1998), dy't oarspronklik op 11 en 18 maaie 1998 útstjoerd waarden. En de trêde, Baywatch: Hawaiian Wedding, wie in reünyfilm dy't yn 2003, twa jier nei de ein fan 'e searje, makke waard en foar it earst útstjoerd waard op 28 febrewaris fan dat jier.
Baywatch: Hawaii
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1999, doe't de kosten fan it meitsjen fan 'e searje yn 'e omkriten fan Los Angeles hieltyd fierder oprûnen en de merk foar yn syndikaasje útbrochte tillefyzjeprogramma's kromp, besleaten de produsinten om 'e produksje te ferhúzjen nei in oare lokaasje. Yn 't earstoan wiene se fan doel om yn Austraalje op 'e nij te begjinnen, en se namen in pilotôflevering op mei de titel Baywatch: Down Under. Yn it plak dêr't dy searje opnommen wurde moast, Avalon, yn Nij-Súd-Wales, bestie der lykwols ûnder de pleatslike befolking sa'n wjerstân tsjin 'e komst fan Baywatch, dat de gemeenteried dêre it near op 'e plannen lei.
As alternatyf waard doe besletten en wyk út nei Hawaï, wêrfan't it regear de produsinten in subsydzje fan $870.000 tasei. As ûnderdiel fan dy oerienkomst moast foar de produksje in pleatslike crew oannommen wurde en foar in diel ek in pleatslike cast. Der moasten teminsten 44 ôfleverings makke wurde, dy't op Hawaï (en nearne oars) opnommen waarden. Fan 'e subsydzje moast teminsten 60% yn Hawaï útjûn wurde, sadat it jild foar in grut part weromfloeie soe nei de pleatslike ekonomy. En ta einbeslút moast de namme fan 'e steat yn 'e titel fan 'e searje komme. Baywatch kaam sadwaande Baywatch: Hawaii te hjitten. It tsiende en it alfde seizoen fan 'e searje (1999-2001) spile yn 'e neite fan Honolulu op it strân fan Oähû. Tsjin 'e tiid dat nei dy beide seizoenen de oerienkomst mei it regear fan Hawaï ôfrûn, wie Baywatch fier oer syn hichtepunt hinne. De sjochsifers giene omleech, en de produsinten besleaten de stekker derút te lûken.
Utgongspunt fan 'e plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baywatch draaide om in team fan strânwachten, harren libbensrêdende wurk yn see en op it lân en harren ynterpersoanlike relaasjes. Wat dat lêste ûnderdiel oangie, hie de searje frijwat reitsflakken mei in soapsearje. Yn 'e searje kaam ek de strânkultuer yn Kalifornje (en letter Hawaï) rom oan bod, mei ferskynsels as surfen, sinnebaaien, feesten en kreaze minsken yn net folle bedekkende baaiklean. Oer it algemien kin Baywatch lykwols omskreaun wurde as in aksjesearje, mei't de plots fan 'e ûnderskate ôfleverings har taleine op gefaren op it strân en yn 'e see, wêrby't dramatyske ûnderwerpen as ferdrinkings, ierdbevings, oanfallen fan minske-itende haaien en sels it taslaan fan searjemoardners net út 'e wei gien waarden.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
(werjûn op folchoarder fan opname yn 'e fêste cast en ferskining yn 'e searje)
- F.P. = Baywatch: Forbidden Paradise (tillefyzjefilm, 1996)
- W.T. = Baywatch: White Thunder at Glacier Bay (tillefyzjefilm, 1998)
- H.W. = Baywatch: Hawaiian Wedding (tillefyzjefilm, 2003)
personaazje | akteur/aktrise | fêste rol yn |
Mitch Buchannon | David Hasselhoff | pilotôfl.; seizoen 1–10; F.P.; W.T.; H.W. |
Craig Pomeroy | Parker Stevenson | pilotôfl.; seizoen 1; weromkearende rol yn seizoen 8–9 |
Jill Riley | Shawn Weatherly | pilotôfl.; seizoen 1 |
Eddie Kramer | Billy Warlock | pilotôfl.; seizoen 1–3; H.W. |
Shauni McClain | Erika Eleniak | pilotôfl.; seizoen 1–3 |
Trevor Cole | Peter Phelps | pilotôfl.; seizoen 1 |
Hobie Buchannon | Brandon Call Jeremy Jackson |
pilotôfl.; seizoen 1 seizoen 2–9; W.T.; H.W. |
Don Thorpe | Monte Markham | pilotôfl.; seizoen 1–2 |
Gina Pomeroy | Gina Hecht Holly Gagnier |
pilotôfl. seizoen 1 |
plysje Garner Ellerbee | Gregory Alan Williams | seizoen 1 en 3–5; weromkearende rol yn seizoen 2 en 8 |
John D. Cort | John Allen Nelson | seizoen 1; weromkearende rol yn seizoen 2 en 4–5; H.W. |
Harvey Miller | Tom McTigue | seizoen 2 |
Ben Edwards | Richard Jaeckel | seizoen 2; weromkearende rol yn seizoen 3–4 |
Summer Quinn | Nicole Eggert | seizoen 3–4; H.W. |
Matt Brody | David Charvet | seizoen 3–5; weromkearende rol yn seizoen 6; F.P. |
C.J. Parker | Pamela Anderson | seizoen 3–7; F.P.; H.W. |
Jimmy Slade | Kelly Slater | seizoen 3; weromkearende rol yn seizoen 4 |
Stephanie Holden | Alexandra Paul | seizoen 3–6; weromkearende rol yn seizoen 7; F.P.; H.W. |
Caroline Holden | Yasmine Bleeth | seizoen 5–7; weromkearende rol yn seizoen 4 en 8; F.P.; H.W. |
Logan Fowler | Jaason Simmons | seizoen 5–6; weromkearende rol yn seizoen 7; F.P. |
Cody Madison | David Chokachi | seizoen 6–9; W.T. |
Neely Capshaw | Heather Campbell Gena Lee Nolin Jennifer Campbell |
seizoen 5 seizoen 6–8; W.T.; H.W. weromkearende rol yn seizoen 9 |
Mike "Newmie" Newman | Michael Newman | seizoen 7–10; weromkearende rol yn seizoen 1–6 en 11; W.T. |
Samantha Thomas | Nancy Valen | seizoen 7 |
Manny Gutierrez | José Solano | seizoen 7–8; weromkearende rol yn seizoen 9 |
Donna Marco | Donna D'Errico | seizoen 7–8; W.T. |
Jordan Tate | Traci Bingham | seizoen 7–8 |
Jack "J.D." Darius | Michael Bergin | seizoen 8–11; W.T.; H.W. |
Lani McKenzie | Carmen Electra | seizoen 8; W.T.; H.W. |
April Giminski | Kelly Packard | seizoen 8–9; W.T. |
Skylar Bergman | Marliece Andrada | seizoen 8 |
Taylor Walsh | Angelica Bridges | seizoen 8; H.W. |
Jessie Owens | Brooke Burns | seizoen 9-10; weromkearende rol yn seizoen 11 |
Alex Ryker | Mitzi Kapture | seizoen 9 |
Sean Monroe | Jason Brooks | seizoen 10–11 |
Dawn Masterson | Brandy Ledford | seizoen 10 |
Allie Reese | Simmone Jade Mackinnon | seizoen 10 |
Jason Ioane | Jason Momoa | seizoen 10–11; H.W. |
Kekoa Tanaka | Stacy Kamano | seizoen 10–11; H.W. |
himsels | Brian Keaulana | seizoen 10–11; F.P. |
Jenna Avid | Krista Allen | seizoen 11; weromkearende rol yn seizoen 10 |
Zack McEwan | Charlie Brumbly | seizoen 11 |
Leigh Dyer | Brande Roderick | seizoen 11; H.W. |
Carrie Sharp | Alicia Rickter | seizoen 11 |
- weromkearende byrollen
(ynsafier't se nea ûnderdiel útmakke hawwe fan 'e fêste cast)
personaazje | akteur/aktrise | weromkearende rol yn |
Gayle Buchannon | Wendie Malick | pilotôfl.; seizoen 1–2 en 4–5 |
Jenny Drake | Jandi Swanson | seizoen 1 |
Amanda Keller | Sherilyn Wolter | seizoen 1 |
Kaye Morgan | Pamela Bach | seizoen 2–3 en 5–6 |
Jackie Quinn | Susan Anton | seizoen 3–5 |
Sheryl Whalen | Ingrid Walters | seizoen 8–9; W.T. |
Kai Colburn | Kala‘i Miller | seizoen 10 |
Hideki Tanaka | Pat Morita | seizoen 11 |
Seizoenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
pilotôflevering | 23 april 1989 | NBC | ||
1 | 21 | 22 septimber 1989 | 6 april 1990 | |
2 | 22 | 23 septimber 1991 | 18 maaie 1992 | syndikaasje |
3 | 22 | 14 septimber 1992 | 10 maaie 1993 | |
4 | 22 | 20 septimber 1993 | 16 maaie 1994 | |
5 | 22 | 26 septimber 1994 | 22 maaie 1995 | |
6 | 221 | 25 septimber 1995 | 13 maaie 1996 | |
7 | 22 | 23 septimber 1996 | 12 maaie 1997 | |
8 | 222 | 22 septimber 1997 | 18 maaie 1998 | |
9 | 22 | 21 septimber 1998 | 17 maaie 1999 | |
103 | 22 | 20 septimber 1999 | 15 maaie 2000 | |
113 | 22 | 2 oktober 2000 | 14 maaie 2001 | |
reüny Baywatch: Hawaiian Wedding (tillefyzjefilm) | 28 febrewaris 2003 | Fox |
1) ôfl. 19 en 20 fan seizoen 6, útstjoerd op 22 en 29 april 1996, foarmen de tillefyzjefilm Baywatch: Forbidden Paradise
2) ôfl. 21 en 22 fan seizoen 8, útstjoerd op 11 en 18 maaie 1998, foarmen de tillefyzjefilm Baywatch: White Thunder at Glacier Bay
3) ûnder de titel Baywatch: Hawaii
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e searje Baywatch waard yn 2017 in film basearre, dy't ek Baywatch hiet. Sechstjin jier nei it ophâlden fan 'e searje waarden de haadrollen yn 'e film fertolke troch Dwayne Johnson as Mitch Buchannon; Zac Efron as Matt Brody; Ilfenesh Hadera as Stephanie Holden; Kelly Rohrbach as C.J. Parker; en Alexandra Daddario as Summer Quinn. De film waard regissearre troch Seth Gordon en produsearre troch Paramount Pictures. Nettsjinsteande it feit dat de filmkritisy der net folle yn seagen, wie it in kommersjeel súkses dat wrâldwiid krapoan $178 miljoen opbrocht.
Pacific Blue wie in Amerikaanske plysjesearje oer in team fan 'e plysje fan Santa Monica, wêrfan't de leden har op 'e fyts fuortbeweegden. De searje waard geregeldwei omskreaun as "Baywatch op 'e fyts", en rûn fiif seizoenen, fan 1996 oant 2000. Carmen Electra hie yn in ôflevering fan Pacific Blue in crossover yn har Baywatch-rol fan Lani McKenzie.
Ferskate oare Amerikaanske tillefyzjesearjes wiene op Baywatch basearre. Son of the Beach ("Soan fan it Strân"; in wurdboarterij op it Amerikaansk-Ingelske flok-/skelwurd son of a bitch) wie in komeedzjesearje en parody op Baywatch dy't fan 2000 oant 2002 útstjoerd waard. In oare parody op Baywatch wie it yn Floarida spyljende Beach Heat: Miami, dat rûn fan 2010 oant 2012, en dat in bytsje mear neakenens sjen liet. Yn 2019 sette Netflix útein mei de komeedzjesearje Malibu Rescue, dat ek in soarte fan parody op Baywatch is.
Babewatch is de namme fan in pornografyske parody op Baywatch dy't yn 1994 makke waard troch filmstudio Sin City, mei yn 'e haadrollen Rebecca Wild, Asia Carrera, Bianca Trump, Kylie Ireland, Jon Dough, Buck Adams, T.T. Boy en Tony Tedeschi. De film die it sa goed dat der noch fyftjin ferfolgen op makke waarden; diel 16 ferskynde yn 2002. In oare pornofilm dy't basearre wie op Baywatch, wie Boobwatch, út 1996, mei yn 'e haadrollen û.m. Rocki Roads, Vince Vouyer en Mike Horner. Dat wie in film fan it grutte-boarstesjenre, dy't ek troch Sin City produsearre waard.
Yn 'e popkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baywatch wie it ûnderwerp fan in weromkearende grap yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje Friends, dêr't freonen en hûsgenoaten Joey Tribbiani en Chandler Bing de searje suver op religieuze wize tegearre folgen. Ien kear diene se dat sels oer de tillefoan, doe't Joey tydlik yn in oar appartemint wenne. Chandler wie fereale op aktrise Yasmine Bleeth yn har rol fan Caroline Holden, en ferneamde op in stuit de hinnepyk dy't er as húsdier hold nei har, hoewol't it letter in hoanne bliek te wêzen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Baywatch
- (in) De titelmuzyk fan Baywatch op YouTube
- (in) Ynformaasje oer Baywatch yn 'e Internet Movie Database
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Baywatch Nights
- Baywatch: Forbidden Paradise
- Baywatch: White Thunder at Glacier Bay
- Baywatch: Hawaiian Wedding
- Baywatch (film)
- Babewatch
- Boobwatch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|