Hamstermieden
Hamster Mieden | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Droegeham | |
oare ynformaasje | ||
behear | Steatsboskbehear |
De Hamster Mieden, ek Hamstermieden en Droegehamstermieden is in natoergebiet dat beheard wurdt troch Steatsboskbehear. It leit tusken Droegeham en Koatstertille oan it Prinses Margrietkanaal. Oant 1955 wie in ûnlân. It gebiet waard om 1955 hinne yn kultuer brocht. Mei’t der in goede ûntwettering kaam en in laach terpgrûn en sân opbrocht waard koe it lân troch boeren brûkt wurde.
Op inkele plakken komt kwelwetter omheech. It wetter komt út de djippe ûndergrûnen is sadwaande ryk oan kalk en izer. It skjinne wetter krijt dêrtroch in rustbrune kleur. It liket bytiden oft der oalje op it wetter driuwt, mar dat is it flues fan izerôfbrekkende baktearjen. Yn it gebiet groeie djerreblom, siggesoarten, holpiip, miedekrúswoartel, trijeblêd, echte koekútsblom en orchideeën.
De Hege Bult is ûntstien bij it omlizzen en útgraven fan it Prinses Margrietkanaal. De opsmiten bult fan 4,5 meter heech is troch de jierren hinne begroeid rekke.
By Droegeham stiet de edukative soarch-, lear- en natuerbuorkerij 'Hamster Miede'.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |