Brief oan de Smyrneeërs
Brief oan de Smyrneeërs | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Ignatius fan Antiochië | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±110 n.Kr. |
It Brief oan de Smyrneeërs (ek wol bekend as Oan de Smyrneeërs) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e brieven fan 'e tsjerkfaar Ignatius fan Antiochië, en waard skreaun om it jier 110 hinne oan 'e kristlike gemeente yn 'e stêd Smyrna (it hjoeddeiske Izmir), oan 'e westkust fan Lyts-Aazje.
It brief hâldt him benammentlik dwaande mei de Weropstanning fan Jezus, sa't út it folgjende sitaat (Sm. 2:1a) bliken docht: "Want hy ûndergie al dy dingen om ús, dat wy rêden wurde mochten. En hy litte wierliken, krekt sa't er wierliken opstie [út 'e dea]; net, sa't beskate ûnleauwenden hawwe wolle, dat er inkeld skynde te lijen; sysels skine inkeld te bestean." De term "skyn" komt fan it Grykske wurd δοκεῖν, dokein ("skine"), dat de ketterij fan it dosetisme syn namme joech. De dosetisten holden û.m. út dat Jezus inkeld geastlik út 'e dea opstien wie, en net fysyk. It wie om dy dwaallear te bestriden dat Ignatius fan Antiochië dit brief skreaun liket te hawwen. Hy naam sân haadstikken de tiid om harren bewearings te wjerlizzen. It Brief oan de Smyrneeërs befettet fierders ek it ierst bekende gebrûk fan 'e term "katolike tsjerke" (yn 'e sin fan "algemiene tsjerke").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |