Adema's Tsjerke-oargelbou
Adema's Tsjerke-oargelbou is in bedriuw dat tsjerke-oargels bout en dat yn 1855 yn Ljouwert ûntstien is.
Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oargelmakkerij waard mei úteinset troch de bruorren Carolus Borromeus Adema (1824-1905) en Petrus Josephus Adema (1828-1919). In tredde broer, Johannes Romanus Adema (1834-1862), wurke ek mei. In fjirde, Epko Adema, boude de kasten en ek de fyfde broer, de boukundige Adrianus Adema (1825-1870), holp wol mei. Beide bruorren krigen har oplieding by firma's lykas Van Dam yn Ljouwert, Willem Hardorff yn Ljouwert, Bätz & Witte yn Utert en Loret.
Yn dy tiid waarden de folgjende oargels boud:
- 1856 - Leimuiden, R.K. tsjerke.
- 1858 - Sint-Nyk, R.K. tsjerke. Fan 1928 - 1966 hat it ynstrumint yn de Herfoarme tsjerke fan Oost-Knollendam stien. Nei sluting fan dy tsjerke waard it yn 1966 nei restauraasje oerbrocht nei de Goede Herdertsjerke yn Terneuzen.
- 1862 - Nes (ferdwûn)
- 1863 - Wolvegea, RK tserke (grutste part ferdwûn)
- 1863 - Wergea - Doopsgesinde tsjerke
- 1866 - Ljouwert, Sint-Dominicustsjerke
- 1867 - It Hearrenfean, Hillige-Geasttsjerke
- 1869 - Aldehaske, Herfoarme tsjerke
Ljouwert en Amsterdam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't sa benammen yn Fryslân oargels boud wienen, gongen de Adema's no ek yn Amsterdam oan 't wurk, fanwegen in grutte opdracht foar de Mozes en Aärontsjerke. De folgjende oargels waarden boud:
- 1871 - Amsterdam, Mozes & Aarontsjerke, offisjele namme: de H. Antonius fan Padua
- 1871 - Valkkoog, Herfoarme tsjerke
- 1872 - Ferwert, Herfoarme tsjerke
- 1872 - Grou, Doopsgesinde tsjerke
- 1872 - Feanhuzen, R.K.tsjerke
- 1873 - Egmond oan See, Ald-katolike tsjerke
- 1873 - Sleat, Doopsgesinde tsjerke
- 1874 - Oudkarspel, Herfoarme Sint-Maartenstsjerke
- 1874 - Amsterdam, Sint-Piusgesticht
- 1875 - Dearsum, Nikolaastsjerke
- 1876 - Bodegraven, Luterske tsjerke
- 1876 - Amsterdam, Sint-Jakobsgesticht
- 1877 - Stedskanaal, R.K. tsjerke
- 1877 - Almkerk, Herfoarme tsjerke
Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1877 waard it bedriuw spjalte. It bedriuw yn Ljouwert bleau bestean ûnder lieding fan Carolus Borromeus en letter dy syn soannen Lambertus Theodorus Adema (1864- 1931) en Sybrandus Johannes Adema (1863-1941). Sy namen it bedriuw yn 1905 oer. Yn 1941 waard it opheft. De neifolgjende oargels waarden dêr makke:
- 1888 - Alde Pekela, RK-tsjerke
- 1890 - Lollum, Grifformearde tsjerke
- 1899 - Ljouwert, Sint-Bonifatiustsjerke
- 1910 - Balk, Sint-Ludgerustsjerke
- 1911 - Wergea, Sint-Martinustsjerke
- 1923 - Bakhuzen, Sint-Odulfustsjerke
- 1926 - Jirnsum, Sint-Markustsjerke
- 1933 - It Hearrenfean, Hillige Geasttsjerke
Amsterdam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Amsterdam gie Petrus Josephus fierder, letter yn 'e mande mei en opfolge troch syn soannen. Oant 1984 wie dat bedriuw oan de Lauriergreft fêstige. Harren oargels:
- 1876 - Amsterdam, it Hûs Jacob
- 1877 - Voorhout, Seminary Hageveld
- 1878 - Ommen, R.K. tsjerke
- 1880 - Wagenberg, Sint-Gummarustsjerke
- 1885 - Kaatsheuvel, Hefroarme tsjerke
- 1885 - Warkum, Sint-Werenfridustsjerke
- 1888 - Frjentsjer, Sint-Franciscustsjerke
- 1890 - Amsterdam, Hillige Willibrord bûten de Veste.
- 1891 - Haarlim, Us-Leaf-Frou fan de Roazekrânstsjerke (Spaarnetsjerke)
- 1893 - Nes oan de Amstel, Sint-Urbanustsjerke
- 1898 - Harns, Sint-Michaelstsjerke
- 1898 - Zwaagdijk-East, Sint-Joseftsjerke
- 1899 - Pijnacker, Hillige Joannes de Dopertsjerke
- 1898 - Uitgeest - Us-Leaf-Frou Bertetsjerke
- 1900 - Kwintsheul, Sint-Andreastsjerke
- 1901 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke
- 1901 - IJmuiden, Sint-Georgiustsjerke
- 1902 - Gouda, Us-Leaf-Froutsjerke
- 1903 - Amsterdam, Sint-Dominikustsjerke
- 1904 - Amsterdam, De Krijtberg
- 1904 - Weesp, Protestantenbûn
- 1904 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou Gasthûs
- 1905 - Amsterdam, Vondeltsjerke
- 1906 - Haarlim, Sint-Joseftsjerke
- 1906 - Amsterdam, Hubertuskapel
- 1907 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, transeptoargel
- 1912 - Swol, Dominikanentsjerke
- 1913 - Haarlim, Sint-Antoniuskerk aan de Groenmarkt
- 1914 - Lisse, Sint-Agatatsjerke
Ek Sybrand Adema en Joseph Adema wurken dêr (1877-1943)
Fan Sybrand binne de oargels:
- 1916 - Amsterdam, Sint-Annatsjerke
- 1923 - Amsterdam, De Liefde
- 1926 - Amsterdam, Sint-Augustinustsjerke
Fan Joseph binne de oargels:
- 1923 - Amsterdam, De Duif
- 1924 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, ôfbou transeptoargel
- 1925 - Amsterdam, Sint-Vincentius a Paolotsjerke
- 1927 - Swol, Sint-Michaeltsjerke
- 1933 - Hillegom, Sint-Joseftsjerke
- 1934 - Hilfertsom, Hillich-Herttsjerke
- 1935 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke
- 1936 - Amsterdam, Sint-Pankratiustsjerke
Nei't Joseph Adema stoarn wie waard de lieding fan it bedriuw fuortset troch syn neef, Hubert Schreurs, en waarden de folgjende oargels boud:
- 1944 - Grins, Sint-Josefkatedraal, koaroargel
- 1951 - Westervoort, Sint-Werenfridustsjerke
- 1957 - Amsterdam, Martelders fan Gorcumtsjerke
- 1957 - Bloemendaal, Kleaster Bethanie
- 1960 - Den Haach, Tomaskleaster
- 1960 - Stienwikerwâld, stúdzjesintrum Geldringen
- 1961 - Zevenaar, Sikenynrjochting foar de Liemers
- 1961 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Lourdestsjerke
- 1963 - Amsterdam, Hillige Pius X tsjerke
- 1964 - Amsterdam, Pedagogyske Akademy Magister Vocat
- 1964 - Haarlim, Sint-Jan de Dopertsjerke
- 1965 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Sân Smertentsjerke
- 1965 - Rotterdam, Tsjerke fan de Hillige Krúsfining
- 1970 - Amsterdam, Ferpleechhûs Vreugdehof
- 1970 - Heeswijk, Abdij fan Berne
- 1974 - Oudkarspel, Allemanstsjerke
Hubert Schreurs stoar yn 1981 en syn soan Antoine Schreurs gie mei it bedriuw fierder. Njonken in protte restauraasjes waard in nij oargel boud:
- 1984 - Bodegraven, Sint-Willibrordustsjerke
Fan 2002 ôf waard it bedriuw fuortset troch in meiwurker, Ronald van Baekel. Yn 2003 ferhuze it bedriuw nei Hillegom en fuortset ûnder de namme: Adema's Kerkorgelbouw, mar de famyljebân mei de Adema's wie doe ferbrutsen. Neist restauraasjes waard nij boud:
- 2002 - Laren, Sint-Jansbasilyk