Hillige Geasttsjerke
Hillige Geasttsjerke | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
plak | It Hearrenfean | |
adres | Crackstrjitte 13 | |
koördinaten | 52° 57' N 5° 55' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H.C.M. van Beers | |
boujier | 1932-1933 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 510434[1] | |
Webside | ||
Petrus- en Paulusparochy | ||
Kaart | ||
De Hillige Geasttsjerke is in roomske parochytsjerke op It Hearrenfean. It is ien fan de fjouwer tsjerken fan de Petrus- en Paulusparochy. De oare trije tsjerken steane yn Steggerda, Wolvegea en Frederiksoard. De tsjerke, de pastorij en it oargel yn 'e tsjerke binne ryksmonuminten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de reformaasje begûn it roomske libben yn 1637 wer mei in pionierwurk troch de Laurentius Simons. De pater moast by de katoliken thús de sakraminten jaan en fan in tsjerke wie der yn dy tiid noch gjin sprake. Wis is dat de roomsen yn 1727 wer eigen tsjerke hiene op It Fean en dy stie op it plak dêr no it hûs op nûmer 127 fan It Mar stiet. Dy tsjerke wie 18 by 7 meter. Yn 'e jierren 1840-1841 waard oan it gemeenteplein in 33 meter lange en 14 meter brede nije wettersteatstsjerke foar de parochy boud. De wettersteatstsjerke foldie net al te bêst fanwegen de lokaasje en wie ek al gau te lyts, mar it duorre noch oant de jierren 1930 dat dy tsjerke ferfongen waard troch nijbou op it hjoeddeiske plak sa'n 50 meter bewesten Crackstate, dêr't earder in pleats, it hotel Jorissen stiene en in tennisfjild lei.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 1933 ynwijde trijeskippige tsjerke mei koarte dwersearms is in ûntwerp fan 'e arsjitekt Hendrikus Cornelis Marie van Beers, dy't ek yn Fryslân de krekt wat letter ynwijde Dominikustsjerke yn Ljouwert ûntwurp. De arsjitekt hie ôfskie nommen fan de neogoatyske tradysje dy't de roomske tsjerkebou sûnt de 19e iuw behearske, mar bleau yn syn ûntwerpen wol de spitsbôgen tapassen. It gebou hat in hege toer mei trije klokken en in legere krusingstoer, dy't as ljochtkoepel tsjinnet foar de alterromte. Oan de noardwestlike kant stiet de seissidige doopkapel, tsjintwurdich yn gebrûk as de Marijekapel.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas by de Ljouwerter Dominikustsjerke hat de tsjerke in hiel breed middenskip en twa smelle sydskippen dy't allinne as gongpaad brûkt wurde, sadat safolle mooglik minsken de misse goed folgje kinne. De tolve pylders fan de tsjerke ferwize nei it tal apostels en it netferwulft ferwiist nei de opdracht fan Jezus oan de apostels om minsken te fangen (Lukas 5,1-11).
De pylders binne dekorearre mei bylden fan de fjouwer evangelisten en boppe it heechalter is yn 'e muorre in glêsmozaïek fan in do, it symboal fan de Hillige Geast. It hillichste diel fan de tsjerke, it heechalter mei it tabernakel, wurdt ferljochte troch de finsters fan de krusingstoer fan de tsjerke. De twa sydalters binne oan Marije en Joazef wijd.
Njonken liturgysk reau binne ek ferskillende bylden meinommen út de âlde tsjerke. De kânsel hat ek noch yn de wettersteatstsjerke stien en komt út it atelier fan de byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg. By it ferhûzjen fan de kânsel nei in oar plak waard de poat fan de kânsel brûkt foar de altertafel.
De tsjerke hie ynearsten in provisoaryske krúswei fan Toorop-reproduksjes. Yn 1990 is de hjoeddeiske neogoatyske krúswei oankocht yn Ierlân. Ien fan de staasjes ûntbriek en is yn deselde styl nij makke.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1867 boud troch de bruorren Adema fan Ljouwert. Ynearsten hie it tsien registers op twa manualen en oanhongen pedaal. Yn 1873 waard it útwreide, mar yn 'e jierren 1910-1912 waard dy útwreiding werom draaid. Troch de ferhuzing nei de nije tsjerke en it plak op it balkon moast it oargel oars opsteld wurde en gie de âlde oargelkas ferlern. De bruorren Reil út Heerde hawwe it oargel yn 1986-1990 restaurearre en wat útwreide. It oargel ferhûze doe fan it balkon nei in plak foar yn de tsjerke. By dy gelegenheid is mei help fan tekenings ek de oargelkas wer rekonstruearre. It ynstrumint hat tsjintwurdich 15 registers op twa manualen en pedaal. Ek it oargel is in ryksmonumint.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|