Sint-Werenfridustsjerke

Ut Wikipedy
Sint-Werenfridustsjerke
bouwurk
Sint-Werenfriduskerk Noard175 Workum.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Workum wapen.svg Warkum
adres Noard 175
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1876-1883
arsjitekt Alfred Tepe
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39479 [1]
offisjele webside
Titus Brandsmaparochy

De Sint-Werenfridustsjerke yn Warkum is in roomsk-katolike pseudo-basilikale krústsjerke út 1877.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neogoatyske tsjerke, dy't in âlder bouwurk ferfong, waard neffens in ûntwerp fan arsjitekt Alfred Tepe boud, dy't fjouwer tsjerken yn Fryslân boude. De toer is 65 meter heech.

De tsjerke is sûnt 1976 ryksmonumint en waard tusken 1989-2003 restaurearre. It oargel waard yn 2004 restaurearre. De tsjerke krige in bedrach fan 2,7 miljoen gûne om't it as kanjermonumint oanmerkt wie. In kanjermonumint is in ryksmonumint dat in restauraasje-efterstân hat en ekstra jild krijt)

Yn de tsjerke sitte brânskildere ramen, byldhouwurken en krúsweistaasjes. It heechalter en de sydalters komme út it atelier fan byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg.

Yn de eardere pastorij fan de tsjerke sit it Museum foar Tsjerklike Keunst mei in kolleksje roomske gebrûksfoarwerpen en in oantal skilderijen fan pastoar Janning silger.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerke-oargel út 1884 waard troch Adema út Amsterdam boud.

Sluting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2020 waard bekend makke dat de út 1877 datearjende tsjerke in oare funksje kriget. It plan is om 25 apparteminten foar dementearjende âlderen yn de tsjerke te bouwen. De ferbouplannen moatte noch goedkard wurde troch de biskop.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: