Museum foar Tsjerklike Keunst
It Museum foar Tsjerklike Keunst, oprjochte yn 1985, sit oan It Noard yn Warkum neist de Sint-Werenfridustsjerke yn de pastorije. It museum giet út fan de Pastoar Janning Stifting.
De kolleksje jout omtinken oan it 'rike roomske libben' middels liturgyske klean, tsjerklik sulver, bylden en oare keunstskatten. De kolleksjes binne ferdield oer meardere romtes. De grutte keamer wurdt brûkt foar wikseleksposysjes en kryststâltsjes.
Sa is der in weardefol stik Ald-Warkum yn de Warkumerkeamer, ein 18e iuw ynrjochte yn in hûs oan it Súd yn Warkum en sûnt 1998 ûnderbrocht yn it museum. De wannen fan dy keamer hawwe tegeltablo's mei foarstellings fan de fjouwer seizoenen. Meiïnoar binne der sa'n 1500 tegels.
Yn de gong hinget in 14 tal krúsweistaasjes (1924) út de skoalle fan Toorop. Yn de treppehal hingje skilderijen fan de yn 1980 ferstoarne pastoar.
Op de earste ferdjipping fan it museum steane houten bylden fan skipsbouwer Nanning Hendrik Bulthuis (1885-1977). Yn de middelste keamer (boppe) binne in fraai beskildere kast (1728), fitrines mei tsjerklik sulver en in kolleksje liturgyske klean. Yn de foarste keamer is ek tsjerklik erfguod te sjen.
Der hingje ek in tal skilderijen fan pastoar Janning silger. Johannes-Hendrikus Janning waard 1914 berne yn Nieuw Schoonebeek. Nei syn wijing as pryster yn 1940 waard er kapelaan yn Vianen, 's Heerenberg en Snits (1947-1956). Oant 1965 wie er pastoar yn Heech en dêrnei yn Warkum. Hy sette him yn foar de earste grutte opknapbeurt fan de Werenfridustsjerke. As leafhawwerij skildere hy as naïve keunstskilder samle tsjerklike keunst. Dy samling wie de basis foar it lettere museum. Yn de Warkumer Keamer út 1797, yn de pastorije, is in tegelkeamer mei 1500 tegels mei dêrop de fjouwer seizoenen. It besjen wurdich is de twa meter hege en achttjin meter lange lambrisearring yn de Janningkapel, dy't út in tsjerke yn East-Dútslân komt. Opfallend binne de werjeften fan útsniene skilderijen fan Rafael en de bruorren Van Eijk.
It neogoatyske tsjerkegebou út 1877 is ek te besichtigjen. De boumaster Alfred Tepe liet him ynspirearje troch de Westfaalske- en Nederrynske goatyk. De geve en rynske fersiersels yn de foarm fan beskilderingen, byldhouwurken en brânskildere ramen dogge feestlik oan. Oan de muorren hingje krúsweistaasjes, dy 't yn 1851 troch de fryske skilder Otto de Boer makke binne.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |