Dominikanekleaster (Swol)
Dominikanekleaster
Dominikanenklooster | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Oerisel | |
plak | Swol | |
adres | Assendorperstraat 29 | |
koördinaten | 52° 30' 29" NB, 6° 6' 0" EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Utert | |
patroanhillige | Tomas fan Akwino | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J.Kayser, G. Pickel | |
boujier | 1899-1901 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintnûmer | 41547 | |
Webside | ||
www.kloosterzwolle.nl | ||
Kaart | ||
De Dominikanetsjerke is mei it oangrinzgjende kleaster oan 'e Assendorperstraat in ryksmonumint yn 'e Oeriselske stêd Swol.
It earste kleaster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mear as fiif iuwen lyn kochten de preekhearen in lape grûn oan bûten de stedsmuorren fan Swol om dêr in kleaster te bouwen. Earste prior fan de mienskip wie Engelbertus Messenmaker út Sutfen. Der waard in twaskippige halletsjerke sûnder toer boud, dy't om en de by yn 1493 foltôge waard. Yn it kleaster wenne en ferstoar yn 1475 de Bretonske muonts Alanus de Rupe, de útfiner fan de roazekrâns.
Alhoewol't de Dominikanen nei de reformaasje net langer wolkom wiene yn Swol, bleau dat earste kleaster as gebou bewarre en wurdt it tsjintwurdich brûkt troch it Stedelijk Conservatorium (kleaster) en in boekhannel (tsjerke).
It hjoeddeiske kleaster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it begjin fan 'e 20e iuw stiften de preekhearen op 'e nij in kleaster yn Swol en lieten troch de arsjitekt J. Kayser út Maastricht in nij kleasterkompleks bouwe. De earstestienlizzing fûn op 3 maaie 1900 plak en op 12 desimber 1901 wie it safier dat de earste bewenners harren yn it kleaster fêstigen. Yn it begjin fan 1902 waard ek de kleastertsjerke foltôge. Op 19 augustus fan dat jier fûn de konsekraasje fan de trijeskippige oan 'e hillige Tomas fan Akwino wijde tsjerke plak. It kleaster waard troch frater-studinten en harren dosinten, bruorren en paters bewenne.
Yn 1933 waard it kleaster troffen troch in grutte brân dy't de hiele boppeferdjipping fan it kleaster ferwoastge. Om't it tal bruorren tanaam waard tagelyk mei de renovaasje it kleaster mei in ferdjipping ferhege. Oant yn de jierren 1950 wennen der noch likernôch tachtich bruorren yn it kleaster.
Sûnt it ferdwinen fan de oplieding yn de jierren 1960 en de delgong fan de it tal dominikanen yn oplieding ferhiert it kleaster romten dy't net mear nedich binne. It ûnderhâld fan it kompleks waard yn 1995 oerdroegen oan in stifting.[1]
De kleastertsjerke is sûnt 1965 ek in rektoraatstsjerke en wurdt regelmjittich iepen steld foar besichtiging. Saterdeis en sneins wurde der tsjinsten holden.[2]
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kompleks waard yn neogoatyske styl oplusten. Njonken de krúsbasilyk leit it kleaster mei fjouwer fleugels om kleastergong mei in binnenhôf hinne.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sydalter
-
Fesperbyld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|