Sint-Ludgerustsjerke (Balk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Ludgerustsjerke)
Sint-Ludgerustsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Balk
adres Riedhûsstrjitte 44
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1883
arsjitekt Alfred Tepe
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 513656 [1]
offisjele webside
Side H. Kristoffelparochy
FB-side fan de tsjerke

De Sint-Ludgerustsjerke is een trijeskippige roomske pseudobasilyk yn Balk. Patroanhillige is Sint Ludger (Ludgerus, Liudger).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It neogoatyske bouwurk út 1883 waard ûntwurpen troch de arsjitekt Alfred Tepe, dy't fjouwer tsjerken yn Fryslân boude. It is ien fan de tsjerken fan de Hillige Kristoffelparochy, dêr't roomsk Bakhuzen, De Jouwer, De Lemmer, Sint-Nyk, Sleat en Wâldsein by oansletten binne.[2]

Lykas de tsjerke is ek de oanbuorjende pastorij in ryksmonumint. De pastorij wurdt tsjintwurdich brûkt foar de opfang fan pjutten.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It neogoatyske heechalter (1899) komt út it atelier fan de byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg en stie oant 1963 yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke yn Swol. De sydalters binne oan Marije en it Hillich Hert wijd. De brânskildere ramen komme út it atelier Kocken yn Utert.

Jacob Michiel Ydema skildere de krúswei yn 'e Twadde Wrâldkriich. Ek yn de kapel is wurk fan de skilder te sjen (de doop fan Jezus en de úttocht yn Egypte).

Yn de toer hingje twa klokken útt 1947 en út 1995.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1910 is fan Adema en is boud mei ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn de rin fan de tiid binne der in pear feroarings útfierd oan de disposysje. Adema restaurearre it oargel yn 1985, dat sân registers teld. In skilderij fan Sint-Sesilia, beskermhillige fan de tsjerkemuzyk, fersierd de oargelkas.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: