Stichting Alde Fryske Tsjerken
De Stichting Alde Fryske Tsjerken, fêstige oan 'e Emmakade yn Ljouwert, is in organisaasje dy't bedrige tsjerken, tuorren en klokkestuollen oernimt, se restaurearret en der in nije bestimming foar siket.
De stichting is der komd op inisjatyf fan de provinsjale Tsjerkfâdij-Kommisje fan de Herfoarme Tsjerke yn Fryslân en nei Grinslanner foarbyld oprjochte yn 1970. Se wurdt holpen troch in soad frijwilligers en donateurs. De Stichting organisearret ekskurzjes en jout publikaasjes út yn in ringbân. Se hat in oerwurk- en in oargelkommisje dy't advisearje. Der is in deistich bestjoer, in algemien bestjoer en in ried fan advys.
Troch de ûnttsjerkliking en it gearfoegjen fan herfoarme en grifformearde tsjerkegemeenten wurdt in grut oantal tsjerkegebouwen oerstallich. De stifting nimt allinnich tsjerkegebouwen oer dy't ryksmonumint binne. De stifting hat sa'n fjirtich tsjerken yn Fryslân en twa klokkestuollen (Goaiïngaryp en Nijeholtwâlde) yn behear (sitewaasje 2013).
Tsjerken
Plak | Tsjerke | Ofbyld |
---|---|---|
Allingawier | ||
Bears | ||
Blessum | Ofbyld:Tsjerke.gif | |
Boarnwert | Marijetsjerke | |
Boer | ||
Boksum | ||
Britsum | ||
Britswert | ||
Eastrum | Sint-Nikolaastsjerke | |
Feinsum | Sint-Fitustsjerke | |
Foudgum | Marijetsjerke | |
Ginnum | ||
Hantumhuzen | ||
Hegebeintum | Tsjerke fan Hegebeintum | |
Hijum | ||
Jorwert | Tsjerke fan Jorwert | |
Jouswier | ||
Ketlik | ||
Koartsweagen | ||
Lichtaard | ||
Lytsewâld | ||
Nijeholtwâlde | ||
Olterterp | Sint-Hippolytustsjerke | |
Peins | Sint-Gertrudistsjerke | |
Raard | Jehannes de Dopertsjerke | |
Sibrandahûs | ||
Sint Jabik | Groate Kerk | |
Skalsum | Nikolaastsjerke | |
Skuorregea | ||
Swichum | Nikolaastsjerke | |
Ter Idzard | ||
Terbant | Rotondetsjerke | |
Twellingea | ||
Westhim | Bartolomeüstsjerke | |
Westernijtsjerk | ||
Wetsens | Sint-Fitustsjerke_(Wetsens) | |
Wier | ||
Sweins | Reginatsjerke |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|