Sacha
Republyk Sacha Республика Саха (Якутия) (Russysk) | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | autonome republyk |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Fiere Easten |
ekonomyske regio | Fiere Easten |
haadplak | Jakûtsk |
grutste plak | Jakûtsk |
taal | Russysk, Jakûtysk |
Etnyske groepen | Jakûten (48,7 %) Russen (36,9 %), Ewinken (2,2 %) Oekraïners (2,1 %) 2010 |
sifers | |
ynwennertal | 992.115 (2022) |
oerflak | 3.083.523 km² |
befolkingstichtens | 0,32 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 27 april 1922 |
tiidsône | UTC+9 UCT+10 UTC+11 MSC+6 MSC+7 MSC+8 |
koördinaten | 66° 24' N 129° 10' E |
webside | sakha.gov.ru |
De Republyk Sacha, ek Jakûtsje (Russysk: Якутия, Jakûtysk Саха Сирэ), is in republyk yn it noardeastlike diel fan Azjatysk Ruslân. Sacha is wat oerflak oanbelanget it grutste dielgebeit fan Ruslân.
Geografy
It oerflak fan de republyk is mei 3.083.523 km² in bytsje lytser as Yndia en grutter as Argentinië en Kazachstan tegearre. Jakûtsk leit yn it noardwestlike diel fan it Fiere Easten. It grinzget yn it easten oan it okrûg Tsjûkotka en de oblast Magadan, yn it súdeasten oan de kraj Chabarovsk, yn it suden oan de oblast Amoer en yn it westen oan de kraj Krasnojarsk.
Yn it noarden foarmet de Arktyske Oseaan mei tusken de Nordvikbocht en de Anabarbaai as noardlikste punt fan it fêstelân Kaap Paksa in natuerlike grins. Noardlik fan de republyk lizze de Nijsibearyske eilannen, werfan't it Henrietta-eilân it noardlikste eilân fan de republyk is. Kaap Tsjeljûskin yn de oanbuorjende kraj Krasnojarsk leit noch 400 km heger en foarmet it noardlikse punt fan it fêstelân fan de Alde Wrâld.
De meast sudlike punt fan Sacha leit yn it heechlân fan Aldan op deselde geografyske breedte as Kopenhagen. Yn it westen fan de republyk leit it Sintraal-Sibearyske berchlân en dan eastliker geane de bergen oer yn de Lena-delte, it Verchojanskberchtme, Tsjerskigebergte, it Jana-Indigirkalaeechlân oant it Kolyma-Leechlân yn it noardeasten. Mear as 40 % van it grûngebiet fan Sacha leit bûten de poalsirkel.
It grutste diel fan de republyk wetteret ôf op de Lena. Njonken de Lena binne oare grutte rivieren de Viljûj en de Aldan, beide sydrivieren fan de Lena, en de Indigirka en de Kolyma. Mear as 80 % fan it gebiet bestiet út bosk.
It klimaat is kontinintaal en hat lange winters mei koarte simmers. Winters duorje yn Jakûtsje fan april oant oktober. It temperatuerferskil tusken de kâldste moanne (jannewaris) en de waarmste moanne (july) is 70 oant 75 graden.
It hiele gebiet fan de republyk bestiet in soad út permafrost. Oerstreamings fan de legere dielen fan de republyk komme faak foar as simmerdeis snie en iis rane.
Yn it gebiet komme 250 fûgelsoarten foar, mei seldsume fûgels as de wite en de swarte kraanfûgel, de lytse wylp en de falk. Sûchdieren binne û.o. iisbearen, sabelmarters, sniehazzen, rindieren, poalfoksen, sibearyske wezelingen, harmelingen, edelherten en Amerikaanske nertsen. Op de tûndra is de muskusokse yntrodusearre. Fan de 50 fisksoarten komme de salm en wytfisk it measte foar.
Befolking
Jakûtsje is ien fan de tinst befolke gebieten fan de Russyske Federaasje. De grutske etnyske mienskip wurdt foarme troch de Jakûten, in Turksk folk. Oant 1900 wennen der yn it gebiet allinne ynhiemske folken. Njonken de Jakûten hearre dêr ek de Ewinken, Ewenen, Dolganen, Tsjûktsjen en Jûkagieren ta. Yn de Sovjettiid kamen in soad nije ynwenners nei it gebiet. Sa naam it tal etnsyke groepen ta. Under de nije folken wiene Russen, Oekraïners, Wyt-Russen, Bûrjaten en Tataren. Troch de migraasje wiene de Jakûten yn 1989 yntusken in minderheid woarn, wylst de Russen in krappe mearderheid fan de befolking útmakken. Tsjintwurdich binne de ferhâldings wer oarsom en foarmje de Jakûten de grutste etnyske groep. In soad migranten, dy't eartiids yn de eardere mynbou wurken, binne wer ôfset nei oare dielen fan Ruslân, wylst der mei migranten út de Sintraal-Aziatyske republiken út de eardere Sovjetuny nije minderheden ûntstiene.
De offisjele talen fan de republyk binne Jakûtysk en Russysk. Op de plakken dêr't lytsere ynlânske folken konsintrearre wenje garandearret de grûnwet fan de republyk likense taalrjochten.
De lânseigen befolking fan it gebiet waard yn de 18e iuw massaal doopt.
Befolkingsferrin
Jier | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1992 | 2002 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 413.876 | 487.372 | 666.746 | 851.840 | 1.094.065 | 949.280 | 949.347 | 992.115 |
Ekonomy
Sacha is ryk oan grûnstoffen lykas edelmetalen, oalje, ierdgas, koalen en diamanten. It oandiel fan it gebiet yn de diamantwinning yn 'e wrâld leit oer de 13 %. Sûnt de ûntbining fan de Sovjetuny besit de republyk it rjocht de rûge diamanten sels te bewurkjen; yn de kommunistyske tiid moasten de rûge diamanten nei Moskou stjoerd wurde.
It grutste gasfjild Mastach hat in 400 km lange piipline nei de haadstêd Jakûtsk. Al yn de tiid fan de Sovjetuny soene der ek piiplinen foar de eksport oanlein wurde, mar der binne noch gjin projekten útein set.
Bestjoerlike yndieling
De republyk Sacha is ferdield yn 34 rajons en de stedsdistrikten Jakûtsk en Zjatai. Haadstêd is Jakûtsk. Plakken mei mear as 20.000 ynwenners binne Nerjûngri, Mirny, Lensk en Aldan (sitewaasje 2021). De kâldepoalen Verchojansk en Ojmjakon hawwe ynternasjonale bekendheid.
Namme | Russysk | Jakûtysk | Ynwenners [1] | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|---|
Jakûtsk | Якутск | Дьокуускай | 341.221 (2022) | 62° 01' N 129° 43' E | |
Nerjûngri | Нерюнгри | Нүөрүҥгүрү | 58.969 (2021) | 056° 39' N 124° 43' E | |
Mirny | Мирный | Мирнэй | 35.416 (2021) | 62° 32' N 113° 57' E | |
Lensk | Ленск | Ленскэй | 23.266 (2021) | 60° 43' N 114° 54' E | |
Aldan | Алдан | Алдан | 20.366 (2021) | 58° 36' N 125° 23' E | |
Aichal* | Айхал | Айхал | 12.727 (2021) | 65° 56' N 111° 29' E | |
Udatsjny | Удачный | Удачнай | 12.198 (2021) | 66° 24' N 112° 18' E | |
Wiljuisk | Вилюйск | Бүлүү | 11.319 (2021) | 63° 45' N 121° 37' E | |
Njurba | Нюрба | Ньурба | 9.761 (2021) | 63° 17' N 118° 20' E|} |
Tiidsônes
blau: Jakûtsktiid | UTC+09:00 |
rôze: Wladiwostoktiid | UTC+10:00 |
read: Magadantiid | UTC+11:00 |
Sacha is it iennige federale dieldistrikt fan Ruslân mei mear as ien tiidsône. Yn Sacha lizze trije ferskillende tiidsônes. Der is lykas yn de rest fan Ruslân gjin simmertiid.
Kaart | tiidsône | Ofk. | Koördinearre Wrâldtiid | Gebiet |
---|---|---|---|---|
Jakûtsktiid | YAKT | UTC+09:00 | Grutste diel fan de republyk | |
Wladiwostoktiid | VLAT | UTC+10:00 | Allinne yn it Ojmjakonski-, Ust-Janski- en Verchojanski-rajon. | |
Magadantiid | MAGT | UTC+11:00 | Allinne yn it Abyjski-, Allaichovski-, Momski, Nizjnekolymski-rajon. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sacha
|