Ewinken

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
wenning fan Ewinken yn it etnografysk museum fan Ulan-Ude, Ruslân

De Ewinken is in nomadysk Tûngûzysk folk út Noard-Aazje. Yn Ruslân (befolking 35.527, 2002) wurde se erkend as ien fan de lânseigen folken fan it Russyske Noarden. Yn Sina (befolking 38.701, 2000) as ien fan de 56 offisjeel erkende etnyske groepen yn Sina. Yn Mongoalje wenje ek in pear tûzen Ewinken.

Ewinken yn Ruslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ewinken wienen eartiids bekend as Tûngûzen. Dy beneaming waard ferspraat troch de Russen, dy't it oernomd hiene fan de Jakûten en de Sibearyske Tataren yn de 17e iuw. De Ewinken neamden harsels lykwols Ewinken en dat waard nei 1931 ek harren offisjele namme. Se waarden ek Oroken (de bewenners fan de Oro(rivier), Orochon (rindierkweker) of Ile (in minsklik wêzen) neamd.

Neist Ewinken steane op de list fan lânseigen folken fan Sibearje ek lyksa neamde groepen as de Evwenen (earder Lamûten). Hoewol't dy groep besibbe is oan de Ewinken, wurden de Ewenen tsjintwurdich beskôge as in aparte etnyske groep.

De Ewinken binne ferspraat oer in ûnbidich grut gebiet yn de Sibearyske taiga fan de Ob yn it westen oant de See fan Ochotsk yn it easten en fan de Noardlike Iissee yn it noarden oant Mantsjoerije en Sachalin yn it suden. It totale gebiet is ± 2.500.000 km², dat is (nei de dat fan de Russen) it grutste wengebiet. De Ewinken libje yn de Oblast Tjûmen, Oblast Tomsk, Kraj Krasnojarsk, Ewinkje, Oblast Irkûtsk, Oblast Tsjita, Oblast Amoer, Boerjaatsje, Jakûtsje, Kraj Chabarovsk en de Oblast Sachalin. 3802 Ewinken libje yn Ewinkje sels, mear as 18.200 in Jakûtsje.

Antropologysk hearre de Ewinken ta de Paleosibearyske groep fan it Mongoalyske type dat ôfstammet fan de âlde Paleosibearyske folken oan de Jenisej oant de See fan Okhotsk. It Ewinksk is de grutste fan de noardlike groep fan de Tûngûzyske talen dêr't ek it Ewiensk en it Negidaalsk ta hearre.

Ewinken fan Sjina[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2000 libben 30505 Ewinken yn Sina, as Soloanen of Kamniganen. 88.8% fan de Sineeske Ewinken libbet yn it noarden fan Binnen-Mongoalje, tichtby de stêd Hailar. Dêr wenje ek 3000 Ewinken yn Heilongjiang.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar harren kontakten mei de Russen, wie de godstsjinst fan de Ewinken Sjamanisme. In soad fan harren namen ek it Tibetaansk boeddisme oer. De Ewinken yn Ruslân én Sina binne bekeard ta it Eastersk kristendom, krektas de buorfolken lykas Ewenen en oare Sibearyske stammen. Hja namen dy godstsjinst oer troch de kontakten by de Russyske ekspânsje yn Sibearje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Evenks (in) De Ewinken yn The Red Book of People of the Russian Empire