Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch
De Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch is in oardering fan ryksmonuminten yn Nederlân, dy't yn 1990 fêstlein waard troch de Rykstjinst foar de Monumintesoarch (no de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed). De Top 100 wie in seleksje út de monuminten dy't it rjocht hawwe en fier it ynternasjonaal kenteken dat heart by de Konvinsje fan De Haach fan 1954 (it blau-wite skyldsje). It wie fierders ûnderdiel fan it doetiidske belied foar kultuerbeskerming yn bûtengewoane omstannichheden. De list hie, ek al waard er yn 't earstoan publisearre as de UNESCO Top 100 fan Unreplike Objekten, neat te krijen mei de Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Foar de hûndert op 'e list fernijde objekten koe in berop dien wurde op ekstra jild foar befeiligingsmaatregels.
List (alfabetysk nei plak)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |