Springe nei ynhâld

Sint-Bavotsjerke (Aardenburg)

Ut Wikipedy
Sint-Bavotsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Aardenburg
adres Sint Bavostraat 5
koördinaten 51° 16'N 3° 26'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Bavo fan Gint
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 6880 6881,
Webside
Side PKN Sint Kruis-Aardenburg
Kaart
Sint-Bavotsjerke (Seelân)
Sint-Bavotsjerke

De Sint-Bavotsjerke (ek Sint-Baafstsjerke) yn Aardenburg yn 'e provinsje Seelân is in protestantske tsjerke yn 'e styl fan de Skeldegotyk. De tsjerke is ien fan 'e monuminten yn 'e Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch en ien fan 'e twa tsjerkegebouwen fan de PKN-gemeente Aardenburg-Sint Kruis.

De oan 'e hillige Bavo wijde tsjerke giet werom op in stifting fanút de Sint-Baafsabdij fan Gint, doe't muontsen op it plak in lyts tsjerkje bouden. Dy romaanske tsjerke baarnde yn 1202 ôf.

Yn 'e 13e iuw wie de befolking fan 'e stêd oanwoeksen. Dat makke ek de bou fan in nije, gruttere tsjerke nedich. It ûnderste diel fan 'e toer út 1220 foarmet mei it âldste diel fan 'e tsjerke, it skip en it dwersskip, yn Nederlân it meast suvere foarbyld fan de Skeldegotyk. De Skeldegotyk is in regionale oergongstyl fan 'e romaanske nei de goatyske arsjitektuer út 'e earste helte fan 'e 13e iuw. Yn dat diel binne stiennen fan in Gallo-Romeinske timpel en fan in poarte fan 'e fersterking ferwurke. Yn 'e 14e iuw waard de tsjerke fergrutte mei de bou fan it heechgoatyske hallekoer.

De skeinde Bavotsjerke fan Aardenburg yn 1944

Yn 'e 17e iuw waard der in wente oan 'e tsjerke boud, dy't tsjintwurdich tsjinst docht as konsistoarje. Mei yngong fan 1625 waard de tsjerke yn gebrûk nommen as kalvinistysk tsjerkegebou. De boppebou fan 'e toer datearret út likernôch 1650.

Troch kriichsgeweld waard de tsjerke ferskate kearen skeind en yn 1582 stielen de Frânsen it lead fan 'e tsjerke. As gefolch fan 'e striid yn 'e Tachtichjierrige Kriich moast de tsjerke yn 'e 17e iuw restaurearre wurde, wêrby it frijkommen boumateriaal fan 'e ôfbrutsen Marijetsjerke brûkt waard. In gevelstien mei it jiertal 1646 mei it wapen fan 'e generaliteit betinkt dy restauraasje.

By de Slach om de Skelde yn 1944 hie de Bavotsjerke slim te lijen fan 'e gefjochten. De toer fan 'e swier skeinde tsjerke waaide yn desimber 1945 ek noch om, mar der folge in restauraasje fan it gebou, dy't yn 1960 ôfsletten waard. By de restauraasje waarden fan binnen beskildere grêven ûntdutsen, dy't út 'e 13e en 14e iuw datearje.

De tsjerke hat in preekstoel út 1760, dy't op it middenpaniel fersierd is met de Ferhearliking op 'e Berch.

Alhoewol't it âlde oargel de oarloch yn ridlike steat oerlibbe, waard it op advys fan de oargelkommisje fan 'e tsjerke dochs ôfbrutsen en ferfongen troch in nij ynstrumint. It nije oargel fan 'e Bavotsjerke waard yn 1955 boud troch de firma D.A. Flentrop. By de bou makke Flentrop gebrûk fan it rêchwurk fan it Courtain-oargel út 'e roomske Sint-Andréastsjerke fan Groessen, dat yn 1680 boud wie. De bypassende oargelkas fan it haadwurk waard troch de arsjitekt E.A. Canneman makke. De oargelkas fan it rêchwurk datearret út 1680. By de bou fan it oargel waard it oargel út de roomske tsjerke fan Groessen as útgongspunt nommen.

It oargel waard yn 2003 restaurearre en fergrutte mei in tal nije registers.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: