Springe nei ynhâld

Aardenburg

Ut Wikipedy
Aardenburg
Westerpoarte
Westerpoarte
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Sluis
Sifers
Ynwennertal2.259 (2026)[1]
Oerflak66,1 km²
dêrfan lân: 31,45 km²
dêrfan wetter: 0,37 km²
Befolkingsticht.102 ynw/km²
Hichte1,5 m
Oar
Postkoade4527
Netnûmer0117
Offisjele webside
www.aardenburg-cultuurstad.nl
Kaart
Aardenburg (Seelân)
Aardenburg

Aardenburg is in stêd yn 'e gemeente Sluis yn 'e provinsje Seelân. It plak leit tichteby de Belgyske grins.

Gemeentlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1995 foarme Aardenburg mei in pear doarpen in selsstannige gemeente. Yn dat jier fusearre Aardenburg mei de gemeente Sluis ta de nije gemeente Sluis-Aardenburg. Yn 2003 gyng dy gemeente wer op yn 'e nije gemeente Sluis. Aardenburg is de âldste stêd fan Seelân.

Hoewol't Aardenburg al yn 'e Stientiid bewenne waard, ûntstie der pas in delsetting fan belang yn 'e Romeinske tiid, doe't yn 'e 2e iuw in castellum oanlein waard om de kustgrins fan it Romeinske Ryk te beweitsjen. Yn dy tiid lei Aardenburg oan in rivierke dat in ferbining mei de see hie. Oft Aardenburg yn dy tiid Rodanum hjitten hat, is net te ûnderbouwen.

Berneskoech út de 2e-3e iuw (Argeologysk Museum fan Aardenburg).

It fort ferlear de militêre funksje om 225 hinne, mar tusken 260 en 274 waard Aardenburg op 'e nij brûkt as fort. Om't de natoerlike sitewaasje feroare en mooglik ek fanwegen oanfallen fan Germaanske stammen, waard it fort letter dochs wer ferlitten. De argeologyske lokaasje fan it fort beslacht in oerflak fan likernôch ien km²; de measte fynsten binne oerbrocht nei it museum.

De Wytsingen makken it foar de muontsen fan 'e Gintske Sint-Baafsabdij dreech om it lân oan te meitsjen, mar nei 925 wie it rêstiger en waard de Sint-Bavotsjerke boud en koe de ekonomy wer herstelle. It midsiuwske Aardenburg, dat ynearsten "Rodanburg" hiet, wie oansletten by de saneamde Flaamse Hânze fan Londen, in bûn fan Flaamske stêden dat hannel dreau mei Londen. Aardenburg hie twa parochytsjerken: de yn 959 troch de Sint-Baafsabdij fan Gint stifte Sint-Bavo en de Marijetsjerke, dy't de grutste wie. Yn 'e Midsiuwen wie de Marijetsjerke in wichtich beafeartsplak, dat in wûnderdiedich Marijebyld besiet. It byld waard yn 1572 troch de wettergeuzen fernield.

Aardenburg yn 1560
Kaart troch Jacob van Deventer

Yn 1187 krige de stêd stedsrjochten en sûnt 1299 waard de stêd fersterke. Yn 1383 waard Aardenburg troch troepen fan Gint ferneatige.

Nei't de steatsksinnigen yn 1604 de stêd ynnamen, folgen mear fersterkings. De stedsdielen dy't bûten de fêsting foelen waarden foar it measte ôfbrutsen. Dêrtroch leit it Marktplein tsjintwurdich oan 'e râne fan 'e histoaryske binnenstêd. Yn 1625 waard ek de midsiuwske Marijetsjerke ôfbrutsen om plak te meitsen foar in nije fersterking.

It Spaanske leger besocht yn 1641 nochris de stêd yn te nimmen troch mei in pear ferklaaide soldaten de stedspoarte mei karren fol granaten op te blazen. In wachter ûntdiek de deis foar dy tiid in Italjaan, dy't him as boer ferklaaid hie en nei ûnderfreging harren plan út de doeken die. Doe't de ferklaaide soldaten mei harren karren tichter by kamen, skeaten de stedskanonnen yn harren rjochting en makken se dat se fuort kamen.

It mislearre belis fan 'e Frânsen (1672).

Nei 1648 rekken de fersterkings yn ferfal, mar yn it rampjier 1672, waarden se by de Frânske ynfal noch brûkt by de ferdigening fan 'e stêd. It slagge de Frânsen net de stêd yn te nimmen. Fan 1688 oant 1701 waarden de bolwurken lang om let sljochte, mar yn it lânskip binne se noch werom te finen. Fan 'e fjouwer stedspoarten bleau allinne de Westerpoarte stean.

Aardenburg waard yn 1830 yn it jier fan 'e Belgyske Opskuor noch in skoftke beset troch de Belgen.

Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waarden de Bavotsjerke en in soad hûzen fernield. By de restauraasje fan 'e tsjerke nei de kriich waarden tweintich fan binnen beskildere grêfkelders ûntdutsen út 13e en 14e iuw. Yn 'e jierren 1950 waarden in soad opgravings útfierd, werby't fjoerstiennen út 5000 foar Kristus fûn binne. Ek de Romeinske delsetting waard doe bleatlein. In soad fynsten binne telâne kommen yn it argeologysk museum, dat yn 1969 iepene waard.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It wichtichste monumint fan 'e stêd is de protestantske Bavotsjerke (Sint Bavostraat). It is yn Nederlân it meast komplete foarbyld fan in tsjerke yn 'e styl fan de Skeldegotyk.
  • De roomske Marije-Himelfeartsjerke oan 'e Weststraat is in neogoatysk gebou mei in geef ynterieur, dy't yn 1850 ynwijd waard. Yn 'e tsjerke stiet it byld fan Us Leaffrou mei de Inketpôt.
  • De Fermanje oan 'e Weststraat is in yn 1793 ta in mennistetsjerke ferboude skuorre. Yn 1888 krige it hûs foar de tsjerke oan 'e strjittekant in neogoatyske foarbou.

Argeologyske Museum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It "Gemeentelijk Archeologisch Museum Aardenburg", Marktstraat 18, besit û.o. in kolleksje út 'e Romeinske tiid, grêfstiennen út it ûnderstrûpte midsiuwske doarp, fjoerstiennen út 5000 f.Kr. en it bonkerak fan in Germaanske strider mei in gat yn 'e plasse.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Aardenburg (stad)