Springe nei ynhâld

De Peperbusse

Ut Wikipedy
De Peperbusse
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Sint Kruis
adres Schoolpad 2
koördinaten 51° 16'N 3° 29'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 6934
Webside
Side PKN Sint Kruis-Aardenburg
Kaart
De Peperbusse (Seelân)
De Peperbusse

De Herfoarme tsjerke of, sa't de tsjerke fanwegen de nea foltôge toer neamd wurdt, de Peperbusse is it tsjerkegebou yn Sint Kruis fan 'e protestantske gemeente Aardenburg-Sint-Kruis yn 'e provinsje Seelân.

De tsjerke heart ta de âldste tsjerkjes fan Siuwsk-Flaanderen en de skiednis der fan giet werom op it jier 1296. Yn dy tiid foel de wierskynlik oarspronklik oan it Hillich Krús wijde tsjerke ûnder de abdij Ter Doest by Brugge.

De westlike toer fan 'e tsjerke datearret út 'e 14e iuw. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard de tsjerke útwreide mei sydskippen fan 'e selde hichte as it middenskip, in dwersskip en in koer.

Yn de Tachtichjierrige Kriich hie de tsjerke slim te lijen fan it geweld. By de renovaasje yn it midden fan 'e 17e iuw waard it beslút nommen de sydskippen, it dwersskip en it koer wer ôf te brekken. It tsjerkeskip waard mei in travee ynkoarte en de arkades dy't eartiids nei de sydskippen iepenen waarden tichtmitsele. Sa ûntstie in foar de kalvinistyske tsjinst geskikte sealtsjerke.

Yn 'e tsjerke stiet in foar in part 17e-iuwske preekstoel en in 18e-iuwske hearebank. Fierder lizze der oer de flier noch in pear grêfsarken, dêr't de âldste fan út it jier 1472 stamt.

Op 'e oargelkreake stiet in grut útfallen kistoargel. It is makke troch de Belgyske oargelmakker Stephan Schumacher út Eupen en ferfong yn 'e maaitiid fan 1991 in oanwêzich harmoanium.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Peter Don, Kunstreisboek Zeeland, hrsg. vom Rijksdienst voor de Monumentenzorg, Zeist 1985.
  • H. Janse: Kerken en torens in Zeeland, Zaltbommel 1969.
  • Reliwiki, oproppen 14.10.2020