Grutte Tsjerke (Doardt)
Grutte Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Doardt | |
adres | Grotekerksplein 8 | |
koördinaten | 51° 48' N 4° 39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Us Leaffrou | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | û.o. Everaert Spoorwater | |
boujier | 14e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 13417 [1] | |
Webside | ||
Side PKN | ||
Kaart | ||
De Grutte Tsjerke is in tsjerke fan 'e herfoarme gemeente yn de Súdhollânske stêd Doardt. De herfoarme gemeente is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
De tsjerke is in krúsbasilyk yn 'e Brabânsk-goatyske styl en waard nei de bou wijd oan Us-Leaffrou. Sûnt 1572 is de tsjerke in protestantsk tsjerkegebou. It monumintale gebou stiet yn de Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de bou fan de Grutte Tsjerke hat op it plak in romaanske foargonger stien, werfan de fûneminten by wurk ûnder it hjoeddeiske tsjerkegebou fûn binnne. De tsjintwurdige tsjerke is in gebou yn in ienfâldige styl fan de Brabânske gotyk en is ien fan de meast noardlike fertsjintwurdigers fan dy styl. It is ek de iennige grutte stedstsjerke fan it eartiidske greefskip Hollân mei folslein stiennen ferwulften.
It âldste diel fan de tsjerke is it Marijekoer, in út 1285 datearjende kapel noardlik fan it heechkoer. Faaks wie de nije status as kapitteltsjerke de oanlieding om út 1367 útein te setten mei in grutte nijbou. De grutte stedsbrân yn 1457 skansearre ek de tsjerke, mar fjouwer jier letter wie de tsjerke wer renovearre. Om 1470 hinne krige de tsjerke syn hjoeddeiske foarm. Sûnt likernôch it begjin fan de 16e iuw waard begûn mei de bou fan de toer, dy't lykwols nea foltôge waard. Der bestiene plannen om in achthoekige bekroaning te bouwen sadat de toer in hichte krige fan 108 meter. Mar de toer begûn te fersakjen en ynstee fan ferheging wiene der plannen om 'e toer ôf te brekken. Lang om let waarden der yn 1626 grutte wizerbuorden op de toer set, dy't dêr ek tsjintwurdich noch binne.[2]
Yn 'e jûn fan 5 oktober 1572 oerfoelen de geuzen de tsjerke; hja ûnthilligen it gebou en diene harren behoeften op 'e alters. Us-Leaffrouwetsjerke waard dêrnei suvere fan alle roomske oantinkens en de fresko's waarden oerkalke; tenei wie de tsjerke in protestantsk gebou.[3]
Fan 19 novimber 1618 oant 27 novimber 1619 hat de synoade yn sân gearkomsten yn de Grutte Tsjerke praat oer de oersetting fan de Bibel.
De tsjerke ûndergyng yn de jierren 1982-1987 foar it lêst in grutte restauraasje.
Op 4 desimber 2010 fûn de offisjele presintaasje fan 'e Oanpaste Steatenoersetting yn de Grutte Tsjerke plak.[4]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut 'e roomske tiid fan 'e tsjerke binne de renêssânse koerbanken bewarre bleaun. De út 1538-1541 stammende banken hawwe op de miserikordes tige detaillearre bibelske en wrâldske foarstellings. Oan 'e noardlike kant fan de koeromgong is in 15e-iuwsk fresko fan Kristus as Man fan Smerten bewarre bleaun. Ek is der in muorreskildering fan Sint-Gislenus mei de roomsk-dútske kening Hinrikus I. Boppe it noarder portaal is in muorreskildering fan in cartouche mei opskrift, dat flak nei de reformaasje oanbrocht waard (1579).
De preekstoel datearret fan 1756, it koperen koerstek fan 1744.
Yn 'e tsjerke lizze in grut tal ryk byldhoude grêven. Ien moarmeren grêf bleau goed bewarre om't de famylje de sark yn de Frânske tiid omdraaie liet, sadat de wapens net fernield waarden.
De tsjerke hat in pear brânskildere ramen, dy't yn de neogoatyske tiid ûntstiene. It raam fan Catharina van Santen (1954) toant wichtige barrens yn 'e skiednis fan Doardt.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Grutte Tsjerke steane trije oargels.
It haadoargel waard yn 1859 troch Willem Hendrik Kam boud efter de yn 1671 troch Nicolaas van Hagen út Antwerpen boude oargelkas. It oargel hat 51 registers op trije manualen en pedaal. Feroarings waarden útfierd troch de firma Bätz-Witte (1869) en de firma Gerrit van Leeuwen (1939). In lange restauraasje fan it ynstrumint, dy't al tsjin it ein fan de jierren 1980 útein sette, waard yn maaie 2021 fasearre foltôge.[5]
Op inisjatyf fan de stifting Bach-orgel Grote Kerk Dordrecht boude Verschueren Orgelbouw in Bach-oargel yn it Marijekoer fan de tsjerke, dat op 26 septimber 2007 yn gebrûk nommen waard.
It tredde oargel is in kammenetoargeltsje út 1785, dat troch P.J. Geerkens boud waard en fiif registers telt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|