Springe nei ynhâld

Man fan Smerten

Ut Wikipedy
Man fan Smerten troch Maarten van Heemskerck.

De Man fan Smerten (ek: Imago pietatis) is in oan 'e Bibel ûntliende foarstelling fan 'e lijende Kristus yn 'e keunst. Kristus wurdt toant mei de krusigingswûnen en de wûne yn 'e side.

De titel fan de foarstelling is ûntliend oan 'e wurden yn Jesaja 53:3:

Ferachte wied er, in ôfgriis foar minsken, in man dy't gjin lijen en gjin sykte besparre bleau, ien dêr't men it gesicht fan ôfkeart; ja wy ferachten him en woenen neat fan him witte.[1]

Imago Pietatis fan Santa Croce in Gerusalemme.

De foarstelling fan 'e Man fan Smerten ûntwikkele him út 'e Epitafiosfoarstelling, dy't mooglik al yn 'e 8e iuw yn 'e byzantynsk-easterske tsjerkekultuer ûnstie. Ynearsten hie de Man fan Smerten de foarm fan in heale Kristusfiguer en dêrfan kaam in ikoan yn 'e tsjerke fan Santa Croce in Gerusalemme yn Rome telâne. Fan dêr wei fûn de foarstelling yn 'e foarm fan manuskripten, de skilderkeunst en byldhouwurk syn paad nei oare dielen fan Europa, dêr't de foarstelling ûnderwerp fan in populêre folksdevoasje waard. Dat waard net yn it lêste plak befoardere troch de fan paus Urbanus ynstelde ôflaten, dy't ferbûn wiene oan it bidden fan 'e sân gebeden fan Sint-Gregoarius.

Yn tsjinstelling ta âldere ôfbylden wurdt Kristus as de Man fan Smerten net as oerwinner fan sûnde en dea of as in triomfearjende kening op 'e foargrûn set, mar as lijend persoan, mei wa't de taskôger in ynderlike relaasje opbouwe moat.

Yn 'e lette midsiuwen wie de Man fan Smerten langer gjin healfiguer mear, mar in folsleine Kristus, somtiden beselskippe fan 'e bylden fan Marije, Jehannes en ingels. Ek de ynstruminten fan it lijen fan Kristus en de switdoek fan 'e hillige Feronika binne dan regelmjittich by de foarstelling te sjen. Op ôfbylden fan 'e Sint-Gregoariusmisse ferskynt de Man fan Smerten op 'e altertafel by de selebrearjende paus.

De Man fan Smerten ferskilt fan it Ecce-homomotyf. Dêr wurdt Kristus toant fuort nei de marteling yn opdracht fan Pontius Pilatus, dêr't de stigmata fan 'e krusiging noch ôfwêzich binne. Ek ferskilt de Man fan Smerten fan 'e Ingelenpiëta, dêr't ingelen om it lichem fan Kristus hinne rouwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bibel út de oerspronklike talen op 'e nij yn it Frysk oerset yn opdracht fan it Nederlands Bijbelgenootschap en de Katolieke Biibelstichting, ISBN 978-90-8912-020-5.