Polder Reahel
Polder Reahel | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Reahel | |
oare ynformaasje | ||
stifting | 1879 | |
behear | Steatsboskbehear |
Polder Reahel is in natoergebiet oan it Margrytkanaal de noardkant fan Stynsgea/Reahel dat beheard wurdt troch Steatsboskbehear.
It gebiet stiet as fergroeven grûn oanjûn op de earste kadastrale kaart fan 1832. De baggelspeesje waard doe mei in baggelbûgel omheech helle en waard dan op setekers te droegjen lein om der turf fan te snijen. De Reahelsterpolder waard yn 1879 oanlein. It doel wie om nei de oankeap fan in stik lân in mole en in moolnerswente te setten.[1] De mole, dy’t it wetter út it leechlizzende moerassige gebiet pompte, baarnde op 10 juny 1910 ôf nei wjerljochtynslach. De mole waard doe ferfongen troch in steamgemaal mei in tsjettelhûs en in hege mitsele piip. Om de hege stookkosten mei stienkoal krige it steamgemaal letter in diselmotor en yn 1946 elektryske oandriuwing. Troch de ûntwettering waard it lân geskikt foar feehâlderij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|